The World Is Not Enough is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1999 ûnder rezjy fan Michael Apted. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Denise Richards en Sophie Marceau as de Bond girls Christmas Jones, resp. Elektra King en Robert Carlyle as de smjunt Renard. De titel betsjut "De Wrâld is Net Genôch", en ferwiist nei it fiktive Latynske biedwurd orbis non sufficit fan it wapen fan 'e famylje fan Bond (dat foar it earst te sjen wie yn 'e film On Her Majesty's Secret Service). The World Is Not Enough waard makke nei in folslein orizjineel senario.

De film folget James Bond as er nei de moard op miljardêr sir Robert King, dêr't nei alle gedachten de terrorist Renard efter sit, ynset wurdt om Elektra, de dochter fan King, te beskermjen. Geandewei dy opdracht ûntdekt er dat it oars sit en komt er in snoad plan op it spoar om in tal konkurrearjende oaljepiipliedings troch in kearnramp yn Istanbûl ûnbrûkber te meitsjen. The World Is Not Enough wie it njoggentjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Tomorrow Never Dies, út 1997. Fan 'e filmkritisy krige The World Is Not Enough mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, Die Another Day, kaam út yn 2002.

Plot Yn Bilbao, yn Baskelân, moetet geheim agint James Bond fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 de Switserske bankier Lachaise, dy't as tuskenpersoan fungearret by de oerdracht fan goed £3 miljoen dy't earder oan 'e Britske oaljemagnaat sir Robert King ûntstellen wie. Bond skeakelet de liifwachten fan Lachaise út en ûnderfreget de bankier om efter de identiteit te kommen fan 'e moardner fan in oare MI6-agint, dy't earder op 'e saak set wie. Mar Lachaise wurdt fermoarde troch syn sekretaresse, dy't eins in hiermoardneresse blykt te wêzen, foar't er Bond wat fertelt. Bond wit op spektakulêre wize mei it jild te ûntsnappen ear't er troch de tahastige plysje arrestearre wurde kin.

Yn it haadkertier fan MI6 yn 'e Britske haadstêd Londen wurdt it jild weromjûn oan King, dy't in âlde freon is fan MI6-sjef M. De steapel papierjild blykt lykwols foartiid yn in eksplosive floeistof dipt te wêzen en wurdt fan in ôfstân ta ûntploffing brocht as er it oppakt. By de eksploazje komme King en ferskate meiwurkers fan MI6 om, wylst in oansjenlik diel fan it haadkertier fan 'e ynljochtingetsjinst ferwoastge wurdt. As de moardner, dat de bankierssekretaresse út Bilbao blykt te wêzen, oer de rivier de Teems útpykt yn in speedboat, giet Bond har efternei yn in eksperimintele minyspeedboat fan Q, de kertiermaster fan MI6. Nei in lange efterfolging te wetter (en in lyts stikje oer lân), besiket de moardneresse by de Millennium Dome te ûntsnappen troch in hjitte-luchtballon te kapen, Bond wit ien fan 'e ankertouwen fêst te gripen en wurdt mei de loft yn skuord. As de ballon omjûn wurdt troch helikopters fan 'e Britske plysje, blaast de frou harsels leaver op troch har pistoal op 'e gasflessen fan 'e ballon ôf te fjurjen, as dat se har oerjout. Bond falt tsientallen meters omleech en komt del op it dak fan 'e Millennium Dome.

As Bond letter ûndersyk nei de saak docht, ûntdekt er dat it jild dat King fia MI6 weromkrige, omrekkene persiis 5 miljoen Amerikaanske dollar bedroech. Dat wie ek krekt de hichte fan 'e lospriis by de ûntfiering, inkele jierren lyn, fan King syn dochter Elektra troch de Russyske terrorist "Renard" (eins Viktor Zokas, in âld-agint fan 'e KGB). King behelle M doe by de saak as adviseur, en hja rikkemandearre him oan om net te beteljen, alteast nòch net, om't se tocht dat der noch tiid genôch wie om Renard op te spoaren en yn te rekkenjen. Dêr wie se lykwols mis mei, en in misbrûkte en traumatisearre Elektra wist in skoftke letter op eigen manneboet oan har gizelnimmers te ûntsnappen. Neitiid besocht M om Renard út te skeakeljen, mar de agint dy't se stjoerde, miste: de kûgel krong wol de harsens fan Renard binnen, mar deade him net. De kûgel sit lykwols te djip om te ferwiderjen en beweecht him stadichoan noch djipper nei binnen ta. Renard wurdt dêrom geandewei ymmún foar pine, oant de kûgel syn harsenskoars berikt en him deadocht.

