It kalkgerslângroukopke (Spialia sertorius) is in soarte yn it skaai fan de spikkelbûnte groukopkes (Spialia).

Foarkommen It kalkgerslângroukopke is as stânflinter út Nederlân ferdwûn. Der hat lange tiid in populaasje west yn Súd-Limburch mar dizze is jammer genôch útstoarn. De meast tichtbye populaasje is yn it Belgyske diel fan de Faalskerberch. In ein fan Nederlân is dat net fuort. Der is dan ek noch altyd hoop dat de flinter wer yn Limburch komt.

Op de Nederlânske reade list stiet dizze flinter as ferdwûn. Om utens komt er lykwols noch rûnom foar.

Flinter De wjuklingte is likernôch 11 mm. Flinters dy’t krekt út de pop komme kist goed werkenne oan de reade ûnderkant fan de wjukken. Flinters dy’t al in pear dagen fleane hawwe dizze reade ûnderkant net mear. Op de foarwjuk oan de foarkant binne in pear wite plakken.

Fljochtiid De flinter fljocht fan begjin maaie ôf oant ein juny. De flinter fljocht faak yn ien generaasje, soms yn twa.

Rûp De aaikes wurde ien foar ien ôfset op de weardplant. De lytse pimpernel is de plant wêr't de rûpen fan ite. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp.

Sjoch ek List fan flinters

Kategory:Flintersoarte Kategory:Groukopflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje