Die Another Day is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 2002 ûnder rezjy fan Lee Tamahori. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Halle Berry en Rosamund Pike as de Bond girls Jinx Johnson, resp. Miranda Frost en Toby Stephens as de smjunt Gustav Graves. De titel betsjut safolle as "Stjer in Oare Kear". Die Another Day waard makke nei in orizjineel senario, dêr't lykwols inkele eleminten yn ferwurke sieten út romans fan Ian Fleming.

De plot folget James Bond as er by in misje yn Noard-Koreä ferret wurdt en yn 'e finzenis ferdwynt oant er fjirtjin moannen letter by in spionneruil frijkomt. Neitiid giet er op eigen manneboet en yn 't earstoan sûnder goedkarring fan MI6 op 'e siik nei de ferrieder. Die Another Day wie it tweintichste diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The World Is Not Enough, út 1999. It wie de lêste Bond-film mei Pierce Brosnan yn 'e haadrol. Fan 'e filmkritisy krige Die Another Day mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, Casino Royale, mei Daniel Craig as James Bond, kaam út yn 2006.

Plot James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, ynfiltrearret yn it kommunistyske Noard-Koreä, dêr't er it plak ynnimt fan 'e wapenhanneler Van Bierk. Op in legerbasis fan de Koreaanske Folksstriidkrêften moat er ûnder dy momkape de foarnommen oankeap sabotearje troch Van Bierk fan in tal militêre hovercrafts fan kolonel Tan-sun Moon yn ruil foar in kofferfol diamanten. Zao, de rjochterhân fan Moon, ûntfangt op syn mobile tillefoan lykwols fan in ûnbekende boarne in tekstberjocht wêryn't Bond syn wiere identiteit ûntbleate wurdt. Bond wurdt finzen nommen, mar de oansteande oankomst op 'e basis fan Moon syn heit, generaal Moon, foar wa't de kolonel syn yllegale saakjes geheim hâlde wol, soarget foar opskuor. Dêrtroch slagget it Bond om 'e koffer mei diamanten, dêr't er in eksplosyf yn ferstoppe hie, ûntploffe te litten.

Bond naait út yn ien fan 'e hovercrafts, en kolonel Moon komt him yn in oaren efternei. De efterfolging einiget as Moon mei syn hovercraft by fersin by in klif del kneppelet en fier yn 'e djipte delkomt yn in kolkjende rivier. Bond en de ûnderwilens arrivearre generaal Moon nimme oan dat kolonel Moon omkommen is. Bond wurdt op 'e nij finzen nommen en ôffierd nei in Noardkoreaanske finzenis, dêr't er fêstholden wurdt en allegeduerigen martelings ûndergiet. Nei fjirtjin moannen komt er frij troch in spionneruil, wêrby't er útwiksele wurdt tsjin nimmen oars as Zao, dy't yn it Westen oppakt is nei't er fredesûnderhannelings tusken Noard- en Súd-Koreä besocht hat te sabotearjen troch trije Sineeske diplomaten te fermoardzjen en it lykje te litten as wie dat it wurk fan 'e Súdkoreänen.

Sadree't er oer de Brêge fan Gjin Weromkear yn Súd-Koreä oankomt, wurdt Bond troch manlju yn wite pakken platspuite en ôffierd nei in Britsk marineskip. Dêr wurdt er yngeand ûndersocht om der wis fan te wêzen dat de Noardkoreänen him net earne mei besmet hawwe om him as biologysk wapen te brûken. Mar ek nei't fêststeld is dat dat net sa is, wurdt er net frijlitten. M, de sjef fan MI6, siket him op om him oan te sizzen dat er op non-aktyf steld is en de status fan 00-agint him ôfnommen is. De Noardkoreänen hawwe koartby ynformaasje oer de aktiviteiten fan 'e Westerske ynljochtingetsjinsten yn 'e hannen krigen, en it fermoeden is dat Bond ûnder de martelings trochslein is en begûn is te lekken. Dêrfandinne dat der in spionneruil regele is, want it wie dúdlik dat Bond út Noardkoreaanske hannen helle wurde moast. Hy sil no nei de Falklâneilannen stjoerd wurde foar fierder ûndersyk.

