Nemesea is in Nederlânske metalband oprjochte yn 2002 yn Grins troch sjongeres Manda Ophuis, bassist Sonny Onderwater en gitarist HJ. Yn 2016 stapte Ophuis út de band om har te rjochtsjen op har deistige wurk Zangeres verlaat Nemesea 1-8-2016. De opfolgster fan Ophuis waard fûn yn sjongeres Sanne Mieloo fan Grandview Avenue, yn 2020 ferliet Mieloo de band fanwegen in muoisume gearwurkingZangeres verlaat Nemesea 21-3-2020. De band brocht yn 2004 syn debútalbum Mana út. De teksten fan de band gean benammen oer dústernis, leafde en fertriet. Nemesea hat fiif studio-albums en ien live-album útbrocht.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesMana16 novimber 2004Ebony TearsIn Control21 juny 2007útbrocht yn eigen behearNo More The Quiet Resistance17 novimber 2011Napalm RecordsUprise29 april 2016Twilight,ForeverWhite Flag23 augustus 2019Dance in the Fire

Live-albums Album Utbrocht op Label Pure: Live @ P31 septimber 2009útbrocht yn eigen behear

Kategory:Nederlânske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2002