Debauchery is in Dútske metalband oprjochte yn 2000 yn Stuttgart. Debauchery begûn ûnder de namme Maggotcunt fanôf 2002 is de band fierder gien ûnder de namme Debauchery. De band brocht yn 2003 syn debútalbum Kill, Maim, Burn út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, bloed, kriich, Warhammer 40k en bisterjochten. Yn maaie 2010 kaam it ferhaal út dat The Bloodbeast (Thomas Gurrath) ûntslein waard út syn deistige wurk as dosint filosofy op in middelbere skoalle nei't skoalfunksjonarissen efter de teksten fan syn band kamen, en de byhearrende toanielfoarstellingen. Amtners yn Stuttgart, Baden-Wuertemberch hawwe Gurrath nei 't sein wurdt fersocht syn baan op te sizzen of syn band te behâlden, wêrby 't se seine dat syn optredens "in foarm fan mentale ynstabiliteit" wiene en dat er "net feilich is mei bern", se drigen him ek te ferbieden les te jaan op skoallen yn de dielsteat Baden-Wuertemberch as er besleat by syn band te bliuwen. Gurrath naam ûntslach en bleau by Debauchery. Debauchery hat njoggen studio-albums en ien live-album útbrocht.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesKill, Maim, Burnjuny 2003útbrocht yn eigen behearRage of the Bloodbeast18 oktober 2004Black AttakkTorture Pit17 oktober 2005Back in Blood23 maart 2007Continue to Kill8 april 2008AFMRockers & War3 april 2009Germany's Next Death Metal25 maart 2011School's Out (Alice Cooper cover)Kings of Carnage2 augustus 2013MassacreFuck Humanity10 july 2015
Live-albums Album Utbrocht op Label Butchered in Bertingen2012Kernkraftritte
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opBlood for the Blood God4 oktober 2019
Kategory:Dútske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2000