Darkest Hour is in Britsk-Amerikaanske histoaryske biografyske dramafilm út 2017 oer Winston Churchill, ûnder rezjy fan Joe Wright, mei yn 'e haadrollen Gary Oldman, Kristin Scott Thomas en Lily James. De titel betsjut "Tsjusterste Oere" en ferwiist nei de iere faze fan 'e Twadde Wrâldoarloch (sjoen fanút it Britske perspektyf). It ferhaal folget Churchill yn 'e moanne maaie 1940, as er premier fan it Feriene Keninkryk wurdt wylst nazy-Dútslân mei syn Blitzkrieg West-Jeropa ûnder de foet rint. Hy stiet ûnder swiere druk binnen syn eigen partij en moat kieze tusken it fuortsetten fan 'e oarloch of it iepenjen fan fredesûnderhannelings. Darkest Hour waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride fan 2017 en ûntfong oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. Darkest Hour wûn ferskate wichtige prizen, wêrûnder twa Oscars, in Golden Globe, twa BAFTA's, in Screen Actors Guild Award en in Satellite Award.
Plot Begjin maaie 1940, trijefearns jier nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch, easket de opposisjonele Labour Party fan Clement Attlee it ôftreden fan 'e Britske premier Neville Chamberlain, mei't dy himsels te swak opstelt foar de agresje troch nazy-Dútslân oer. Neitiid is de Labour Party ree om sit te nimmen yn in regear fan nasjonale ienheid. Chamberlain fertelt nei it ûnlijige debat yn it Legerhûs yn in besletten gearkomste oan 'e kopstikken fan syn eigen Konservative Partij dat er gjin oare mooglikheid sjocht as om oan 'e eask ta te jaan en syn ûntslach oan te bieden as premier, om't dat it bêste foar it lân is. Hy wol graach dat boarchgreve Halifax, de minister fan Bûtenlânske Saken, him opfolget, mar dy fynt dat syn tiid noch net kommen is. Dêrtroch en troch druk fan Labour wurdt Chamberlain twongen om 'e minister fan Marine as opfolger te kiezen: Winston Churchill.
Nettsjinsteande it feit dat dyselde de iennichste is dy't fan it begjin ôf oan sekuer foarsein hat hokker gefaar Adolf Hitler foarme, hat er him yn 'e eigen partij net botte populêr makke mei syn eigensinnich hâlden en dragen. Behalven dat noch altyd it fiasko fan 'e Gallipoli-kampanje út 'e Earste Wrâldoarloch oan him klibbet, dêr't tsientûzenen soldaten by omkamen, is Churchill yn it Ynterbellum ek noch twa kear oerrûn, fan 'e Konservativen nei de Liberale Partij en wer werom. Syn oanstelling as premier wurdt dêrom troch de opposysje mei mear entûsjasme ûnthelle as troch de leden fan syn eigen partij. Ek foar kening George VI is de beneaming fan Churchill in bittere pil, mei't er dyselde noch altyd wantrout fanwegen Churchill syn stipe oan syn broer en foargonger Edwert VIII by dy syn houlik mei Wallis Simpson, dat ta syn abdikaasje late.
Op 10 maaie, de deis dat de kening him mei tsjinnichheid útnûget om in nij regear te foarmjen, feecht Churchill syn nije sekretaresse Elizabeth Layton de mantel út en besiket har te ûntslaan om't se him net goed ferstien hat by it diktearjen fan in brief. It ûntslach wurdt foarkomd troch syn frou Clementine, dy't har man beskrobbet om syn gebrek oan manieren. Dyselde deis falle Dútske troepen Nederlân en ek Belgje binnen. Nei't er de útnûging fan 'e kening oannommen hat, stalt Churchill it regear fan nasjonale ienheid gear, dêr't er opposysjelieder Attlee yn opnimt, mar ek syn persoanlike fijannen Chamberlain (as foarsitter fan 'e ministerried) en Halifax (as minister fan Bûtenlânske Saken). De ynaugurale taspraak fan Churchill foar it Briske Parlemint, wêryn't er syn taharkers "bloed, bodzjen, triennen en swit" ûnthjit, wurdt troch de Konservative Partij koeltsjes ûnthelle. Der wie ôfpraat dat Chamberlain in sinjaal jaan soe as der jûchheid wurde moast troch mei in wite bûsdoek syn foarholle ôf te feien, mar oan 'e ein fan 'e taspraak berget er de bûsdoek op sûnder dy brûkt te hawwen.