De konklúzje moat wêze dat Renard efter de moard op King sit, en dat er wraak op MI6 nommen hat troch de ynljochtingetsjinst te brûken om King yn 'e fâle te lokjen. De iennichste belutsene nei wa't er noch net úthelle hat, is Elektra, dat M stjoert Bond om har te beskermjen. Dêrfoar reizget er nei Azerbeidzjan, dêr't it bedriuw fan King silger (no fan Elektra) in oaljepiiplieding oanleit fan 'e ûnoanboarre ierdoaljeboarnen yn 'e Kaspyske See troch de Kaukasus om fia Georgje en Turkije nei de havens fan 'e Middellânske See ferfierd te wurden. By syn oankomst wurdt Bond yn 'e kunde brocht mei Elektra har haad befeiliging Sasja Davidov en har liifwacht Gabor. Elektra, oan wa't net ferteld is dat Renard efter de moard op har heit sit, is der mar dreech fan te oertsjûgjen dat se ferlet hat fan Bond syn beskerming. Dat feroaret as sy en Bond al skyend by in ynspeksje fan it útstippele trasee troch de bergen oanfallen wurde troch in stikmannich swierbewapene mannen op sniescooters dy't har oan paragliders ek troch de loft fuortbewege kinne. Bond wit lykwols mei de oanfallers ôf te weven.

Letter besiket Bond in âlde bekende fan sines, de Russyske maffiabaas Valentin Zukovsky, yn in kasino dat dyselde yn 'e Azerbeidzjaanske haadstêd Bakû driuwt. Hy besiket fan Zukovsky ynformaasje los te krijen oer de identiteit fan 'e oanfallers, mar Zukovsky hâldt him fan 'e domme. Wylst se noch oan it praten binne, komt Elektra yn it kasino opdaagjen. Bond docht war en bepraat har om har net samar yn it iepenbier te bejaan, mar Elektra wol net nei him harkje en ferliest by in spul om 'e heechste kaart binnen de koartste kearen $1 miljoen oan Zukovsky. Nei't se it kasino ferlitten hawwe, reitsje sy en Bond mei-inoar op bêd.

De oare deis giet Bond wer op ûndersyk út. Hy ûntdekt dat Davidov temûk ûnder ien tekken skûlet mei Renard. Yn 'e kofferbak fan syn auto treft er it lyk oan fan dr. Michaïl Arkov, in Russysk ekspêr op it mêd fan nukleêr wapenreau. Bond bringt it lyk wei en krûpt sels yn 'e kofferbak. Nei't Davidov de auto nei in lyts fleanfjild riden hat, dêr't in privee-fleantúch foar him klear stiet, fermoardet Bond him en nimt syn plak yn. Hy ûntdekt dat Davidov sels it plak fan Arkov ynnommen hie. It fleantúch bringt him nei in eardere Russyske ynterkontinintale ballistyske raketbasis ta yn Kazachstan, oarekant de Kaspyske See. Dêr moetet Bond de tsjeppe Amerikaanske nukleêr natuerkundige dr. Christmas Jones, dy't dêr helpt om op feilige wize âld nukleêr wapenreau op te romjen.

Bond wurdt, yn syn momkape fan Arkov, nei de kelder fan in raketsilo brocht, dêr't Renard en syn trewanten, dy't de basis earder ynfiltrearre hawwe, dwaande binne mei it risselwearjen foar it stellen fan 'e plutoaniumlading fan in nukleêre raket. Dêrta ferwideret Renard û.m. de GPS-chipkaart, dy't de lokaasje fan 'e bom werjout. Ear't Bond Renard-en-dy ynrekkenje kin, wurdt er sels arrestearre om't de erchtinkende Christmas Jones ûntdutsen hat dat de echte Michaïl Arkov oardel kear sa âld en twa kear sa grou is Bond. Dat stelt Renard by steat om in mitrailleur te pakken, dêr't er alle echte Russyske militêren mei deasjit. Bond en Christmas binne de iennichste oerlibbenen fan 'e sjitpartij, mei't Bond op 'e tiid dekking siket en Jones har libben rêdt troch himsels boppe-op har te smiten. Renard-en-dy pike út mei de bom. Bond wit de GPS-chipkaart noch te pakken te krijen, tinkend dat it mooglik wat is dat fan belang is, mar as Christmas him fertelt wat it is, beseft er dat er dêr neat oan hat.

