Terminator: Genisys is in Amerikaanske apokalyptyske en dystopyske science fiction-aksjefilm út 2015 ûnder rezjy fan Alan Taylor, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Emilia Clarke en Jai Courtney. De film is it fyfde diel en tagelyk in reboot fan 'e filmsearje Terminator. It ferhaal giet oer Kyle Reese, in soldaat yn 'e oarloch tsjin 'e keunstmjittige yntelliginsje fan it Skynet, dy't de minskheid útrûgje wol. Hy wurdt út 2029 wei werom yn 'e tiid stjoerd nei 1984 om Sarah, de mem fan fersetslieder John Connor, te rêden as it Skynet in moardmasine, in terminator, werom yn 'e tiid stjoerd om har te deadzjen. Oant safier folget de film krekt itselde ferhaal as The Terminator, it earste diel fan 'e rige. Mar as Reese yn 1984 arrivearret, blykt de tiidline folslein feroare te wêzen trochdat út in fierdere takomst terminators nei 1973 stjoerd binne. Dêrtroch is Sarah Connor op njoggenjierrige leeftyd wees wurden en is se grutbrocht troch in werprogrammearre Terminator dy't se 'Pops' neamt. Terminator: Genisys krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Om't de opbringst yn 'e Feriene Steaten lykwols bot ôffoel, waarden de beide plande ferfolchfilms fan Terminator: Genisys skrast.
Plot Yn 2029 is de oarloch tusken de masines dy't oanstjoerd wurde troch de wrâldwide keunstmjittige yntelliginsje Skynet en it minsklik ferset û.l.f. John Connor yn folle gong. It Skynet beskôget it bestean fan 'e minskheid as in bedriging foar syn eigen fuortbestean en is wisberet om 'e minsken út te rûgjen. It ferset stiet op it punt it Skynet te ferslaan, mar ear't dat barre kin, aktivearret it Skynet in tiidmasine. It stjoert in T-800-terminator, in moardmasine yn 'e foarm fan in cyborg mei in metalen skelet ûnder in laachje libben weefsel, werom yn 'e tiid nei 1984. De bedoeling dêrfan is om Sarah Connor, de mem fan John Connor, te fermoardzjen ear't John berne wurde kin, sadat er letter ek nea it minsklik ferset nei de oerwinning liede kin.
Nei't it Skynet oerwûn is, stjoert John Connor in frijwilliger, syn freon Kyle Reese, efter de terminator oan om Sarah te beskermjen. Foartiid fertelt er Reese wat dy yn 1984 oantreffe sil: de tweintichjierrige Sarah wurket as servearster en hat net it flauste benul fan wat har te wachtsjen stiet. Se is gjin skym fan 'e trochwintere striidster dy't se letter wurde sil. Reese sil har dêrom beskermje moatte en yn alles it foartou nimme moatte.
As de tiidmasine aktivearre wurdt en Reese yn it magnetysk fjild fan it apparaat hinget, fangt er in glim op fan hoe't John Connor oanfallen wurdt troch in terminator yn 'e momkape fan in minsklik soldaat, dy't op 'e iene of oare wize de ûndergong fan it Skynet oerlibbe en it ferset ynfiltrearre hat. Dêrtroch ûntstiet in tiidsparadoksaal skeakelpunt dat de tiidlinen fan takomst en ferline feroaret. Fan gefolgen ûnderfynt Reese, wylst er troch de tiid weromreizget nei 1984, oantinkens oan in jonkheid dy't er nea hân hat. Hy is nammentlik berne nei de nukleêre holokaust fan 1997, doe't it Skynet selsbewust waard en op 'e saneamde Oardielsdei alle nukleêre wapenreau op 'e wrâld ynsette om 'e minskheid te ferneatigjen. De griene wrâld dêr't syn âldelju him oer ferteld hawwe, hat er sels nea meimakke. No kin er him ynienen in parallelle skiednis tebinnenbringe, wêryn't er dy wrâld wol meimakke hat en de Oardielsdei pas plakfûn yn 2017, doe't er trettjin jier wie. Ek hat er in oantinken oan himsels as jonge foar de spegel, wêrby't er oanhâldend tsjin himsels seit: "Genisys is Skynet, ûnthâld dat."
