Moonsorrow is in earder Finske folkmetalband oprjochte yn 1995 yn Helsinki. De band brocht pas yn 2001 syn debútalbum Suden uni út. De teksten fan de band gean benammen oer paganisme, folkloare en leginden. De bandleden rûlearden fan ynstrumint. Meastentiids bespile Henri Sorvali de gitaar, Ville Sorvali de bas, Mitja Mitja Harvilathi ek de gitaar, Eurén de keyboards en Tarfonen de drums. Dit ôfwikseljen wie handich by de opnamen fan guon albums, om't Moonsorrow faak langere nûmers komponearre. Guon komposysjes duorje 10 oant 20 minuten, mar op Viides Luku-Hävitetty en Tulimyrsky steane sels nûmers dy 't sa 'n 30 minuten duorje. De band waard yn 2021 opheft. Moonsorrow hat sân studio-albums útbrocht.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesSuden unifebrewaris 2001 PlasmaticaVoimasta ja kunniasta3 desimber 2001SpikefarmKivenkantaja10 maart 2003Verisäkeet23 febrewaris 2005V: Hävitetty15 jannewaris 2007Varjoina kuljemme kuolleiden maassa21 febrewaris 2011SpinefarmJumalten aika1 april 2016 Century Media

Kategory:Finske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1995 Kategory:Band opheft yn 2021