Fuort neitiid begjinne Chamberlain en Halifax it premierskip fan Churchill te ûndermynjen mei as doel om him te ferfangen troch Halifax. Om't se oprjocht ûntsteld binne troch de wegering fan Churchill om mei Hitler oer frede te ûnderhanneljen, besykje se dat punt as brekizer te brûken. Se prate ôf dat se besykje sille om Churchill op papier fêstlizze te litten dat er net oer frede ûnderhannelje wol, wêrnei't sy beiden har ûntslach út it regear oankundigje sille om sa yn it Legerhûs in moasje fan wantrouwen út te lokjen dy't it hiele regear ûnder fuotten helje sil.
Underwilens bringt Churchill in besyk oan 'e Frânske premier Paul Reynaud, dy't fan miening is dat er himsels foar de gek hâldt as er net tajaan wol dat de Alliëarden de Slach om Frankryk oan it ferliezen binne. Churchill, op syn beurt, ûntstekt yn grime as bliken docht dat de Frânsen gjin plannen foar in tsjinoanfal hawwe. Letter skillet er mei presidint Franklin D. Roosevelt fan 'e Feriene Steaten, dy't sympaty hat foar de sitewaasje dêr't Churchill en it Feriene Keninkryk har yn befine, mar amper help biede kin troch de beheinings dy't him datoangeande oplein binne troch it Amerikaanske Kongres, dêr't foarstanners fan it isolasjonisme noch foar master opslane. Om't er it Britske folk in hert ûnder de rym stekke wol, liicht Churchill yn in taspraak foar de BBC-radio dat de Alliëarden yn Frankryk optsjogge wylst se eins inkeld tebekwike, wat him op in beskrobbing fan kening George VI komt te stean.
Halifax en Chamberlain fiere de druk op Churchill op om yn te stimmen mei it iepenjen fan ûnderhannelings mei nazy-Dútslân fia Giuseppe Bastianini, de Italjaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk. Churchill sjocht dêr neat yn, mar is te slûchslim om syn wegering yn 'e gearkomste fan it oarlochskabinet út te sprekken, sadat dy fia de notulist op papier komme soe te stean. Underwilens lûkt it Britske Ekspedysjeleger, beselskippe fan Frânske en Belgyske troepen, him yn noardlik Frankryk werom nei de kust fan It Kanaal. By dy weromlûking kom Elizabeth Layton har broer om. Oan 'e kust komme de Britten fêst te sitten yn 'e havenstêd Dúntsjerk.
Wylst der prikken yn it wurk steld wurde om 'e troepen dêrwei te evakuëarjen nei Ingelân, jout Churchill brigadegeneraal Claude Nicholson befel om mei it 4.000 man tellende garnizoen fan Calais op te tsjen tsjin 'e Dútsers, om tiid te winnen foar de evakuaasje. Dat liedt ta in krisis yn it oarlochskabinet, om't Halifax, Chamberlain en harren oanhingers it beskôgje as it weismiten fan 4.000 libbens. As de Britske 30e Ynfanterybrigade fan Nicholson neitiid yndie hast oan 'e lêste man ta sneuvelet, liedt dat ta nije opskuor yn it oarlochskabinet. Under ekstreme druk stimt Churchill dermei yn om fia Bastianini te fernimmen nei de betingsten dy't Hitler stelle soe foar in eventuele frede. Neitiid slagget it him lykwols net om dêroer in brief te diktearjen oan Layton, mei't er der sels alhiel net efter stiet. Underwilens wurde by Operaasje Dynamo, de Evakuaasje fan Dúntsjerk troch in reuseftige float fan boargerfartugen, op inisjatyf fan Churchill mear as 338.000 Alliëarde militêren nei Ingelân evakuëarre.
Wylst er der de oare moarns, nei in sliepeleaze nacht, noch altyd mei ompakt, kriget Churchill ûnferwachts besite fan kening George VI. Dyselde hat syn eigen dilemma: om yn ballingskip yn Kanada te gean of yn it Feriene Keninkryk te bliuwen, en by it beprakkesearjen fan dat fraachstik is er in ûnfermoede razernij oer de sitewaasje by himsels gewaar wurden. Hoewol't er Churchill noch altyd net bot lije mei, treastget er him mei de gedachte dat Hitler Churchill noch folle minder lije mei. Hy is dêrom kommen om 'e premier te fertellen dat er fan no ôf oan fjouwerkant efter him stean sil en fiteret him oan om net ta te jaan oan 'e druk om fredesûnderhannelings te iepenjen. As Churchill noch altyd wifket, riedt de kening him oan om nei it folk te harkjen.
