Despicable Me 2, yn Nederlân yn Nederlânsk neisyngronisearre foarm útbrocht as Verschrikkelijke Ikke 2, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2013 yn 'e foarm fan in komeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Kristen Wiig. De film is it twadde diel fan 'e Despicable Me-filmsearje, en folget as sadanich op Despicable Me, út 2010. It ferhaal folget de eardere supersmjunt Gru, dy't, om't er no heit is, syn libben bettere hat. As der in laboratoarium stellen wurdt dêr't gefaarlike stoffen ûntwikkele binne, wurdt er troch de Anty-Smjunteliga as ekspêr op it mêd fan smjunten by it ûndersyk belutsen. Despicable Me 2 krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar twa Oscars, in Golden Globe en ferskate oare wichtige prizen. In trêde diel út deselde rige, Despicable Me 3, ferskynde yn 2017.

Plot Troch it gebrûk fan in ûnbidich grutte magneet stelt in mysterieuze fleanmasine in geheim Russysk laboratoarium út it Noardpoalgebiet. Net folle letter wurdt Gru, de âld-supersmjunt dy't troch de adopsje fan 'e trije weesfamkes Margo, Edith en Agnes heit wurden is, opsocht troch Lucy Wilde, in spesjaal aginte fan 'e Anty-Smjunteliga. Hja freget him om mei te gean nei it haadkertier fan dy organisaasje, en as Gru dêr gjin boadskip oan hat, oermasteret se him mei in stroomstjitwapen yn har lippestift, wêrnei't se him ûntfiert. It haadkertier fan 'e Anty-Smjunteliga blykt in dûkboat te wêzen, dêr't Gru yn 'e kunde komt mei de direkteur fan 'e organisaasje, in Silas Ramsbottom. Dyselde freget him om help by it oplossen fan 'e dieverij fan it laboratoarium, mei't Gru, as eks-smjunt, perfoarst oer kennis beskikt dy't weardefol wêze sil foar it ûndersyk. It is fan it heechste belang dat de ferantwurdlike fûn wurdt, mei't yn it laboratoarium in tige krêftige mutagene stof ûntwikkele waard, PX-41, dy't by ynjeksje elts libben wêzen feroaret yn in bloedtoarstich meunster. Gru fertelt Ramsbottom lykwols dat er no produsint fan jams en sjeleien is, en dat er him net helpe kin.

De produksje fan 'e jams en sjeleien giet lykwols stroef, mei't Gru syn langjierrige assistint, dr. Nefario, mar gjin resept betinke kin dat goed smakket. De âldman langet nei in weromkear nei in krimineel bestean, en as er in oanbieding fan in nije baan kriget, nimt er by Gru ûntslach. Dat komt Gru rou op it dak. Om't er ynsjocht dat it neat wurde sil mei de jams en sjeleien oant er in nije assistint fynt, beslút er yn 'e tuskentiid dochs mar it oanbod fan 'e Anty-Smjunteliga oan te nimmen. Mei Lucy Wilde as syn assistinte wurdt er as ûnderdiel fan in undercoveroperaasje yn it pleatslike winkelsintrum stasjonearre, dêr't er him foardwaan moat as de nije útbater fan in banketbakkerij.

De Anty-Smjunteliga hat útsocht dat it winkelsintrum de basis is fan 'e laboratoariumdief, mar se kinne der mar net efter komme wa fan 'e winkellju hy is. Gru fertinkt fuortendaliks Eduardo Pérez, de eigner fan it Meksikaanske restaurant Salsa y Salsa, dy't er werom mient te kennen út syn ferline as smjunt. Pérez liket nammentlik as twa drippen wetter op 'e supersmjunt El Macho, dy't tweintich jier lyn oan syn ein kommen wêze soe doe't er mei 175 kg springstof om 'e lea bûn op 'e rêch fan in wite haai in aktive fulkaan yn sprong. Dêrom kringe Gru en Lucy by nacht it restaurant yn, dêr't se it oan 'e stôk krije mei Pérez syn agressive hiemhin. Se ûntdekke en ûntslute de brânkast, mar fine dêryn gjin bewiis foar't se halje-trawalje útnaaie moatte as Pérez ûnferwachts it restaurant binnen komt.

Underwilens binne Margo, Edith en Agnes, dy't behalven in heit sa stomme graach ek in mem hawwe wolle, derfan oertsjûge dat Gru fereale rekket op Lucy, wat er sels yn alle toanaarden ûntstriidt. Tagelyk begjinne, sûnder dat immen it troch hat, de trewantsjes (minions) fan Gru te ferdwinen, earst ien foar ien, mar dan yn hieltyd gruttere kloften.

