In film, ek wol in rôlprint of in fideo neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op in byldskerm sjen litten wurde, de yllúzje fan beweging wekket. Troch de faasje wêrmei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op it netflues fan it each, liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der ek lûd by de bylden tafoege, wat dy yllúzje noch fierder fuortsterket. Films binne der yn alle mjitten en foarmen, fan koarte stikjes fan in pear sekonden om ien inkeld barren fêst te lizzen, oant ferslaggen fan eveneminten as de Alvestêdetocht, dy't wol tolve oeren duorje kinne. Langere films besteane almeast út trije dielen: de begjintitels, de eigentlike film en de ôftiteling of eintitels.

Der besteane ferskate hjoeddeistige en âldere techniken foar it dragen fan sokke bylden; tsjintwurdich giet it ornaris om in kompjûterbestân. Fertoaning fan films bart bygelyks op in elektroanysk skerm of troch projeksje op lykfol hokker wite eftergrûn, it saneamde "wite doek" (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' brûkt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld yn bioskopen plakfûn, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan thús sjen, op 'e tillefyzje, op dvd of fia it ynternet op kompjûter of smartphone. De ynhâld fan in film is faak in ferhaal of in oare foarm fan fiksje, mar kin ek non-fiksje wêze; yn dat lêste gefal wurdt de film in dokumintêre neamd. Film wurdt ek as in keunstfoarm beskôge, dy't filmkeunst of sinematografy (faak ferkoarte ta sinema) hjit.

Etymology en betsjutting It wurd 'film' ferwiist nei de lange, tinne celluloidstripe dêr't films yn earder tiden op fêstlein waarden, itselde materiaal dat ek bekend is fan 'e negativen fan foto's. By films bestie dat út in rige opinoarfolgjende bylden dy't kilometers lang wêze koe (likernôch 1.600 m foar in oere film). De stripe waard oprôle oanlevere en by fertoaning foar de filmprojektor lâns ôfrôle en dan daliks wer oprôle (dêrfandinne de beneaming 'rôlprint'). It wurd 'film' is ôfkomstich fan it Aldingelske filmen (Midingelsk: filme), dat "membraan" of "foarhûd" betsjutte.

Skiednis Iere ûntwikkelings De skiednis fan 'e film giet werom nei de midden fan 'e njoggentjinde iuw, doe't de Frânske útfiner Andrien Tournachon yn 1858 in trijediminsjonaal selsportret makke dat bestie út ferskate fotografyske bylden dy't fan him makke wiene troch it fototastel om him hinne draaie te litten, wylst er sels folslein stilstean bleau. Neitiid makke de Ingelsman Eadweard Muybridge yn 1878 wat faak beskôge wurdt as de earste echte film, troch in rige bylden efterinoar te pleatsen dy't er sketten hie mei in stik as wat fototastellen dy't yn lineêre rjochting opsteld wiene. Sa slagge it him om yn it filmke dat er de titel Sallie Gardner at a Gallop joech, de bewegings fan in fjouwerjend hynder mei ruter fêst te lizzen.

Wat tsjintwurdich ferstien wurdt ûnder de term 'film', kaam lykwols pas yn 1895 ta stân troch it wurk fan 'e Frânske bruorren Lumière. Dy beide mannen ûntwikkelen nammentlik de sinematograaf, in kamera fan mar 5 kg, dy't bylden fêstlei op in trochsichtige negatyffilmbân. Neitiid koene dy bylden dan yn it tsjuster tsjin in ljochte eftergrûn projektearre wurde, sadat se foar in grutter publyk te besjen wiene. Op 22 maart 1895 fertoanden Auguste en Louis Lumière yn Parys harren earste film, La Sortie de l'usine Lumière à Lyon. Op 28 desimber fan dat jier lieten se tsjin betelling yn 'e Salon indien du Grand Café, ek yn Parys, in rige fan tsien koarte films sjen. Dat wie de earste kommersjele filmfertoaning út 'e skiednis. Dêrnei gie de ûntwikkeling razendfluch. Al yn 1896 waarden yn stêden as Londen, New York en Brussel teäters iepene dy't spesjaal bedoeld wiene foar de fertoaning fan films. Dat soarte gelegenheden krige de namme bioskoop. Yn Nederlân waard yn maart 1896 foar it earst in film fertoand. By gebrek oan bioskopen waarden iere films ek faak yn omreizgjende sirkustinten draaid.