Churchill, in man út 'e Ingelske hegerein dy't inkeld omgiet mei oaren út itselde maatskiplike fermidden, hat gjin idee oer wat it folk wol. Underweis nei in nije gearkomste fan it oarlochskabinet stapt er dêrom ympulsyf út 'e auto om it lêste ein ôf te lizzen mei de London Underground. Mei't er noch nea mei de metro reizge hat, is er de oanwizings fan in lyts famke nedich om 'e juste line te nimmen. Ienris yn 'e metro befreget er de ferbjustere passazjiers oer harren miening oer de oarloch. Hja wolle allegear trochfjochtsje, by need oan 'e bittere ein ta. As er harren it plan foarleit om fredesûnderhannelings mei nazy-Dútslân oan te knoopjen, binne se ûntsteld en wolle se dêr neat fan witte.
Yn it parlemintsgebou arrivearre, giet Churchill net nei de gearkomste fan it oarlochskabinet, dy't al lang en breed oan 'e gong is, mar ropt er ynstee op in oar plak de folsleine ministerried gear (minus de leden fan it oarlochskabinet, dy't er net warskôgje lit). Hy leit de leden fan 'e grutte ministerried de sitewaasje foar en ek de reäksjes dy't er krigen hat fan 'e metropassazjiers. Mei in beskate mjitte oan manipulaasje wit er de grutte ministerried oan syn kant te krijen, wêrnei't er in mienskiplike sitting fan it Legerhûs en it Hegerhûs gearropt. Yn 'e koarte tuskentiid wurket er sels mei Layton koartseftich oan 'e taspraak dy't er dêr hâlde sil. Underwilens is Halifax fan doel om 'e sitting fan it parlemint te brûken om syn ûntslach as minister oan te bieden en te besykjen om Churchill as premier te wippen. Chamberlain is foarsichtiger en stiet derop om earst te hearren wat Churchill te sizzen hat.
Yn syn fjurrige taspraak wiist Churchill eltse ûnderhanneling oer frede mei de Dútsers ôf en swart er dat er oan 'e bittere ein ta trochfjochtsje sil. De taspraak berikt syn hichtepunt as de premier it parlemint foarhâldt dat it Britske folk yn it gefal fan in Dútske ynvaazje op 'e strannen en by de lâningsplakken fjochtsje sil, ta lûd applaus fan 'e opposysje. Chamberlain hellet syn wite bûsdoek wer foar 't ljocht, en faget dêr syn foarholle mei ôf, wêrnei't ek de Konservativen yn applaus útbarste. Halifax sjocht it allegear mei ûlseagen oan. As him troch in meistanner frege wurdt wat der no krekt eins bard is, antwurdet er dat Churchill "de Ingelske taal mobilisearre en nei it front stjoerd" hat. Churchill ferlit it Legerhûs ûnderwilens ûnder lûd jûchhei.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Winston Churchill Gary Oldman
byrollen personaazje akteur/aktrise Clementine Churchill Kristin Scott Thomas Elizabeth Layton Lily James Edward Wood, boarchgreve fan Halifax Stephen Dillane Neville Chamberlain Ronald Pickup Anthony Eden Samuel West kening George VI fan it Feriene Keninkryk Ben Mendelsohn generaal Hastings Ismay Richard Lumsden generaal Edmund Ironside Malcolm Storry sir John Simon Nicholas Jones Clement Attlee David Schofield Arthur Greenwood Hilton McRae sir Samuel Hoare Benjamin Whitrow John Evans Joe Armstrong loftmaarskalk Hugh Dowding Arian Rawlins admiraal Bertram Ramsey David Bamber admiraal Dudley Pound Paul Leonard kabinetssekretaris Bridges Demetri Goritsas premier Paul Reynaud fan Frankryk Olivier Broche presidint Franklin D. Roosevelt fan 'e Feriene Steaten David Strathairn (allinne stim) De rol fan Neville Chamberlain wie oarspronklik tabedield oan John Hurt, dy't lykwols siik rekke en yn jannewaris 2017 oan kanker kaam te ferstjerren. De fertolking fan sir Samuel Hoare wie foar Benjamin Whitrow de lêste rol, mei't er yn 'e âlderdom fan 80 jier koart nei de premiêre fan Darkest Hour ferstoar.
Produksje en distribúsje Produksje