De sompereager, ek brune reager (Ardeola ralloides), is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining De sompereager is in lytse, knobske reager dy't bekend stiet om syn opfallende feroaring as er de loft yn giet. Op 'e grûn sjocht de fûgel der brúngielich út, mar yn 'e flecht is de fûgel foar in grut part wyt. It is in lytse reagersoarte fan likernôch 42 oant 47 sm lang. De fûgel hat in koarte, tsjokke nekke en in stevige snaffel. Yn 'e rêst is er oer it generaal striekleurich oant ljochtbrún. De mantel is brún en de nekke is by net-briedende fûgels donker streke. As de fûgel de wjukken nimt falle de sniewite wjukken, sturt en stút op, itjinge kontrastearet mei it brune lichem.
Yn 'e briedttid kriget de fûgel lange giel mei swarte sierfearren op 'e kop dy't oer de rêch hingje. De rêch wurdt mear goudbrún en de snaffel wurdt blau mei in swarte punt. De poaten kinne yn 'e peartiid foar in koart skoft fel read wurde. Nei de briedtiid wurde de fearren wer doffer, de sierfearren koarter en de snaffelbasis meast gielich.
250x250px 250x250px Bûten briedtiid Briedkleed
Fersprieding De fûgel komt foar yn 'e súdlike helte fan Europa, it Midden-Easten en grutte dielen fan Afrika. Yn Europa libbet de fûgel yn Spanje, Súd-Frankryk, Itaalje en de Balkan en om 'e Swarte- en Kaspyske See. Yn Nederlân is de fûgel in seldsume gast. Alhoewol't de fûgel oant likernôch 1880 yn Nederlân briede, wurdt er hjoed-de-dei allinnich noch yn lytse oantallen as dwaalgast sjoen. De measte waarnimmingen binne yn 'e maitiid en simmer as guon fûgels by it lûken te fier nei it noarden trochfleane. Bekende plakken yn Fryslân dêr't de sompereager wolris opdûkt binne bygelyks de Lauwersmar en de polders fan Súdwest-Fryslân.
De fûgel hâldt fan rêstige swietwettergebieten mei in soad begroeiïng, lykas sompen, rivierdelta's en marren mei reid en strûken.
Hâlden en dragen Sompereagers binne skrutene fûgels, dy't tusken it reid goed yn 'e omjouwing opgeane. It briedseizoen rint yn Europa fan april oant july. Syn nêst is in platfoarm fan tûken en reid yn lege beammen, strûken of ticht reid, faak flak boppe it wetter. It wyfke leit meastentiids 4 oant 6 eieren (yn Afrika faak minder, sa'n 2 oant 3). De aaien binne ljocht grienblau fan kleur en net glânzjend. Beide âlden briede op 'e aaien en de piken kommen nei 22 oant 24 dagen út. Al nei twa wiken ferlitte de jongen it nêst om op tûken yn 'e omjouwing te klauterjen, mar se fleane pas nei likernôch 45 dagen.
De noardlike populaasje fan Europa en West-Aazje binne trekfûgel.
Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de fûgel de status fan net bedrige (Least Concern, 2018). Yn guon gebieten nimme de oantallen ôf troch habitatferlies as gefolch fan it drûchlizzen fan sompen. Yn Europa binne de briedpopulaasjes fragmintearre. De grutste populaasjes sitte yn it easten (Ruslân, Turkije, Roemeenje), mar ek dêr is in delgong waarnommen. Yn it Soanje, Frankryk en Itaalje binne troch goede beskerming fan 'e natuergebieten de oantallen wer tanommen en de soarte wreidet syn ferspriedingsgebiet stadichoan nei it noarden ta út. De Europeeske populaasje wurdt tusken 14.300 oant 26.800 pearkes rûsd. Heron Conservation, 14 febrewaris 2026.
250x250px 250x250px Fleanende fûgel Aaien
Sjoch ek feereager lytse wite reager
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sompereager Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda