Z for Zachariah is in Amerikaansk-Iislânsk-Nijseelânsk-Switserske post-apokalyptyske science fiction-dramafilm út 2015 mei trekjes fan in psychologyske skriller. de film stie ûnder rezjy fan Craig Zobel, en de trije haadrollen waarden spile troch Margot Robbie, Chiwetel Ejiofor en Chris Pine. It is in ûnôfhinklike film dy't hiel loskes basearre is op 'e roman mei deselde namme fan Robert C. O'Brien. It ferhaal spilet yn in dystopyske takomst as der in nukleêre holokaust plakfûn hat. De iennichste oerlibbene liket de jonge frou Ann te wêzen, dy't yn in lytse delling yn 'e Appalachen wennet dêr't troch in op himsels steand waarsysteem de radio-aktive strieling net trochkrongen is. Ann har iensume bestean feroaret folslein as koart nei inoar twa oare oerlibbenen har delling berikke. Z for Zachariah krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. De film brocht mar in bytsje op yn 'e bioskopen, mar dat wie mear te witen oan in beheinde distribúsje as oan gebrek oan belangstelling.
Titel De titel fan Z for Zachariah betsjut "Z foar Sacharja" (yn it Frysk komt de inisjaal net oerien). It ferwiist nei in berneboek fan Ann wêryn't de letters fan it Latynske alfabet beskreaun wurde oan 'e hân fan personaazjes út 'e Bibel. Dat begjint mei "A foar Adam", om't dy de earste minske wie. Mei't de z de lêste letter fan it alfabet is, ymplisearret de titel dat de film oer de lêste minske(n) giet.
Plot Ann Burden is in jonge frou dy't, nei't de wrâld troffen is troch in (net fierder útleine) nukleêre holokaust, in solitêr bestean liedt op it lytse boerespultsje fan har famylje. Dat stiet yn in delling fan 'e Appalachen, dy't troch de hege rotsige omkanten besmoute wurdt tsjin 'e radio-aktive strieling. Hja ferbout har eigen iten, hâldt in pear melke kij en follet har menu oan mei jeien en fiskjen. Dat lêste docht se inkeld yn 'e grutte poel dy't fet wurdt fan in ûndergrûnske wetterfoarrie, dêr't ek it drinkwetter yn har saad wei komt. It wetter yn 'e beek dy't troch de delling streamt, komt fan bûten en is besmet mei radio-aktive strieling en dêrtroch giftich. Har libben is tige leech en iensum, mei inkeld har hûn Faro as selskip.
Op in dei, as Ann op jacht is, ûntdekt se in oare oerlibbene yn har delling, in negroïde man. Skruten om kontakt te meitsjen, folget se him om him fan in ôfstân te observearjen. Hy lit syn pakkelaazje op it paad efter, dat Ann giet dêrhinne om it te besjen en ferliest him út it each. As se him leven meitsjen heart, kriget se in kwea fermoeden en hastiget se har wer efter him oan. It docht bliken dat de man oan it baaien is yn it giftige wetter fan 'e poel ûnder de wetterfal dy't de beek yn 'e delling bringt. Ann ropt him op om derút te kommen, mar de man mient earst sy him oerfalle wol, mei't se har jachtgewear noch yn 'e hannen hat. Nei't dat misferstân út 'e wrâld romme is en de man út it wetter kommen is, wurdt er al rillegau slim siik.
Ann nimt him mei nei hûs, bjint him goed skjin en stoppet him dan op bêd, wêrnei't se him dagenlang ferpleecht. Mei't se tige religieus grutbrocht is, bidt se ynmoedich ta God foar syn oerlibjen. De man begjint úteinlik op te betterjen. Hy fertelt Ann dat er John Loomis hjit en dat er foarhinne in yngenieur wie. Hy soe de ramp oerlibbe hawwe yn in bunker fan 'e oerheid, djip ûnder de grûn, dy't er úteinlik lykwols ferlitten hat om't it oerlibjen op dat plak it libben eins net wurdich wie. Mei help fan in sels ûntwurpen strielingspak en anty-strielingsmedisinen is er út it noarden wei oer in perioade fan wiken geandefoets nei de Appalachen tein.
Wylst Loomis stadichoan syn sûnens weromwint, wurdt er in fêst ûnderdiel fan Ann har stille libben. Hy bewiist syn wearde troch Ann út te lizzen hoe't se hânmjittich branje út 'e pleatslike benzinepomp helje moat om har al lang drûch steande trekker wer brûke te kinnen. Dêrtroch kin se makliker in hiel fjild oanplantsje mei lânbougewaaksen, sadat se de kommende winter net wer honger hoecht te lijen. Letter fertelt se him oer har famylje. Har heit wie in boer anneks predikant, dy't mei eigen hannen it kreaze lytse tsjerkegebou yn 'e delling boud hat. Nei de ramp fûnen hy en har mem it harren plicht as kristenen om op 'e siik te gean nei oare oerlibbenen om dy nei harren delling te lieden. Sadwaande teagen se derop út, mar se kamen nea werom. Ann har trettjinjierrige jongere broer gloep op in nacht fuort om harren âldelju te sykjen, mar ek hy kaam net wer werom. Dat wie mear as in jier lyn. Sûnt hat Ann hjir allinne taholden.