De T-800 fan Skynet arrivearret yn 1984 yn Los Angeles, mar treft dêr fuortendaliks in oare, âldere T-800-terminator, dy't him oanfalt. Dyselde wurket gear mei Sarah Connor en wurdt troch har "Pops" neamt ("Heity"). Tegearre bringe se de nije T-800 sa'n skea ta dat dy útskeakele wurdt. As Reese yn 1984 arrivearret, wurdt er oanfallen troch in type terminator dat er noch nea sjoen hat, in T-1000, dy't út floeiber metaal bestiet. Op 'e flecht foar dy masine wurdt er arrestearre troch twa plysjes nei't er ynbrutsen hat yn in warehûs. De iene plysjeman wurdt troch de T-1000 deamakke, en Reese siket beskûl mei de oare plysje, in jonge rekrút dy't O'Brien hjit. Se wurde rêden as Sarah Connor mei in pânsere bestelwein de winkel ynriidt om Reese op te pikken, wêrnei't de T-1000 de efterfolging yn set en O'Brien fierder gewurde lit.
Ta Reese syn skrik wurdt Sarah beselskippe fan 'e âlde T-800-terminator Pops. Nei't er dyselde om 'e nocht en tsjin Sarah har wil besocht hat út te skeakeljen, slacht Pops him bewusteleas. As Reese letter wer by besleur komt, leit Sarah him út dat se yn 1973 op njoggenjierrige leeftyd oanfallen is troch de T-1000, dy't har âlden deade. Sysels waard rêden troch Pops, in T-800 dy't werprogrammearre wie om har te beskermjen en doe ek werom yn 'e tiid stjoerd wie nei 1973. Neitiid is se grutbrocht troch Pops. Wa't Pops werprogrammearre en weromstjoerd hat, is ûnbekend, mar it is dúdlik dat hy en de T-1000 weromstjoerd wêze moatte fan fierder yn 'e takomst as 2029.
Sarah en Pops lokje de T-1000 nei in leechsteand fabryk. Dêr reäktivearret de T-1000 de nije T-800, dy't krekt yn 1984 oankommen wie. Dy giet efter Reese oan, dy't mar nauwerneed it faaie libben derôf rêde en de T-800 ferneatigje kin. Underwilens wurdt de T-1000 ferneatige as er ûnder in stellaazje mei jerrycans sâltsoer lokke wurdt, dy't dêrop troch Sarah leksketten wurde.
Sarah en Pops hawwe yn itselde fabryk ek in provisoaryske tiidmasine boud, mar dy koene se net brûke om't se in kompjûter misten dy't avansearre genôch wie om 'e masine oan te driuwen. Troch de prosessor fan 'e ferneatige T-800 oan 'e tiidmasine ta te foegjen, meitsje se it apparaat no operatyf. Sarah is fan doel om 'e tiidmasine te brûken en reizgjen nei 1997, it jier dat it Skynet ree komt, sadat se de Oardielsdei foarkomme kin. Reese is der lykwols fan oertsjûge rekke dat as de tiidline yn 1984 feroare is, dat ek sa wêze moat mei wat Sarah as de takomst beskôget. Hy bringt him in warskôging út syn nije oantinkens oan syn bernetiid tebinnen, dêr't er út opmakket dat se ynstee nei 2017 reizgje moatte om it Skynet tsjin te hâlden. Hy hat der klauwen oan om Sarah fan syn gelyk te bepraten, mar rêdt dat úteinlik op troch wat te werheljen dat sy sels tsjin him sein hat doe't er noch mar trettjin jier wie (wat betsjutte moat dat Sarah nei 2017 reizge is).
Om't Pops yn it gefjocht mei de T-1000 in diel fan syn weefselbedekking kwytrekke is, dat jierren duorje sil ear't it wer oangroeid is, kin er net meireizgje troch de tiid. Inkeld libben weefsel (of floeiber metaal dat de foarm fan libben weefsel oannimt) kin fan 'e tiidmasine gebrûk meitsje. Pops stjoert sadwaande Reese en Sarah neaken 33 jier yn 'e takomst, wylst er sels, sa't er seit, "de lange rûte nimt". Sarah krûpt de âlde terminator oan, mar Pops seit dat er in masine is en net begrypt wêrom't minsken dingen fêstholde as se dy krekt loslitte moatte.
Yn 2017 arrivearje Reese en Sarah neaken midden op in drokke autosnelwei yn San Francisco, dêr't de enerzjybol fan it tiidreizgjen oansjenlike skea tabringt oan it weidek en ferskate auto's. Dat wurdt troch de plysje opfetten as in selsmoardoanslach, en Reese en Sarah wurdt troch resjersjeurs Matias en Cheung arrestearre op fertinking fan terrorisme. In oansjenlik ferâldere Pops stiet ûnderwilens in ein fierderop yn 'e file en kin harren sa gau net berikke. Wylst harren ferwûnings yn it sikehûs fersoarge wurde, hearre Reese en Sarah dat Genisys, in nij kompjûtersysteem dat alle apparaten op 'e wrâld oaninoar keppelje sil, oer inkele dagen yn wurking steld wurde sil. Reese wit út syn nije jeugdoantinkens dat Genisys in oare namme is foar it Skynet.