Bond is it dêr net mei iens. Hy is derfan oertsjûge dat er as sûndebok brûkt is foar it trochspyljen fan geheime ynformaasje oan 'e Noardkoreänen en dat deselde anonime boarne dêrefter sit dy't ek ferantwurdlik wie foar it ferrieden fan syn wiere identiteit oan Zao en kolonel Moon. Mei't dúdlik is dat er gjin stipe hoecht te ferwachtsjen fan MI6, mar wisberet om dan mar op eigen manneboet in ûndersyk yn te stellen, ûntsnapt Bond fan it skip dêr't er finzen holden wurdt. Hy swimt nei de kust ta en ûntdekt dat er him yn Hongkong befynt. As er him dweiltrochwiet en inkeld klaaid yn in pijama meldt by it hotel dêr't er yn Hongkong geregeldwei ferbliuwt, ken de hotelmanager Chang him wer en kriget er in hotelkeamer, iten en drinken en nije klean.

Wannear't Chang him in masseuze stjoert mei de namme 'Fredige Fonteinen fan Begearte', in set dy't dúdlik bedoeld is om him út te kloarkjen, makket Bond bekend dat er altyd al witten hat dat Chang foar de Sineeske ynljochtingetsjinst wurket. Hy stelt foar om it op in akkoartsje te goaien: as de Sinezen him helpe om Zao te finen, sil Bond dyselde út 'e wei romje. Mei't it de bazen fan Chang yn Peking noch net fergetten is dat Zao trije Sineeske diplomaten deamakke hat, hawwe se der gjin beswier tsjin dat Bond efter de man oan giet. Se foarsjogge Bond fan in ferfalske paspoart, jild en oare taris en sette him op it fleantúch nei Kuba, dêr't Zao it lêst sjoen is.

Yn 'e Kubaanske haadstêd Havana leit Bond kontakt mei Raúl, de eigner fan in sigarefabryk, dy't in slieperagint fan MI6 is. Dyselde spoart fia-fia Zao op yn 'e ôfhandich sitewearre en tige eksklusive klinyk fan dokter Álvarez. Ek foarsjocht er Bond fan in pistoal en fan in fierrekiker en in fûgelgids sadat er him foardwaan kin as in fûgelder. Op it strân deunby de klinyk moetet Bond in tsjeppe negroïde Amerikaanse, dy't harsels foarstelt as Giacinta Johnson, byneamd Jinx (dat "Ungeloksbringer" betsjut). Mei't de klinyk op it Isla de los Organos leit, in lyts eilantsje foar de kust, en de fearboat pas moarn wer giet, bringe Bond en Jinx de nacht mei-inoar troch.

De oare deis ynfiltrearje Bond en Jinx ûnôfhinklik faninoar de klinyk, dy't, sa docht bliken, spesjalisearre is yn in tige pynlike behanneling, wêrby't de rike kliïnten in folslein oar uterlik oanmetten wurdt troch de ferfanging fan harren bienmoarch en dêrmei fan harren DNA. Jinx docht har foar as in nije kliïnte en likwidearret dokter Álvarez. Underwilens siket Bond Zao op, dy't healwei syn transformaasje fan Koreaan ta Dútser is. De beide mannen reitsje slaande deilis, mar Zao wit úteinlik te ûntkommen yn in helikopter, hoewol't Jinx noch war docht om him dea te sjitten. Dêrnei ûntkomt se oan 'e befeiligingslju fan 'e klinyk troch harsels efteroer fan in heech klif ôf yn 'e see falle te litten, dêr't se oppikt wurdt troch in wachtsjende speedboat. Trochdat de bewekkers efter Jinx oan sitte, kin Bond ûngemurken útpike.

By syn gefjocht mei Zao hat er de man in hinger fan 'e hals skuord, dy't bestiet út in patroanhúl. Dêryn blike fjouwer diamanten te sitten. Werom yn Havana stelt Raúl fêst dat it bloeddiamanten binne, dy't yllegaal yn in konfliktgebiet yn Afrika wûn binne, yn dit gefal spesifyk yn Sierra Leöane. Ien fan 'e diamanten hat lykwols in merkje dat oanjout dat er út in Iislânske diamantmyn komt, dy't eigendom is fan 'e Britske miljardêr en sakeman Gustav Graves. Bond ûntdekt dat Graves in jier ferlyn ynienen opdoek en dat it sûnt mei syn karriêre as in raket omheech gien is. Oan 'e basis fan syn rykdom en ferneamdens leit de ûntdekking fan diamanten op Iislân. Om't Bond no fermoedet dat de Iislânske diamantmyn eins in front is foar it wytwaskjen fan bloeddiamanten út Afrika, stelt er in ûndersyk yn nei Graves.