De ierste films bestiene ienfâldichwei út ien statysk shot dat in foarfal of aksje sjen liet sûnder dat der lykfol hokker foarm fan montaazje of oare sinematografyske techniken tapast wiene. Omtrint it begjin fan 'e tweintichste iuw begûnen filmmakkers ferskate los faninoar opnommen stikjes, dy't sênes neamd waarden, as kralen oan in snoer oaninoar te riuwen om sa it ferhaal te fertellen dat se dermei fertelle woene. Noch wer letter waarden ôfsûnderlike sênes ferdield yn ferskate shots, dy't opnommen waarden út ferskillende gesichtshoeken. Ek oare techniken, lykas it bewegen fan 'e kamera, waarden yn dyselde snuorje ûntwikkele as effektive manearen om it fertellen fan in ferhaal mei film te ûnderstypjen. Dêrtroch waard it mooglik om langspylfilms te meitsjen, wêrfan't de earste, de Australyske film The Story of the Kelly Gang, yn 1906 ferskynde. De earste tekenfilm wie Fantasmagorie, út 1908, fan 'e Frânske filmmakker Émile Cohl. Yn deselde snuorje ûntjoech him ek de ierste filmkrityk.

It tiidrek fan 'e stomme film Oarspronklik wie it net mooglik om lûd op te nimmen, en de earste 35 jier fan 'e filmskiednis besloech sadwaande it tiidrek fan 'e stomme film, dêr't net yn praat waard. Dat manko besocht men gauris te ûnderfangen troch hjir en dêr plaatsjes mei tekst tusken de bylden yn te pleatsen. Fierders kaam it benammen op it útbyldingsfermogen fan 'e akteurs oan. Om it publyk net yn stilte yn it tsjuster sitte te litten mei inkeld it gerattel fan 'e projektor op 'e eftergrûn, waard yn 'e bioskoop live-muzyk tafoege troch in spesjaal foar dat doel ynhierde pianist of oargelist. Grutte stedsbioskopen stelden soms sels in hiel orkest op, dat muzyk spile dy't de foarfallen yn 'e film ûnderstipe. Tsjin 'e 1920-er jierren waarden de measte films oan bioskopen oanlevere mei byhearrende blêdmuzyk. Dêrút soe letter de hjoeddeistige filmmuzyk fuortkomme.

Yn Jeropa waard de opkomst fan 'e film fersteurd troch de útbraak fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914, wêrnei't yn grutte, toanoanjaande lannen as Frankryk, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Itaalje, Eastenryk-Hongarije en Ruslân de ûntwikkeling oant 1919 frijwol stil kaam te lizzen. Yn 'e Feriene Steaten, lykwols, koe de ûntjouwing sûnder ûnderbrekking fuortset wurde, mei as gefolch dat it swiertepunt fan 'e mondiale sinematografy yn dat lân kaam te lizzen. Yn 'e 1910-er jierren rekke de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre yn Hollywood, yn súdlik Kalifornje, dat dêr fanwegen syn klimaat en (doe noch) goedkeape grûn tige gaadlik foar wie. De opkomst fan Hollywood waard karakterisearre troch it ynnovative wurk fan regisseur D.W. Griffith, benammen yn films as The Birth of a Nation (1915) en Intolerance (1916). Hoewol't Jeropeeske filmmakkers as Sergej Eisenstein, F.W. Murnau en Fritz Lang, mei it wurk fan Griffith as ynpiraasjeboarne, yn 'e 1920-er jierren harren efterstân gau fuortwurken, kaam de posysje fan Hollywood as filmhaadstêd fan 'e wrâld nea wer yn gefaar.

Yn 'e 1920-er jierren berikte it tiidrek fan 'e stomme film syn hichtepunt mei akteurs as Buster Keaton, Charlie Chaplin en Laurel en Hardy. Tsjin 'e ein fan dat desennium makke de ûntwikkeling fan elektroanyske lûdsopnametechnology it mooglik om in soundtrack fan spraak, muzyk en lûdseffekten, dy't syngroan rûn mei de fisuële aksje, yn in film te ynkorporearjen. Dat resultearre yn it ûntstean fan 'e earste lûdsfilms, dy't yn 't earstoan noch talkies neamd waarden om harren te ûnderskieden fan 'e stomme films. De nije techniken soargen lykwols foar in revolúsje dy't net tsjin te kearen wie, en tsjin 1930 wie de stomme film yn 'e Feriene Steaten frijwol útstoarn. De rest fan 'e wrâld kaam in skoftke efteroan, mar ek dêr ferdwûn de stomme film yn 'e earste helte fan 'e 1930-er jierren.

