De Olympyske Winterspullen 2022, ek wol de XIXe Olympiade neamd, waard yn 2022 holden yn Peking, de haadstêd fan Sina. fan 4 oant en mei 20 febrewaris.
Tawizing Op 31 july 2015 keas it IOC yn Kuala Lumpur de gaststêd. Peking is de alfde stêd dy 't de Olympyske Spelen foar in twadde kear organisearje mei en de earste stêd dy 't sawol de Simmerspullen (yn 2008) as de Winterspullen tawiisd krigen hat.
Sporten Formeel waarden der op 'e Olympyske Winterspullen fan 2018 7 sporten beoefene, om't it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) inkelde oansletten sportbûnen telt. Dêrfan binne der yndie sân: biatlon, curling, iishockey, reedriden, rodeljen, skyen (ynkl. skyskânsspringen en snowboarden) en slydzjen (bobslydzjen en skeleton). Yn 'e praktyk waarden der lykwols 15 sporten ûnderskaat, sa't hjirûnder werjûn is, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes.
Nije ûnderdielen dy't op 'e Olympyske Winterspullen fan Peking foar it earst oan it offisjele wedstrydprogramma tafoege wurde, binne Snowboardcross mingd tiim, de monobob by it bobslydzjen, by it freestyleskyen kaam it big air der by foar manlju en froulju en Aerials mingd tiim, nij by it skânspringen is de lannenwedstriid mei in mingt tiim, en by it shorttrack komt mingde estafette derby.
Kalinder
Dielnimmende Lannen
Ofbyld:2022 Winter Olympics team numbers.svg
Medaljespegel 1 Noarwegen 16 8 13 372 Dútslân 12 10 4 263 Sina 9 4 2 154 Feriene Steaten* 8 10 7 255 Sweden 8 5 5 186 Nederlân 8 5 4 177 Eastenryk 7 7 4 188 Switserlân 7 2 6 159 Russysk Team* 6 12 14 3210 Frankryk 5 7 2 14
*De útslach fan it Russysk team en de Feriene Steaten is ûnder foarbehâld yn ferbân nei in ûndersyk nei doping by ien fan de dielnimmers oan it keunstriden.
Fryske medaljes Medalje Namme Sport Ûnderdiel datum Antoinette de Jong Reedriden Froulju, 1500 m 7 febrewaris Suzanne Schulting ShorttrackFroulju, 500 m 7 febrewaris Suzanne Schulting ShorttrackFroulju, 1000 m 11 febrewaris Suzanne Schulting (mei 3 oaren)ShorttrackFroulju, 3000 meter ôflossing 13 febrewaris Antoinette de Jong en Marijke Groenewoud (mei 2 oaren)ReedridenFroulju, Ploege-efterfolging 15 febrewaris Suzanne Schulting ShorttrackFroulju, 1500 m 16 febrewaris
Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 2022
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Olympyske en Paralympyske Winterspullen fan 2022 Offisjele webside Ynternasjonaal Olympysk Komitee
2022 Kategory:Peking Kategory:Skiednis fan Sina Kategory:Sportevenemint yn Sina Kategory:Barren yn 2022