Foarfallen 18 jannewaris - Keizer Leopold I jout ta oan 'e Prusyske druk en ferheft Prusen fan in hartochdom ta in keninkryk. Karfoarst Freark III fan Brandenburch lit him yn Keningsbergen ta kening fan Prusen kroanje. 30 april - Drinte giet as lêste Steatske gebiet oer op 'e Gregoriaanske kalinder. 4 augustus - Yn Noard-Amearika wurde de Beveroarloggen tusken de Irokezen (stipe troch Ingelân en de Republyk) en in grut tal oare Yndiaanske folken (stipe troch Frankryk) om 'e hegemony yn 'e lukrative pelshannel beëinige mei de Grutte Frede fan Montreal. sûnder datum - Yn Ingelân, Skotlân en Ierlân wurdt de Act of Settlement oannommen; dêrtroch wurde de roomske Stuarts fan 'e troanopfolging útsletten, en sil de troan by it útstjerren fan 'e protestantske Stuarts oergean op it besibbe Hûs fan Hannover.

Berne 27 novimber - Anders Celsius, Sweedsk astronoom en útfiner temperatuerskaal Celsius († 1744) 17 desimber - Ignasius fan Laconi, Italjaansk lekebroer en hillige († 1781) datum ûnbekend Thomas Bayes, Ingelsk wiskundige († 1761)

Ferstoarn febrewaris - Miguel de Barrios, Spaansk dichter, toanielskriuwer en skiedkundige (* 1625) 23 maaie - William Kidd, Skotsk seerôver (* 1645) 20 augustus - Charles Sedley, Ingelsk skriuwer (* 1639) 5 septimber - kening Jakobus II fan Ingelân (* 1633)

Kategory:18e iuw