Foarfallen 28 maart - Yn Frankryk begjint in boere-opstân dy't bekend komt te stean as de Jacquerie. 27 juny - Mei it Ferdrach fan Zadar wurde de fijannichheden tusken it Keninkryk Hongarije en de Republyk Feneesje beëinige. Feneesje moat oan 'e súdlike Dalmatyske kust gebiet ôfstean wêrút de Republyk Ragûsa oprjochte wurdt as fazalsteat fan Hongarije. sûnder datum - De sljochtsinnich wurden greve Willem V fan Hollân wurdt út syn amt set en opsletten. Syn broer Albrecht fan Beieren wurdt ruwert foar him yn 't plak en kriget yn dy hoedanichheid it bestjoer oer it hartochdom Beieren-Straubing en de greefskippen Hollân, Seelân en Henegouwen yn 'e hannen.

Berne 20 jannewaris - Eleönoara fan Aragon, keninginne-gemalinne fan Kastylje († 1382) 24 augustus - kening Jehan I fan Kastylje († 1390) 25 septimber - Yoshimitsu Ashikaga, sjogûn fan Japan († 1408)

Ferstoarn 6 jannewaris - Geertrui van Oosten, Hollânsk begyn en mystika (* ±1320) datum ûnbekend Isabella fan Bruce, keninginne-gemalinne fan Noarwegen (* 1272)

Kategory:14e iuw