Dream Theater is in Amerikaanske progressive-metalband oprjochte yn 1985.

Skiednis Dream Theater is oprjochte yn 1986 troch gitarist John Petrucci, bassist John Myung en drummer Mike Portnoy wylst sy studearren oan de Berklee College of Music yn Boston. Kevin Moore, in skoalkammeraat fan Petrucci op de high skoalle, waard rekrutearre om keyboards te spyljen en Chris Collins waard frege as sjonger.

It fiiftal neamde harren band Majesty, op foardracht fan Mike Portnoy en ynspirearre troch syn omskriuwing fan it ôfslutende stik Bastille Day fan Rush. Hja ferlieten de skoalle om har oan har band te wijen.

Yn novimber 1986, nei in oantal moannen tegearre nûmers skreaun en gearspile te hawwen, ferliet Chris Collins de band. Nei in jier waard de âldere en mear betûfte Charlie Dominici as sjonger fûn.

Koart neidat de earste demo's fan de band útkaam wiene, waarden se twongen ta in nammeferoaring. In oare band wie al bekend ûnder de namme Majesty en dy drige mei gerjochtlike stappen. Ferskate alternativen passearren de revu, oant Portnoys heit de namme Dream Theater oandroech. Heit Howard Portnoy ûntliende de namme oan in bioskoop yn Kalifornje, neamd The Dream Theater. Yn 1989 brocht de band syn debútalbum út When Dream and Day Unite. De promoasjetoernee bestie mar út fiif konserten. Nei fjouwer optredens waard sjonger Dominici ûntslein fanwege persoanlike en kreative mieningsferskillen. Syn ferfanger waard fûn yn de Kanadeeske sjonger Kevin James LaBrie, earder fan Winter Rose. Yn 1992 kaam it earste album mei de nije sjonger Images and Words út.

Yn in ynterview yn juny 2010, makke sjonger James Labrie bekend dat de band in skoft yn laskjen soe oant jannewaris, en dêrnei begjinne soe oan de opnamen fan in nij album. Septimber 2010 makke drummer Mike Portnoy bekend dat hy de band ferlitte soe. Mike Mangini earder fan Annihilator waard syn ferfanger.

Logo en Byldmerk thumb|200px|Op de eftergrûn it Majestysymboal thumb|200px|Logo fan Dream Theater Betiid yn harren bestean hie Dream Theater al in eigen byldmerk, bekend as it Majestysymboal, en lettertype dat op it measte fan harren promosjoneel materiaal brûkt is. Sels neidat de band de namme Majesty falle litte moast, is it dochs harren offisjele hannelsmerk bleaun.

It Majestysymboal komt fan it teken fan Marije I fan Skotlân. It is bewurke troch Charlie Dominici foar de albumhoes fan When Dream and Day Unite.

It net dúdlik foarkommen fan it logo op de albumhoes fan Falling Into Infinity en it net foarkommen op de albumhoes fan Once yn a LIVEtime waard troch guon fans ynterpretearre as befêstiging dat Dream Theater harren progressive woartels oan it kwytreitsjen wie. Dizze twa albumhoezen binne lykwols ûntwurpen troch Storm Thorgeson, en dizze keunstner woe net wurkje mei lettertypen dy 't troch oaren makke binne. Op Scenes From a Memory wie it byldmerk wer oanwêzich en sûnt dy tiid hat it in plak krigen op elk album.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) When Dream and Day Unite6 maart 1989MechanicImages and Words7 july 1992AtcoPull Me Under,Another DayAwake4 oktober 1994East WestLie,The Silent ManFalling into Infinity23 septimber 1997Hollow YearsMetropolis Pt. 2:Scenes from a Memory26 oktober 1999ElektraThrough Her EyesSix Degrees of Inner Turbulence29 jannewaris 2002Train of Thought11 novimber 2003Octavarium7 juny 2005AtlanticSystematic Chaos4 juny 2007RoadrunnerConstant Motion,ForsakenBlack Clouds & Silver Linings23 juny 2009A Rite of Passage,WitherA Dramatic Turn of Events13 septimber 2011On the Backs of Angels,Build Me Up, Break Me DownDream Theater24 septimber 2013The Enemy Inside,,Along for the Ride,The Looking GlassThe Astonishing29 jannewaris 2016The Gift of Music,Moment of Betrayal,Our New World (ft. Lzzy Hale)Distance over Time22 febrewaris 2019Inside Out MusicUntethered Angel,Fall into the Light,Paralyzed,Barstool Warrior,At Wit's EndA View from the Top of the World22 oktober 2021The Alien,Invisible Monster,Awaken the MasterParasomnia2025

Live-albums Album Utbrocht op Label Live at the Marquee4 septimber 1993AtcoOnce in a LIVEtime27 oktober 1998ElektraLive Scenes from New York11 septimber 2001Live at Budokan5 oktober 2004AtlanticScore29 augustus 2006RhinoChaos in Motion: 2007–200830 septimber 2008RoadrunnerLive at Luna Park5 novimber 2013Eagle RockBreaking the Fourth Wall29 septimber 2014RoadrunnerDistant Memories27 novimber 2020Sony

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opGreatest Hit(...And 21 Other Pretty Cool Songs)1 april 2008

Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1986