MaYaN is in metalband dy 't yn 2010 as njonkenprojekt oprjochte waard troch gitarist Mark Jansen fan Epica. De namme is troch Jansen keazen fanwege syn fassinaasje foar de âlde Mayakultuer. Yn 2011 brocht de band it album Quarterpast út. De teksten fan MaYan geane benammen oer religy, polityk en wrâldbarren, mar ek oer filosofy, meditaasje, it bestean en inerlike striid. Yn de simmer fan 2023 besleat gitariste Merel Bechtold MaYan te ferliten om har rjochtsje te kinnen op har eigen band Dear Mother. MaYaN hat trije studio-albums útbrocht.

Bandleden Laura Macrì - Sang Marcela Bovio - Sang Adam Denlinger - Sang George Oosthoek - Sang Mark Jansen - Sang Frank Schiphorst - Gitaar Arjan Rijnen - Gitaar Roel Käller - Bas Ariën van Weesenbeek - Drums Roberto Macrì - Toetsen

âld-leden Jeroen Paul Thesseling - bas (2010-2011) Isaac Delahaye - gitaar (2010-2013) Sander Gommans - gitaar (2010) Jack Driessen - toetsen (2010-2019) Rob van der Loo - bas (2011-2015) Henning Basse - sang (2013-2018) Merel Bechtold - gitaar (2014-2023)

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s)Quarterpast20 maaie 2011Nuclear BlastAntagonise4 febrewaris 2014Dhyana21 septimber 2018The Rhythm of Freedom

Kategory:Nederlânske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2010