Toxik is in Amerikaanske trashmetalband oprjochte yn 1985 yn Peekskill, New York. De band brocht yn 1987 syn debútalbum World Circus út. Yn 1992 waard de band opheft, mar yn 2013 makke de band in trochstart. De teksten fan de band gean benammen oer polityk, maatskippij, korrupsje, sljochtsinnigens en psychology. Toxik hat trije studio-albums en twa live-albums útbrocht.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesWorld Circus19 desimber 1987RoadrunnerThink This13 oktober 1989There Stood the FenceDis Morta5 augustus 2022Massacre
Live-albums Album Utbrocht op Label Dynamo Open Air 198813 desimber 2007 DispleasedThink Again20 augustus 2010útbrocht yn eigen behear
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opIII Works27 april 2018
Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1985 Kategory:Band opheft yn 1992 Kategory:Band oprjochte yn 2013