As Loomis weromkeart nei de giftige wetterfal, kriget er it idee om 'e wetterkrêft te brûken om elektrisiteit op te wekjen. Dêrfoar moat it wetter wol opfongen wurde yn in houten trôch om nei in wettertsjil ta laat te wurden. Mei't se gjin ark hawwe om 'e beammen út it wâld ta planken te seagjen, sil foar it boumateriaal lykwols in gebou ôfbrutsen wurde moatte. Se hawwe it hûs en de skuorren en hokken nedich, dat it iennichste bouwurk dat dêrfoar yn oanmerking komt, is de tsjerke. Ann fielt dêr neat foar, mei't se net inkeld as djipleauwige kristen twer is fan it ôfbrekken fan tsjerken, mar ek in sin by it gebou hat om't har heit it boud hat. Loomis, dy't sels net religieus is, hat net folle op mei de hilligens fan hout en spikers, mar dat Ann it wurk fan har deade heit net kwyt wol, kin er wol begripe, dat hy trunet der net fierder op oan.
Wylst se tegearre de ikkers bewurkje en oare putsjes op 'e pleats dogge, groeie Ann en Loomis stadichoan nei inoar ta. Ut en troch wurdt harren ûnderlinge relaasje op 'e proef steld, benammen troch kwestjes op it mêd fan religy en Loomis syn dranksucht nei't er yn it winkeltsje by it benzinestasjon in foarrie ûnoansprutsen bier ûntdekt. Yn dronken steat besiket Loomis Ann mei op bêd te krijen, wat foar har in betiizjende ûnderfining is, mei't se wol wol, mar net op dizze manear. De oare moarns is Loomis tige ûntskuldigjend. Dy jûns besiket Ann him te ferlieden, mar diskear is it Loomis dy't foarkomt dat se seks hawwe. Hy fertelt har dat er wol wol, mar dat soks harren relaasje feroarje sil en dat se der better noch in skoftke mei wachtsje kinne. By wize fan kompromis sliepe se tegearre op ien bêd sûnder seks te hawwen.
Underwilens dogge har yn 'e delling riedseleftige ynsidinten foar, lykas de hinnen dy't op in moarn gjin aaien lein blike te hawwen, wat noch nea foarkommen is, en it silhûet fan in man dat Ann yn it doarsgat fan it tsjerkegebou gewaarwurdt as se it oargel bespilet, wylst Loomis letter úthâldt dat er de hiele dei net by de tsjerke west hat. Nei ferrin fan tiid kulminearret dat yn 'e ûntdekking dat der in trêde oerlibbene yn 'e delling arrivearre is, in jongeman dy't Caleb hjit. Ann ferwolkommet him op 'e pleats sa't se dat earder ek mei Loomis dien hat, mar Loomis is fuort tige erchtinkend. Caleb seit dat er in mynwurker wie en dat er de ramp oerlibbe hat trochdat er op it stuit dat dy foarfoel djip yn 'e myn oan it wurk wie. Hy wie fan doel om troch te reizgjen nei de kust fan 'e Golf fan Meksiko, dêr't in hiele mienskip fan oerlibbenen bestean soe. Mar no't er dizze ûnoanroerde delling ûntdutsen hat, wifelet oer wat er sil.
It is net sa nuver dat Loomis him bedrige fielt troch de nijynkommeling, want Caleb is blank (lykas Ann), mear fan Ann har jierren, mear fan Ann har maatskiplike klasse, komt út itselde diel fan it lân as Ann en is boppedat ek noch strang kristlik, lykas sy (of hâldt alteast út dat er dat is). Der ûntjout him in klassike trijehoeksferhâlding, wêrby't Ann har seksueel oanlutsen fielt ta beide manlju. Caleb begjint op subtile wize tusken har en Loomis te stokeljen, û.o. troch te sizzen dat inkeld leauwenden in kâns hawwe om sa'n apokalyps te oerlibjen. Loomis goait syn eigen glêzen yn troch Ann te fertellen dat se him neat ferplichte is en dat se rêstich mei Caleb op bêd gean kin, wylst se dêr op dat stuit noch hielendal net iens oan tinkt. Ta oermjitte fan ramp seit er dat er it wol begrypt dat blanken leaver mei blanken gean wolle, wêrmei't er ymplisearret dat Ann in rasiste is.