Hoewol't Gru erchtinkend bliuwt foar Pérez oer, stimt er deryn ta om oare fertochten nei te rinnen. Dêrûnder is ek prukeferkeaper Floyd Eaglesan, yn waans saak Gru en Lucy spoaren fan PX-41 ûntdekke. As Antonio, de soan fan Pérez, lykwols blyk jout fan romantyske belangstelling foar Gru syn âldste dochter Margo, timmeret Gru der yn in petear mei Ramsbottom op dat Pérez de dieder wêze moat, ek al hat er dêr gjin inkeld bewiis foar. Ramsbottom beseft dat Gru syn oardielkundigens fier fan optimaal is om't er troch syn beskermjende hâlding foar syn dochter oer net mear objektyf nei de saak sjen kin. Dy jûns beävensearret Gru syn bemuoisuchtige buorfrou Jillian in blind date fan Gru mei har leechhollige freondinne Shannon. Gru nimt har mei tsjinnichheid mei út te iten yn in restaurant, mar it ôfspraakje rint út op in katastôfe. As Lucy him helpt om oan Shannon te ûntkommen, begjinne hy en Lucy in bân te foarmjen.

De oare moarns wurdt Floyd Eaglesan troch de Anty-Smjunteliga oppakt nei't der in frijwol lege pot PX-41 yn syn winkel oantroffen is. De prukeferkeaper hâldt by heech en by leech fol dat er ûnskuldich is en dat er deryn luze is, mar nimmen dy't nei him harket. Ramsbottom fertelt Gru mei selsfoldienens en minachting dat de saak oplost is en dat er no wol wer werom gean kin nei syn jams en sjeleien, mei't de Anty-Smjunteliga fierder gjin ferlet hat fan syn 'tsjinsten'. Lucy wurdt oerpleatst nei Austraalje. Gru, dy't himsels krekt in moaie takomst mei Lucy begûn foar te stellen, rekket slim slim yn 'e put.

Dy jûns organisearret Pérez in Cinco de Mayo-feest by him thús, dêr't er Gru ek foar útnûge hat om Antonio en Margo in steltsje binne. Gru ferkeart net yn 'e stimming om op-en-út, mar moat mei as Margo en har suskes derhinne wolle. As Pérez healwei de jûn it feest ferlit, folget de noch altyd erchtinkende Gru him nei in geheime ûndergrûnske basis ûnder de wente, dêr't er de reuseftige magneet oantreft, sadat er wit dat syn fermoedens wier binne. As Pérez him dêr trappearret, befêstiget dy dat er yndie El Macho is en dat er tweintich jier lyn syn eigen dea yn sêne set hat. No is er ree om boasaardiger as ea tefoaren werom te kearen, en dêrom hat er in plan betocht om 'e wrâld te oerhearskjen. It docht bliken dat dr. Nefario troch El Macho ynhierd is om mei it PX-41-searum de ûntfierde trewantsjes om te foarmjen ta ûnkwetsbere, bloedtoarstige lytse meunsters, dy't alles en eltsenien ferniele en/of fersline dat op harren paad komt. El Macho biedt Gru oan om mei te dwaan oan it plan, mar Gru hâldt de boat ôf en giet mei syn dochters op hûs oan. Mei't er erchtinkend is oer Gru syn bedoelings, stjoerd El Macho ien fan 'e ta meunster makke trewantsjes efter him oan.

Underwilens komt Lucy, wylst se al yn it fleantúch nei Austraalje sit, ta de konklúzje dat se fereale rekke is op Gru. Se springt út it fleantúch en fljocht mei in yn har hântaske ynboude hanglider nei de wente fan Pérez, dêr't se arrivearret krekt nei't Gru mei de famkes ôfset is. Sadwaande rint se sûnder euvelmoed yn 'e fâle en wurdt finzen nommen troch El Macho. Dyselde ûntdekt har identiteitsbewiis as aginte fan 'e Anty-Smjunteliga en riddenearret út dat Gru ek foar dy organisaasje wurkje moat. Hy fielt him ferret en beslút wraak te nimmen. Gru ûntfangt thús in warskôging fan dr. Nefario oer wat der bard is. As er heart dat El Macho Lucy finzen hâldt, set er fuortendaliks ôf mei twa fan syn eigen trewantsjes om har te rêden. Hy smaart de giele wêzentsjes yn mei pearse kleurstof, wêrnei't se trijeresom de basis fan El Macho ynfiltrearje troch te bearen dat de beide trewantsjes al PX-41 ynspuite krigen hawwe en him finzen nommen hawwe. Ienris binnen lit de kleurstof by ien fan 'e trewantsjes ôf, sadat se ûntdutsen wurde. Efterfolge troch in leger fan boasaardige trewantsjemeunsters flechtsje se nei it heechste punt fan it hûs: in flaggestôk op ien fan 'e tuorkes op it dak.

