Douwe Bob Posthuma (Amsterdam, 12 desimber 1992) is in Nederlânske sjonger. Yn 2012 die Douwe Bob mei oan de talintejacht De beste singer-songwriter van Nederland. Douwe Bob brocht yn 2013 syn debútalbum Born in a storm út. tegearre mei Gers Pardoel en Kensington wie Douwe Bob op 5 maaie 2014 Ambassadeur van de vrijheid en gie mei in helikopter in tal befrijdingsfestivals bydel. Yn 2016 fertsjinwurdige Bob Nederlân op it Eurovisiesongfestival mei it nûmer Slow down, hy behelle yn de finale in alfde plak. Douwe Bob hat fiif studio-albums útbrocht. In 2018 wie Douwe Bob ien fan de fjouwer coaches in it sande seisoen fan de talinetejacht The Voice Kids.

Priveelibben Douwe bob waard berne as soan fan keunstner Simon Posthuma en dûnseres Ellen Benard. Douwe Bob is in healbroer fan keunstneres Roselie Posthuma. Syn famylje is fan Frysk komôf.Wat er Fries is aan Douwe Bob Ljouwerter Krante Desimber 2021 waard Bob heit fan twa dochters en yn maaie 2022 fan in soan berne út trije iepen relaasjes.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesBorn in a storm3 maaie 2013RodeomediaMulticoloured Angels,Blind Man's Bluff,Stone Into the River",You Don't Have to StayPass it on15 maaie 2015UniversalHold Me (ft. Anouk)Fool bar6 maaie 2016Slow down,How lucky we are,Jacob's songThe Shape I'm In9 novimber 2018Shine,I Do,ConsiderBorn to win, born to lose28 maaie 2021Hold on,Was It Just Me

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk americana-artyst Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Dielnimmer oan it Eurofyzjesjongfestival Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1992