Hendrikus Cornelis Jacoba Vrienten (Hilvarenbeek, 27 july 1948 – 25 april 2022), wie in Nederlânsk sjonger, bassist, gitarist en pianist. Hy waard benammen bekend as de sjonger fan de band Doe Maar.
Kariêrre Yn de jierren sechtich spile er yn ferskate popgroepen, wêrûnder yn Les Cruches. Yn de jierren santich skreau er muzyk foar oare artysten, wêrûnder twa Ingelsktalige nûmers foar it krystalbum út 1975 fan The Cats.
Doe Maar Yn 1980 waard Vrienten frêge om sjonger en bassist te wurden by de band Doe Maar as ferfanger fan de opstapte Piet Dekker. Mei Doe Maar hat Vrienten fjouwer studio-albums útbrocht
Vreemde Kostgangers (2016-2021) Yn 2016 rjochte er tegearre mei George Kooymans fan de Golden Earring en Boudewijn de Groot de groep Vreemde Kostgangers op. Mei Vreemde Kostgangers hat Vrienten twa studio-albums útbrocht.
Solo karriêre Al fan de jierren 70 ôf wie Vrienten aktyf as solo-artyst; hy brocht ûnder de namme Ruby Carmichae twa singles út en ûnder de namme Paul Santos in studio-album. Yn 1977 gie er mei Ernst Jansz en Bouwdewijn de Groot op toernee. Yn 1984 brocht er it studio-album Geen ballade út, de earste ûnder syn eigen namme. Solo hat er sân studio-albums útbrocht.
Privee en ferstjerren Henny Vrienten boaske yn 1984 foar it earst. Hy krige twa soannen en in famke út dat houlik. Yn 2000 skate er en in jier letter boaske er Gala Veldhoen, dêr't er twa soannen mei krige.
Op 25 april 2022 makke konsertorganisator Mojo Concerts buorkundich dat Henny Vrienten yn de âldens fan 73 jier ferstoarn wie. Hy wie al in skoftke siik.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Paul Santos1977Paul Santos(pseudoniem fan Vrienten)Skunkmaart 1981Doe Maar32 jaar (Sinds 1 dag of 2),SmoorverliefdDoris Day en andere Stukkenmaart 1982Doris Day,Is dit alles4us11 maart 1983Pa,1 Nacht alleen,NachtzusterGeen ballade1984Henny VrientenAls je wint (ft. Herman Brood)Mijn hart slaapt nooit1992Het Scharrelvarken,ZonnebrilKlaar14 april 2000Doe MaarWatjeAardige jongens2008Henny VrientenEn toch...2014Alles is anders2015Vreemde Kostgangers24 febrewaris 2017Vreemde KostgangersNachtwerk24 novimber 2017Tussen de regels2019Henny Vrienten
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk popartyst Kategory:Nederlânsk bassist Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1948 Kategory:Persoan stoarn yn 2022