It trijetal begjint in min ofte mear stabyl bestean op 'e pleats, wêrby't de beide mannen inoar oanhâldend besykje te ûndermynjen: Loomis stelt fraachtekens by Caleb syn ferhaal en motiven, wylst Caleb trochgiet mei it beklamjen fan 'e religieuze konneksje dy't hy (en Loomis net) mei Ann dielt. Yn in petear ûnder iten dat folslein ûngaadlik is foar dy gelegenheid, bringe Loomis en Caleb allebeide post-apokalyptyske ferskrikkings op 'e aljemint dy't se belibbe hawwe foar't se de delling berikten. Loomis syn ferhaal giet oer in jonge mei fierfoardere strielingssykte dy't him smeekte om him út syn lijen te ferlossen, mar dy't er sa efterliet om't er neat foar him dwaan koe. Letter, as se allinnich binne, bychtet Loomis oan Ann op dat er de jonge wol deeglik holpen hat troch him dea te sjitten, en dat er, oan 'e hân fan 'e foto's dy't se him sjen litten hat, sterk fermoedet dat it har broer wie.
As Caleb heart fan Loomis syn plan om 'e tsjerke ôf te brekken sadat er elektrisiteit opwekje kin, is er fuortendaliks entûsjast. Hy praat op Ann yn en brûkt syn eigen status as mei-leawende om har oer te heljen. Trijeresom sette se útein mei it ôfbrekken fan it tsjerkegebou, wêrnei't Loomis in wettertsjil bout en dat mei Caleb tegearre by de wetterfal ynstallearret. Nei in stikmannich dagen bodzjen sprekt it trijetal op in jûn in flesse wyn oan foar wat wolfertsjinne ferdivedaasje. Oan 'e ein fan dy jûn seit in swierbeskonken Loomis tsjin Ann dat er fan har hâldt, om koart dêrnei bewusteleas op barren bêd del te fallen. Ann, dy't langet nei mear as wurden, heart Caleb yn 'e badkeamer, begluorket him as er neaken is en jout har úteinlik by him, wêrnei't se seks hawwe.
De oare moarns fiet Caleb witten en mienen de spanning op troch mei leafdefolle oanrekkings fan Ann oan Loomis dúdlik te meitsjen wat der bard is. Ann fielt har beskamme troch har ûnberette hâlden en dragen en ûntflechtet de moeting. De beide mannen geane tegearre oan it wurk. Loomis fertelt Caleb dat er tsjin Ann sein hie dat se alles dwaan moast dat nedich wie om Caleb yn 'e delling te hâlden. Caleb antwurdet dat er dêr neat fan leaut, mar it is dúdlik dat Loomis him oan it twifeljen brocht hat.
Twaresoam bejouwe Loomis en Caleb har nei de wetterfal, dêr't se de trôch yn posysje takelje om it wetter op te fangen en nei it wettertsjil ta te lieden. Dêrfoar docht Caleb it antystrielingspak fan Loomis oan om him heech boppe de mei rotsen besiedde poel yn it radio-aktive wetter fan 'e stream te bejaan, dêr't it oer de dellingsrâne kletteret. Nei't de trôch fêstset is, glidet Caleb yn it bombidige pak út as er oer de râne omheech besiket te klimmen. Mei de help fan in feilichheidstou dat troch in katrol rint, skuort Loomis him by de rotsen op. Dêrnei makket er it tou los út 'e katrol. Op dat stuit glidet Caleb yn it wetter fan 'e stream nochris út en driget oer de râne hinne spield te wurden, wêrnei't er perfoarst te pletter falle sil op 'e rotsen yn 'e poel dêrûnder. It iennichste dat soks tsjinkeart, is Loomis, dy't no it feilichheidstou allinne noch mei de hannen fêsthâldt. Wylst Caleb yn 'e weef stiet op 'e râne, sjogge de beide mannen inoar yn 'e eagen.
Letter keart Loomis allinne werom nei it boerespultsje. Ann besiket har te ûntskuldigjen foar har promiskuïteit mei Caleb de jûns tefoaren, mar Loomis seit dat Caleb ôfset is nei de koloanje fan oerlibbenen oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Hy hat de besittings dy't er op 'e pleats efterlitten hat, ruile tsjin it antystrielingspak en hat him ôfjûn sûnder ôfskie te nimmen fan Ann. Dy fettet dat nijs min op en fljocht dravendewei nei de ein fan 'e delling om Caleb te efterheljen, mar se fynt gjin spoar fan him. Neitiid ûntstiet der in spande stilte tusken Loomis en Ann, mei't se deroan twifelet oft syn ferhaal oer de ôfreis fan Caleb wol wier is. Underwilens giet Loomis nei it restant fan 'e tsjerke, dêr't Ann har dierbere oargel no yn 'e bûtenlucht stiet.