Underwilens skillet Elektra út Azerbeidzjan wei M op. Hja fertelt dat har haad befeiliging dea weromfûn is en dat Bond poater is. Mei't se har ûnfeilich fielt, freget se M oft dy, út freonskip foar har heit silger, net sels delkomme kin. M stimt dêryn ta en stapt fuortendaliks op it fleantúch nei Azerbeidzjan. Sadwaande treft Bond har dêr as er mei Christmas op sleeptou weromkomt út Kazachstan. Hy langet har de GPS-chipkaart oer as bewiis fan 'e dieverij fan 'e bom. Fuort dêrnei docht bliken dat de bom befêstige is oan in ynspeksjekarke dat de nije oaljepiiplieding yn stjoerd is. Om 'e bom ûnklear te meitsjen, eat dêr't Bond sels de kennis net foar hat, geane hy en Christmas tegearre op in oare ynspeksjekarke ek de piiplieding yn. Se litte har ynhelje troch it karke mei de bom en krûpe dêr dan op. Christmas stelt fêst dat de helte fan 'e plutoaniumlading mist en dat de bom sa't er no is net folle skea oanrjochtsje sil. Bond hjit har dan om it ding gewurde te litten en tegearre springe se fan it karke ôf. As de bom ôfgiet, wurdt yndie mar in relatyf lyts stikje fan 'e piiplieding opblaasd en folget der gjin grutte nukleêre eksploazje. Sûnder tsjinberjocht nimme M en Elektra lykwols oan dat Bond en Christmas omkommen binne.

Dat is krekt Bond syn bedoeling, mei't er erchtinkend wurden is oer Elektra en har út 'e tinte lokje wol. Sadree't se mient dat Bond dea is, lit se troch har liifwacht Gabor en guon oare trewanten de liifwachten fan M deasjitte en nimt se M sels finzen. Se leit dan út dat sy en Renard minners binne. Sy hat har eigen heit fermoarde út wraak foar syn wegering om losjild te beteljen doe't sy ûntfierd wie. Se is fan doel om ek M, dy't har heit yn dy kwestje oanrikkemandearre hie om sa te hanneljen, dea te meitsjen.

Bond fermoedet noch altyd dat Zukovsky mear wit as dat er tajûn hat, en siket de maffiabaas op as dy syn kaviaarfabryk oan 'e Kaspyske kust besiket. Sûnder dat Zukovsky it wit, skillet syn liifwacht Bull Elektra op sadree't er beseft dat Bond noch libbet. Sa kin it dat Bond-en-dy oanfallen wurde troch trewanten fan Elektra yn ferskate helikopters dêr't grutte snoeimasines ûnder hingje. Bond wit lykwols de helikopters del te heljen en Elektra har mannen te deadzjen. Neitiid set er Zukovsky ûnder druk oant dy tajout dat er in ûnderhânske regeling hat mei Elektra. Yn ruil foar de miljoen dollar dy't Elektra by har besyk oan syn kasino sa achteleas 'ferlear', hat er beävensearre dat sy yn it Turkske Istanbûl tydlik oer in dûkboat fan 'e Russyske Marine beskikke kin dêr't Zukovsky syn omkesizzer Nikolaj de kaptein fan is. As Bond him fertelt dat er fermoedet dat Elektra ûnder ien tekken skûlet mei Renard, wurdt Zukovsky ûngerêst.

Mei Zukovsky, Bull en Christmas reizget Bond nei Istanbûl, dêr't Renard en Elektra mei de finzen M ûnderwilens ek arrivearre binne. Christmas beseft dat as Renard it stellen plutoanium yn 'e nukleêre reäktor fan 'e dûkboat stopje soe, it resultaat in kearnraning wêze soe dy't Istanbûl alhiel fan 'e kaart fage. Dat soe de trije Russyske oaljepiipliedings fan 'e Kaspyske See troch de Kaukasus nei it westen ûnbrûkber meitsje, om't dy einigje by de kust fan 'e Swarte See, wêrnei't de oalje yn tankers fia de Bosporus by Istanbûl nei de Middellânske See en sa fierder ferfierd wurdt. Yn dat gefal soe Elektra har piiplieding, dy't streekrjocht nei de Middellânske See oan 'e súdkust fan Anatoalje liedt, de iennichst oerbleaune funksjonele oaljepiiplieding út 'e Kaspyske See wei wêze, wat har in monopoalje besoargje soe.