Élan is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish tusken augustus en oktober 2014 en útbrocht op it album Endless Forms Most Beautiful fan Nightwish út 2015. Élan wie it tredde nûmer op it album en waard op 13 febrewaris 2015 útbrocht as earste single fan it album. It wie de earste single fan Nightwish mei sjongeres Floor Jansen en ek Troy Donockley as offisjeel bandlid.
Oer it nûmer Élan is skreaun troch Tuomas Holopainen. It nûmer giet oer neat oars as de betsjutting fan it libben, wat foar elts persoan oars wêze kin. It is wichtich om dysels oer te jaan oan de 'frije fal' dy't no en dan plakfynt en om net benaud te wêzen foar it paad datst minder faak nimst.
Muzikanten Floor Jansen - Sang Emppu Vuorinen - Gitaar Marko Hietala - Bas & Sang Tuomas Holopainen - Toetsen Troy Donockley - Tin-whistle & Ierske doedelsek, Gastmuzikanten Kai Hahto - Drums Metro Voices - Eftergrûnkoar
Kategory:Liet fan Nightwish Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2015 Kategory:Metalliet