By Gru thús arrivearret it trewantsjemeunster dat El Macho efter Gru oanstjoerd hie. It efterfolget Margo, Edith en Agnes nei Gru syn ûndergrûnske basis, mar as it harren dêr oanfalle sil, wurde de famkes rêden troch dr. Nefario, dy't ta ynkear kommen is om't er Gru-en-dy as famylje beskôget. Hy hat in tsjingif foar PX-41 ûntwikkele dat de trewantsjes op slach wer weromferoaret yn harren âlde sels. Dat mingt er troch de grutte foarried ûnytbere (want walchlik smeitsjende) jam hinne, wêrnei't er mei de oerbleaune trewantsjes fan Gru en de trije famkes yn Gru syn fleanmasine nei de basis fan El Macho fljocht. Dêr arrivearje se krekt op 'e tiid om Gru-en-dy te rêden fan 'e trewantsjemeunsters. Mei paintballgewearen feroarje dr. Nefario, de famkes en Gru alle trewantsjemeunsters werom yn har natuerlik steat.

El Macho ynjektearret himsels mei PX-41 en feroaret yn in meunster, krekt op it stuit dat Gru syn paintballgewear alle antygifjam fersketten hat. Troch Lucy har lippestift mei stroomstjitwapen te brûken, dy't se him as ôfskiedskado jûn hie foar't se op it fleantúch nei Austraalje stapte, wit Gru syn fijân lykwols te oerwinnen. Lucy is troch El Macho oan in mei springstof en in wite haai behongen raket fêstbûn en kin mei in ôfstânsbetsjinning ôfsketten wurde op in fulkaan. Gru besiket har los te krijen as de wraaksuchtige hin fan El Macho op 'e lansearknop op 'e ôfstânsbetsjinning pikt. Wylst se troch de loft fleane ûnderweis nei in wisse dea skrabet Gru al syn moed byinoar en freget Lucy mei út. Se antwurdet ja, wêrnei't er alle touwen dêr't se mei fêstsit, gau losmakket, sadat se yn see springe kinne foar't de springstofraket yn 'e fulkaan ferdwynt. 147 ôfspraakjes letter fynt de trouwerij fan Gru en Lucy plak, sadat Margo, Edith en Agnes einlings in mem krije.

Yn ferskate sênes dy't tusken de ôftiteling troch te sjen binne, dogge trije trewantsjes audysje foar in rol yn in nije film, de Trewantsjefilm.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Gru Steve Carell Jon van Eerd Lucy Wilde Kristen Wiig Kim van Kooten

byrollen personaazje akteur/aktrise oarspronklike ferzje akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje Eduardo Pérez / El Macho Benjamin Bratt Frank Lammers Margo Miranda Cosgrove Pip Pellens Edith Dana Gaier Mika Pierik Agnes Elsie Fisher Elaine Hakkaart dr. Nefario Russell Brand Javier Guzman Silas Ramsbottom Steve Coogan Beau van Erven Dorens Floyd Eaglesan Ken Jeong ? Antonio Pérez Moisés Arias Tony Neef Jillian Nasim Pedrad Britt Dekker Shannon Kirsten Schaal Ymke Wieringa Kevin Pierre Coffin ? Stuart Pierre Coffin ? Bob Pierre Coffin ? oare trewantsjes Pierre Coffin ? oare trewantsjes Chris Renaud ? stewardess Vanessa Bayer ? befeiligingslju laboratoarium Noardpoal Nickolai Stoilov ?

Produksje en distribúsje Produksje Despicable Me 2 waard, krekt as it earste diel út deselde searje, regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud nei in senario fan Cinco Paul en Ken Daurio. As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar Meledandri syn filmstudio Illumination. Foar de film wie in budget beskikber fan $76 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira en Pharrell Williams.

Stimakteurs Steve Carell, Miranda Cosgrove, Dana Gaier, Elsie Fisher en Russell Brand kearden werom yn harren âlde rollen út 'e earste film. Kristen Wiig kearde ek werom, mar yn no yn 'e froulike haadrol (yn 'e earste film hie se in lyts byroltsje ynsprutsen). Foar de antagonist, Eduardo Pérez alias El Macho, wisten de filmmakkers Al Pacino te strikken, mar nei't dy al syn dialooch al ynsprutsen hie, ûntstie der in heech oprinnend skeel oer de fisuele foarmjouwing fan El Macho, wêrnei't Pacino mei rûzje de produksje ferliet. Syn rol waard dêrnei op 'e nij ynsprutsen troch Benjamin Bratt.

Distribúsje