De Korenaar is in nôtmûne yn Seisbierrum yn de gemeente Waadhoeke, provinsje Fryslân. De mûne is sûnt 1971 in ryksmonumint.
De stellingmûne waard yn 1868 yn opdracht fan de herfoarme tsjerke boud en wie eartiids ek as pelmûne ynrjochte. Yn 1968, 1991 en 2006 wiene der restauraasjes. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten gebrûk.
De ynrjochting fan de mûne bestiet út twa koppels mealstiennen mei in trochsneed fan 1,50 meter. De roeden fan it wjukkekrús binne sawat 21,80 meter lang en hawwe in Aldhollânsk hekwurk mei seilen. De stelling is 5,95 meter heech.
De mûne is partikulier eigendom, de eigener is ek frijwillich mûnder en hat de mûne geregeld yn it wurk. De bygebouwen wurde brûkt as gearkomsteromte/partysintrum.
By de mûne is in tún oanlein mei in bylde-eksposysje.
Keppelingen om utens Molendatabase De Hollandsche Molen
Kategory:Seisbierrum Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Bouwurk út 1868 Kategory:Ryksmonumint yn Frjentsjerteradiel Kategory:Mole yn Frjentsjerteradiel