Bond reizget nei Londen, dêr't er fia in mienskiplike kunde, Verity, de skermynstruktrise fan Graves, in moeting mei de sakeman beävensearret yn in pleatslike skermklub. Dêr komt er ek yn 'e kunde mei Graves syn koele sekretaresse Miranda Frost, dy't foarhinne as skermster in lid fan it Britske Olympysk team wie. Graves daget Bond út ta in potsje skermjen, en Bond nimt de útnûging oan. De freonlike wedstryd rint lykwols al rillegau út op in gefjocht op libben en dea as Bond syn tsjinstanner taflústeret dat er in smoarge oplichter is dy't syn rykdom en status oan 'e yllegale hannel yn bloeddiamanten te tankjen hat. Nei't der gâns skea oan 'e ynboel fan 'e klub oanrjochte is en Bond de wedstryd wûn hat, komt it Graves blykber wer yn 't sin dat der taskôgers binne, en beart er dat it allegear mar in spultsje wie. Om syn goede wil te toanen, nûget er Bond út foar in feest yn Iislân ta gelegenheid fan 'e demonstraasje fan syn nije satellyt, de Icarus.

By in moeting tusken M en Miranda Frost komt oan it ljocht dat Frost eins in aginte fan MI6 is dy't undercover yn 'e organisaasje fan Graves ynfiltrearre is. M bewurkmasteret ek in geheime moeting mei Bond, wêrby't se him temûk wer yn syn âlde funksje befêstiget en formeel har goedkarring hechtet oan syn ûndersyk nei Graves. Neitiid wurdt Bond troch Q, de kertiermaster fan MI6, foar syn misje foarsjoen fan 'e nedige gadgets, wêrûnder in Aston Martin dy't troch it gebrûk fan lytse projeksjeskermkes en kamera's frijwol ûnsichtber makke wurde kin.

Yn Iislân arrivearret Bond by it fantastyske iispaleis dat Graves spesjaal foar de demonstraasje fan 'e Icarus bouwe litten hat. Dêr treft er ek Jinx Johnson wer, dy't no de momkape fan in sjoernaliste oannommen hat, mar oan Bond fertelt dat se foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst NSA wurket. By de demonstraasje lit Graves sjen hoe't er mei de Icarus, dy't eins foar it meastepart in reuseftige útklapbere spegel is, sinneljocht opfange en reflektearje kin nei dielen fan 'e wrâld dy't oars yn it tsjuster sitte soene, lykas alle gebieten op it noardlik healrûn boppe de poalsirkel winterdeis. Dat soe in revolúsje betsjutte kinne foar de lânbou yn dy kontreien. Nei ôfrin fan 'e demonstraasje ynfiltrearje Bond en Jinx, op 'e nij ûnôfhinklik fan inoar, yn it haadkertier fan Graves, dat njonken it iispaleis om in waarmwetterboarne hinne boud is. As se trappearre wurde, kin Bond troch de help fan Miranda Frost ûntkomme, mar Jinx wurdt finzen nommen.

Bond en Frost, dy't inoar yn in tsjuster hoekje ynmoedich tútsje om foar de bewekkers oer in reden te hawwen om har op dat plak op te hâlden, geane neitiid mei-inoar op bêd. Underwilens jout Zao, nei in fruchteleaze ûnderfreging, syn trewant Mr. Kil opdracht om Jinx út 'e wei te romjen. Bond komt Kil lykwols oer it mad foar't er dat dwaan kin. Kil wurdt mei ôfweefd, wêrnei't Bond Jinx befrijt. Se ûntdekke dat Graves oer soartgelikense apparatuer beskikt as dy't se yn 'e klinyk fan dokter Álvarez yn Kuba sjoen hawwe. Bond konkludearret dat Graves in eardere klant fan Álvarez wêze moat, dy't in oare identiteit oanmetten krigen hat. Hy beseft dat Graves nimmen oars is as de Noardkoreaanske kolonel Moon, dy't blykber syn fal mei de hovercraft fan it klif oerlibbe hat. Graves en al syn sakebelangen binne inkeld in momkape foar wat Moon wier fan doel is mei de Icarus.

Bond stjoert Jinx nei yn syn keamer yn it iispaleis om Miranda Frost te warskôgjen, mar de keamer is leech en nei't se der binnen gien is, wol de doar net wer iepen. Underwilens konfrontearret er sels Graves mei syn riddenearrings, dy't alles befêstiget. Ear't Bond mei de smjunt ôfweve kin, jout Frost har lykwols by harren en docht bliken dat sy de mysterieuze boarne fan Moon is, dy't Bond oardel jier lyn ferrette. Bond wit lykwols te ûntkommen en pykt út yn Graves syn iissylboat. Graves set de Icarus yn om mei in striel konsintrearre sinneljocht mei Bond ôf te weven, mar hy wit himsels op spektakulêre wize te rêden en keart werom nei it iispaleis om op 'e nij Jinx te befrijen.