Suzan en Freek wie in Nederlânsk pop-duo, dat bestiet út Suzan Stortelder (15 juny 1992) en Freek Rikkerink (29 maart 1993) oprjochte yn 2014 yn de Achterhoeke. It duo brocht yn 2019 syn debútalbum Gedeeld door ons út. Suzan en Freek ha twa studio-albums útbrocht.

Karriêre It jonge keppel makke fan 2014 ôf al guon covers en pleatste dy alle wiken ûnder de namme De Minuut op Facebook. Hja giene yn 2016 firaal troch harren cover fan Don't Let Me Down fan The Chainsmokers. Dy cover waard troch The Chainsmokers ûntdutsen en dield mei de beskriuwing Wow, this made us tear up!, dêr't it filmke wrâldwiid goed miljoen kear nei sjoen waard. Op 30 novimber 2018 brochten se harren earste ep út mei de titel Glass House sessions. Dêr stiene fiif covers op.

Op 2 novimber 2018 brocht it duo syn alderearste nûmer Als het avond is út. De single waard op 23 novimber keazen ta TopSong op NPO Radio 2. Op 1maart waard de single bekroand mei goud, foar seis miljoen streams. De single Als het avond is helle nei 17 wiken nûmer 1 yn de Nederlânske Top 40. Yn de Mega Top 50 kaam de single yn 'e 18e wike op it earste plak terjochte. Yn de Single Top 100 helle er nûmer 3. Op Spotify en YouTube waard de single in stikmannich miljoen kear ôfspile. Ek yn Flaanderen helle de single de hitlisten.

Op 27 septimber 2019 waard harren earste album mei de titel Gedeeld door ons yn Nederlân en Flaanderen útbrocht. Dêrfoar waard de single Blauwe dag útbrocht dy't ek de top 10 fan de hitlisten helle. Op 4 oktober 2019 kaam it album op nûmer 2 yn de albumlisten yn Nederlân en Flaanderen. Mei harren show Als het avond is stiene se sûnt septimber 2019 yn ferskate teäters troch gâns Nederlân hinne.

Yn 2020 wie it duo te sjen yn it program Beste Zangers, dêr't se op 3 septimber de haadgast by wiene en de oare meidoggers harren lieten of favoriten hearre lieten. Yn de wiken dêrnei songen se nûmers sels as Straks is het te laat (cover fan Diggy Dex), Butterflie instead (cover fan K's Choice), 't Geeft niet (in bewurking fan in Ingelsktalich duet tusken Milow en Matt Simons), Papa (cover fan Stef Bos) en Het spijt me niet (cover fan Tabitha) foar de oare artysten dy't dêr wer earegast wiene. Yn 'e maitiid fan 2020 ferskynde de single Weg van jou dy't yn de Top 10 fan de hitlisten bedarre. Dy simmerdeis folge de single De Overkant, yn 'e mande mei rapper Snelle en in oade oan al harren thúskrite Achterhoeke. It liet stie 20 wike yn de top 40. Suzan en Freek krigen letter dat jier ek in Edison yn de kategory Nederlânsktalich foar harren album, dat tagelyk platina wurden wie.

Ier 2021 die it duo mei mei De Vrienden van Amstel LIVE!. Dat waard online dien, yn ferbân mei de koronapandemy . Hja songen harren eigen nûmers, mar songen ek tegearre mei Maan en Snelle it nûmer Ze huilt maar ze lacht. Ek waarden Suzen en Freek fan maart ôf part fan de gelegenheidsformaasje The Streamers, dy't yn de koronapandemy fergees livestream-konserten joegen. Nei't de koronaregels foar it grutste part fersoepele waarden, kundige de formaasje ek konserten mei publyk oan. Yn maart dat jiers ferskynde de single Goud dy't noch in gruttere hit as harren hit dêrfoar waard. It duo hie ûnderwilens, omreden de lege aginda sûnder optredens in soad tiid en meitsje in nij album. Dat waard yn oktober útbrocht ûnder de titel Dromen in kleur nei't de Top 10-hit Onderweg naar later ferskynde.

Ier 2022 diene Suzan en Freek in útferkochte kluptoer by ferskate poadiums troch hiel Nederlân del. Om dyselde tiid hinne ferskynde de single Honderd keer en krigen se in twadde Edison foar it album Dromen in kleur. Op 23 en 24 april 2022 stei it duo foar de earste kear mei twa útferkochte konserten yn de Ziggo Dome yn Amsterdam. Hja krigen eare fan it publyk en sjoernalisten, dy't dêrnei skreaune fan "harren positive útstrieling sloech oer op it publyk, dêr't in soad frolike gesichten te sjen wiene", en dat se "as sjongers net skitteren, dochs se fertale it libben yn goedwollende lieten dy't net skuorre en skokke, mar krekt fersêftsje en ferhulle". Suzan en Freek sels beskreaune de konserten op it ferneamde Amsterdamske poadium as in "dream dy't útkomt".

Op 9 desimber 2022 kundigen Suzan en Freek op Instagram oan in dokumintêre makke te hawwen oar harren libben, karriêre en hoe't se dêr foar harsels de balâns yn besykje te finen. Op 13 jannewaris 2023 ferkynde Suzan & Freek: Tussen jouw en mij op Netflix.

Op 21 septimber 2023 stiene se yn it útferkochte Keninklik Teäter Carré yn Amsterdam en presintearje harren tredde album, Iemand van vroeger, dy't op 22 septimber útkaam. It album befet ferskate singles dy't earder al ferkynd waarden: Nooit meer regen, Honderd keer, Kwijt, Slapeloosheid en Vas-y (ga maar) (mei Claude). Op 10, 11 en 12 novimber 2023 wiene Suzan en Freek fannijs yn 'e Ziggo Dome. Datkear trije dagen efetrinoar dêr't trije jûnshows en ien middeishow. Op 2 desimber 2023 boasken Suzan Stortelder en Freek Rikkering yn stiltme mei-inoar, nei't se fyftjin jier in relaasje hân hawwe.

Suzan en Freek treden op by Keningsdei 2025 yn Doetinchem.

Sykte Op 27 maaie 2025 makke it duo fia Instagram buorkundich dat by Freek útsiedde longkanker fêststeld wie. Tagelyk makken se bekend dat Suzan swier is fan harren earste bern. It sjongersduo hat do besletten om fuortendaliks mei harren optredens en wurk op te hâlden. Hja soene oars noch trije dagen letter yn de Ziggo Dome optrede.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op SinglesGedeeld door ons27 septimber 2019Als het avond is,Blauwe dagDromen in kleuroktober 2021Onderweg naar laterLiefde voor muziek20 maaie 2022Dit is voor jouwIemand van vroeger22 septimber 2023KwijtSlapeloosheidNooit meer regenVas-y (ga maar) (mei Claude)

Keppelings om utens Biografy Suzan & Freek Suzan & Freek op Last.fm Suzan & Freek op MusicMeter

Kategory:Nederlânske popgroep Kategory:Band oprjochte yn 2014