thumb|Microsoft-opliedingssintrum Microsoft Corporation is in Amerikaanske kompjûtersoftwareprodusint fêstige yn Redmond (Washington). It bedriuw is benammen bekend om de bestjoeringssystemen MS-DOS, Windows en kantoarsoftware lykas Microsoft Office. It bedriuw ferkeapet ek toetsebuorden, kompjûtermuzen en ferskate kompjûterspullen. Fan de kompjûterspullen is de Age of Empires rige bekend. Microsoft ûntwikkelet ek spullen foar syn eigen spulkompjûter: de Xbox en foar de opfolger fan de Xbox, de Xbox360.
Programma's Dit binne de meast wichtige programma's dy't microsoft útjûn hat:
MS-DOS Microsoft Dynamics Microsoft Encarta Microsoft Flight Simulator Windows Live Messenger Windows Live OneCare Windows Live Mail Desktop (e-mail) Microsoft Musical Instruments Microsoft Office Microsoft Access Microsoft Excel Microsoft Outlook Microsoft PowerPoint Microsoft Visio Microsoft Word Microsoft FrontPage Microsoft Groove Microsoft OneNote Microsoft Infopath Microsoft Publisher Microsoft Project Microsoft Sharepoint Portal Server Microsoft SQL Server SQL Reporting Services Visual Studio VirtualPC Microsoft Windows Microsoft Internet Explorer Microsoft Outlook Express Windows Media Player Windows Sharepoint Services Microsoft Works Xenix
Skiednis Yn 1975 waard it bedriuw oprjochte troch Bill Gates en Paul Allen. It earste produkt wie in BASIX-interpreter foar ferskillende kompjûters lykas de MITS Altair 8800, Commodore VIC-20 en Commodore 64. Microsoft ûntjoech him hiel fluch nei't se fan IBM in opdracht krigen om in bestjoeringssysteem te skriuwen foar de IBM-PC yn 1980. Microsoft hie sels gjin bestjoeringssysteem en kocht dêrom de QDOS foar $50.000,- fan in lyksoartich bedriuw. QDOS waard omtsjoene ta MS-DOS en mei lisinsje oan IBM jûn.
Yn 1981 begûn Microsoft mei it meitsjen fan in grafysk brûkersdiske foar MS-DOS mei de namme Interface Manager dat letter Microsoft Windows neamd wurde soe. Yn 1985 waard Windows 1.0 buorkundich makke. Jierren letter makken IBM en Microsoft in nei bestjoerinssysteem ûnder de namme OS/2. IBM en Microsoft krigen spul mei elkoar en woenen net mear fierder oparbeidzje. Microsoft wurke fierder oan de ûntjouwing fan Windows en IBM makke OS/2 Warp. Microsoft hie yn de konkurrinsjestriid mei IBM mear sukses omdat Windows 3.0 en 3.1 flugger wienen en mear WYSIWYG-applikaasjes lykas Word besikber hie. Microsoft krige syn monopoly mei it útbringen fan Windows 95 en de Microsoft Office pakketten.
Meiwurkers en omset + Histoaryske ûntjouwinghttp://www.microsoft.com/presspass/inside_ms.mspx#RevenueHeadcount Jier Meiwurkers Omsetyn mln. $ 1980 40 8 1981 125 16 1982 200 32 1983 383 69 1984 608 125 1985 910 140 1986 1.200 197 1987 2.000 300 1988 2.800 590 1989 3.900 804 1990 5.200 1.186 1991 11.700 1.847 1992 15.300 2.777 1993 16.500 3.786 1994 20.900 4.714 1995 17.800 6.075 1996 20.561 9.050 1997 22.232 11.936 1998 27.055 15.262 1999 31.575 19.747 2000 39.170 22.956 2001 48.030 25.296 2002 50.621 28.365 2003 54.468 32.187 2004 57.086 36.835 2005 61.000 39.778 2006 71.172 44.280 2007 78.565 51.120 2008 91.259 60.420 2009 92.736 58.440
Kategory:Amerikaansk softwarebedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1975