Wylst Reese en Sarah noch yn it sikehûs binne, ferskynt ynienen John Connor by harren, dy't bewiist dat er is wa't er liket te wêzen troch ferskate oantinkens op te heljen dy't er inkeld dielt mei Reese, resp. Sarah. Se ûntsnappe út 'e ôfskoattele sikehûskeamer en sykje har wei nei de parkearkelder, dêr't Pops him by harren jout en fuortendaliks John delsjit. Sarah en fral Reese binne yn alle steaten, mar as John wer oerein klaut sûnder bliuwend skansearre te wêzen, docht bliken dat er no in T-3000 is. Dat is in avansearre type terminator opboud út nanotechnology dy't him op sellulêr nivo omfoarme hat ta in masine, mei behâld fan alle kennis út syn oantinkens, mar sûnder de emoasjes en doelen dy't er as minske hie. Dat is bard doe't Reese syn reis nei 1984 begûn en John oanfallen waard troch in terminator yn 'e momkape fan in fersetsman. John is dêrnei weromreizge yn 'e tiid om te bewissigjen dat it bedriuw Cyberdyne Systems yn 2017 dochs noch it Skynet, no ûnder de nije namme Genisys, ûntwikkelje soe.
Reese, Sarah en Pops ûntkomme oan John nei't Pops him yn it gefjocht troch ferskate muorren fan it sikehûs hinne raamd hat en dêrby de tafallige ûntdekking dien hat dat de ionisearjende wurking fan in CT-scanner as in magneet wurket op 'e nanotechnologyske dieltsjes dêr't John no út bestiet. Se bejouwe har nei in stikmannich âlde ûndergrûnske bunkers yn 'e heuvels dy't útsjogge oer de Golden Gate-brêge, dêr't Pops de lêste tritich jier in wier arsenaal oan wapenreau sammele hat. Wylst se dêr binne, ûntdekt Sarah ta har ferheardens dat Pops foto's, tekenings en boartersguod fan har út har jonkheid bewarre hat. Nettsjinsteande al syn bewearings fan it tsjinstelde, liedt se dêrút ôf dat er wol deeglik gefoelens hat en fan har hâldt.
It is no noch minder as in etmiel foar't Genisys oanset wurdt en dêrmei de Oardielsdei begjinne sil. Wylst Sarah, Reese en Pops tariedings meitsje om yn te brekken yn it haadkertier fan Cyberdyne Systems, sadat se dêre de mainframekompjûter fan Genisys ferneatigje kinne, komt John harren yn 'e bunkers oer it mad. Se ûntsnappe yn in stellen skoalbus, mar wurde efterfolge troch John op in motor. Op 'e Golden Gate-brêge lit er de bus oer de kop slaan, wêrnei't dy fan 'e brêge keallet. Pops wit Sarah en Reese te rêden, mar neitiid wurde se arrestearre troch in grutte plysjemacht dy't op 'e efterfolging oer de brêge ôf kommen is. Se wurde oerbrocht nei it plysjeburo, dêr't resjersjeurs Matias en Cheung de jonge Kyle Reese en syn âlden derby frege hawwe om't Reese deselde fingerôfdrukken hat as de jonge. Mei help fan in 33 jier âldere plysje O'Brien ûntkomme Reese, Sarah en Pops út it plysjeburo ear't John harren fermoardzje kin. Sarah bewissiget dat de jonge Kyle en syn âlden ûntkomme en jout Kyle dêrby it oantinken oan har dêr't er har letter (of earder), yn 1984, mei beprate sil om nei 2017 te reizgjen ynstee fan nei 1997.
Yn in kaapte helikopter sette se ôf nei it haadkertier fan Cyberdyne Systems, wylst se John yn in oare helikopter efter harren oan krije. Pops springt fan 'e iene helikopter nei de oare oer en lit John sines delstoarte, sadat Reese en Sarah feilich lânje kinne. John oerlibbet it delstoarten lykwols sûnder skansearre te reitsjen en arrivearret it earst by Cyberdyne, dêr't er it ôftellen nei it aktivearjen fan Genisys ferflugget fan 13 oeren nei 15 minuten. Pops stelt John tydlik bûten gefjocht troch him te speetsen oan in propellorblêd fan 'e delstoarte helikopter, wêrnei't hy, Reese en Sarah op strategyske plakken yn it gebouwekompleks bommen pleatse.