De ynfiering fan kleur In oare grutte technologyske ûntwikkeling út dyselde snuorje wie de yntroduksje fan 'e kleurefilm. Earder waarden alle films opnommen yn swart-wyt, wêrnei't guon op tiidrôvjende en djoere wize mei de hân ynkleure waarden mei techniken dy't ek nochris gjin 'natuerlike' kleuren opsmieten. De trije-stripsferzje fan Technicolor makke dat lykwols oerstallich en levere ek noch folle moaiere, natuerliker kleuren. Lykwols, hoewol't de stomme film der binnen de koartste kearen ûnder strûpt wie nei't de lûdsfilm ûntwikkele waard, duorre it ôftankjen fan swart-wytfilms yn it foardiel fan kleurefilms folle langer. De earste kleurefilms wiene in stikmannich koarte tekenfilms út 1932. Dêrnei krong kleur ek troch yn koarte live-actionfilms, en doe yn in pear isolearre sênes yn guon langspylfilms. Yn 1935 waard foar it earst in hiele langspylfilm yn kleur makke, Becky Sharp, mar ek dêrnei noch waarden oant yn 'e 1950-er jierren in soad swart-wytfilms produsearre. De reden dêrfoar wie dat kleurefilms rottekrûddjoer wiene, sadat de filmmakkers der tsjinoan skytskoarren. Wat úteinlik de trochslach joech, wie dat kleurefilms yn 'e bioskopen folle mear publyk loeken as swart-wytfilms.

En dêr hiene de filmmakkers ferlet fan, want fan 'e iere 1950-er jierren ôf belune it bioskoopbesyk sterk fanwegen de tanimmende beskikberheid fan (swart-wyt)tillefyzje. Behalven troch mear kleurefilms te leverjen, besochten filmmakkers en bioskoopútbaters it publyk ek werom te heljen troch gruttere byldskermen te ynstallearjen en films yn widescreenformat, polarisearre 3D-projeksje en mei stereofoanysk lûd te meitsjen. Guon wichtige Hollywoodfilms waarden tsjin 'e midden fan 'e 1960-er jierren noch yn swart-wyt makke, mar dy markearren de wiere ein fan it swart-wyttiidrek. Tsjin dy tiid wie nammentlik ek tillefyzje yn kleur te ûntfangen, en it Amerikaanske publyk wegere langer noch foar swart-wytfilms te beteljen. Dat twong alle filmstudio's om oer te gean op it meitsjen fan kleurefilms. Sûnt wurde inkeld noch films yn swart-wyt makke as dêr in sinematografyske reden foar is, lykas by Steven Spielberg syn oarlochsdrama Schindler's List it gefal is.

Diversifikaasje Oarspronklik wiene der acht grutte filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst útmakken. Dat wiene de Grutte 5: 20th Century Fox, RKO Pictures, Paramount Pictures, Warner Bros. en Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Dêropta wiene der de Lytse 3: Columbia Pictures, United Artists en Universal Pictures. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behâlde, en operearre yn haadsaak as stiper en distributeur fan films dy't troch ûnôfhinklike filmprodusinten makke wiene. Nei de 1960-er jierren rekke dit saneamde studiostelsel yn it neigean. Mei trochdat filmtechniken minder djoer waarden, kamen der mear kânsen foar lytsere studio's en foar makkers fan ûnôfhinklike films. Dêrtroch ûntstiene feroarings yn 'e produksje en styl fan 'e films dy't makke waarden. Boppedat ûntstiene ek bûten Hollywood grutte regionale filmyndustryen, lykas Bollywood yn Yndia en Nollywood yn Nigearia. Yn 'e 1990-er en 2000-er jierren waard digitale technology de driuwende krêft efter fierdere fernijings, lykas digitale 3D-projeksje en kompjûtertekenfilms.

It meitsjen fan in film Materiaal Behalven in kamera moat men foar it opnimmen fan in film fansels ek in bylddrager hawwe. Dêrfoar binne ferskate standertmjitten: 70 mm-film of Todd-AO: Fiif perforaasjes oan 'e rânen fan 'e filmstripe per byld. Foarhinne selden brûkt, mar tsjintwurdich hieltyd populêrder fanwegen de opmars fan IMAX. 35 mm-film: Fjouwer perforaasjes per byld. It measte brûkt foar bioskoopfilms. Dit is deselde soarte film dy't ek foar lytsbyldkamera's brûkt wurdt. 16 mm-film: ien perforaasje per byld. Brûkt troch amateurfilmers, mar letter ferkrongen troch 8 mm. Ek brûkt foar filmfertoanings yn húslik fermidden en op skoallen en sa, mar letter ferfongen troch fideo en dêrnei troch dvd. Fierders wol brûkt foar dokumintêres.