De Onderneming is in reiddutsen nôtmûne yn it Noard-Hollânske doarp Hippolytushoef.

De mûne is in yn 1851 as in nôt- en pelmûne boude achtkante boppekruier. Nei't yn 'e jierren 1920 earder it pelwurk al ferwidere waard, rekke de mûne yn 'e jierren 1930 bûten gebrûk, mar de omstannichheden fan 'e Twadde Wrâldkriich makken dat de mûne reparearre en op 'e nij ynset waard. Nei de kriich bleau de mûne oant 1950 wurkjen.

Yn 1952 kocht de stifting 'Oud Wieringen' de mûne oan. Yn 'e jierren 1960 folge in restauraasje fan 'e bûtenkant, mar yn 2000 is de mûne mei in grutte restauraasje ek wer mealree makke.

De wjukkefoarm is Ald-Hollânsk en de flecht 19,75 meter. Op 'e souder dêr't it earder pelwurk stie is hjoed-de-dei in koekebrekker.

Oant likernôch 1970 stie de mûne noch frij fan bebouwing en beammen. Sûnt is it biotoop foar de mûne der net better op wurden. Oarspronklik hie de mûne trije koppels mealstiennen. Dat binne der tsjintwurdich noch twa. Yn 2019 binne twa nije roeden stutsen.

De mûne is hjoed-de-dei ien fan 'e twa mûnen fan de feriening 'De Wieringer Molens'. De oare mûne fan 'e feriening is De Hoop yn Den Oever. Keppeling om utens Mûnedatabase De Hollânske Mûne Allemolens.nl

Kategory:Bouwurk yn Hollâns Kroan Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Hollân Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:Nôtmole Kategory:Muonts (mole) Kategory:Bouwurk út 1851