Teatergroep SULT (SUdwesthoeke LokaasjeTeater) wie in teätergroep út Molkwar, dy't toanielopfierings fersoarge yn 'e hiele Súdwesthoeke fan Fryslân. De teätergroep waard yn 1996 stifte troch in tal toanielleafhawwers om de teäterkultuer fan de Súdwesthoeke te ferbetterjen en te stypjen. De artistike lieding wie jierrenlang yn hannen fan Pieter Stellingwerff.

SULT besocht en organisaarje alle jierren in stik op lokaasje, wêrby't tige bysûndere plakken brûkt waarden. Der waard wurke mei amateurtoanielspilers, wêrby't SULT dan profesjonele help levere. By it meitsjen fan de foarstellings wie it útgongspunt om safolle mooglik minsken út de omkriten fan it plak dêr't spile waard by de produksje te belûken.

Yn augustus 2023 waard bekendmakke dat SULT nei 27 jier besletten hie en hef himsels op. De foarstelling fan dat jiers wie sadwaande de lêste., SULT brekt de tinte ôf, yn: de Ljouwerter Krante, 4 augustus 2023, s. 28-29.

Foarstellings 1996 - Serenade fan Slawomir Mrozek yn de Teatertún yn Riis 1997 - De Bloedbrulloft fan Federico García Lorca op Skarl 1998 - Ajaks fan Sofokles op it Murnser Klif 1999 - SULT Op Sjou op fjirtjin plakken: De man yn 'e bus fan Suzanne van Loohuizen yn in bus De stille besoarger fan Harold Pinter yn in kafee of doarpshûs 2001 - Duvelsied fan Tankred Dorst yn Warns 2002 - Kyp Kwaiut fan Slawomir Mrozek yn Molkwar 2003 - Hinne & Wer yn 'e sylskoalle yn Himmelum: Hinne fan Suzanne van Loohuizen Wer fan Ytsje Hettinga 2004 - Rûn Rjocht, nei Der kaukasische Kreidekreis fan Bertolt Brecht yn it âld suvelfabryk fan Sint-Nyk 2005 - Mem nei Rob de Graaf yn 'e busgaraazje fan NoardNed yn Snits 2006 - In Wintermearke fan William Shakespeare yn de Sândobbe, de sporthal fan Koudum 2008 - Rinoseros 2009 - Heksershol 2010 - Moardwiif 2011 - Redbad 2012 - Ja, ik wol 2014 - De held en syn sokken 2015 - Krang 2017 - Hauken en hazzen 2018 - Zout West 2019 - De Bûsedokter 2021 - It Grutte Swijen: yn ferbân mei Korona gie dizze foarstelling net troch 2023 - Tiid fan Libjen yn Starum

Kategory:Frysk teaterselskip Kategory:Frysk toaniel Kategory:Keunst yn Fryslân Kategory:Harich Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1996 Kategory:Organisaasje opheft yn 2023