Terminator: Salvation is in Amerikaanske post-apokalyptyske science fiction-aksje- en oarlochsfilm út 2009 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Christian Bale en Sam Worthington. De titel betsjut "Terminator: Ferlossing". It ferhaal folget Marcus Wright, in moardner dy't de deastraf kriget en syn stoflik omskot donearret oan 'e wittenskip, om fyftjin jier letter wekker te wurden yn in ferwoastge wrâld, dêr't de keunstmjittige yntelliginsje Skynet it meastepart fan 'e minskheid útrûge hat troch it gebrûk fan kearnwapens. Wright jout him by John Connor, de lieder fan it minsklike ferset yn 'e oarloch tsjin 'e masines, dy't risselwearret foar in, nei't er hopet, beslissende oanfal op it haadkertier fan Skynet. Terminator: Salvation wie de fjirde film út 'e Terminator-searje, en is as sadanich in direkt ferfolch op Terminator 3: Rise of the Machines, út 2003. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Terminator: Salvation it earste diel fan in trilogy wêze soe, mar troch it fallisemint fan filmstudio The Halcyon Company, letter yn 2009, rûnen dy plannen op 'e non. Ynstee waard yn 2015 Terminator: Genisys makke, as it earste diel fan in reboot-trilogy dy't likemin fan 'e grûn kaam.

Plot Yn 2003 bepraat dr. Serena Kogan fan it bedriuw Cyberdyne Systems de foar moard ta de deastraf feroardiele finzene Marcus Wright en skink syn stoflik omskot oan 'e wittenskip. Net folle letter (sjoch: Terminator 3: Rise of the Machines) berikt it automatisearre kompjûtersysteem Skynet, dat troch Cyberdyne ûntwikkele is, selsbewustwêzen. Mei't it de minskheid as in bedriging foar syn fuortbestean sjocht, feroarsaket it fuortendaliks in nukleêre holokaust om 'e minske as soarte út te rûgjen yn in foarfal dat bekend komt te stean as de Oardieldei.

Yn 2018 hat John Connor, ien fan 'e foaroanlju fan it minsklik ferset tsjin it Skynet en syn leger fan masines, de lieding oer in oanfal op in ûndergrûnske basis fan it Skynet. Dêr ûntdekt er minsklike finzenen en teffens in skematyske werjefte foar it ynkorporearjen fan libben weefsel yn in gefjochtsrobot om foar it earst in cyborg te skeppen dy't op it earste each net fan in minske te ûnderskieden falt. De cyborg wurdt ûntwikkele út in robotklasse dy't de Terminator neamd wurdt en hat dêrom de oantsjutting T-800. As er dat sjocht, beseft Connor dat alles dat syn ferstoarne mem Sarah him ferteld hat, op it punt stiet út te kommen, want it Skynet sil in T-800 troch de tiid hinne weromstjoere nei it ferline om har te deadzjen (sjoch: The Terminator). Dat betsjut dat Connor in soldaat werom yn 'e tiid stjoere moat dy't Kyle Reese hjit, om syn mem te rêden en syn heit te wurden. It probleem is dat er net wit wa't of wêr't Reese is.

De lichte ferdigening fan 'e Skynetbasis blykt in falstrik te wêzen, en as der in atoombom ôfgiet, komme alle fersetslju en alle finzenen om, útsein Connor, dy't krekt tefoaren weromkeard wie nei it ierdoerflak om út te finen wêrom't de kommunikaasje ophold mei de dêr efterlitten troepen (dy't útskeakele blike te wêzen). Connor set ôf nei it plak dêr't er troch oare fersetslju oppikt wurde sil. Nei't er ôfset is, klaut ien fan 'e finzenen, Marcus Wright, him út 'e ruïnes fan 'e ûndergrûnske basis in wei troch modder en dridze nei it ierdoerflak. Hy begrypt net wêr't er him befynt of wat him oerkommen is en set geandefoets ôf.

Connor bejout him nei de wrâldlieders fan it minsklik ferset, dy't har oan board fan in dûkboat befine. As er in ferklearring easket foar de reden fan 'e oanfal op 'e basis, dêr't syn hiele ienheid by sneuvele is, fertelle de generaals Ashdown en Losenko him dat yn 'e kompjûterbestannen dy't yn 'e basis bútmakke binne, in geheim koadeprotokol fûn is, wêrfan't se leauwe dat it alle masines fan Skynet útsette kin. Op basis fan dy ynformaasje risselwearret it ferset om in oanfal út te fieren op it haadkertier fan it Skynet yn wat foarhinne yn San Francisco wie. Dy oanfal sil oer fjouwer dagen plakfine, om't der ek in deadelist fan it Skynet ûntdutsen is, wêryn't gewach makke wurdt fan 'e útskeakeling fan 'e folsleine lieding fan it ferset oer sân dagen. Connor wurdt ferteld dat hy nûmer 2 op 'e deadelist is. As er freget wa't op it earste plak stiet, kriget er te hearren dat dat in ûnbekende is, in Kyle Reese. De fersetslieders binne har ûnbewust fan 'e wichtigens fan Reese, mar Connor beseft no dat it Skynet dêr wól weet fan hat.

Underwilens is Marcus Wright yn Los Angeles oankommen, dat ta syn folsleine ferbjustering in ruïnestêd is. As er de oandacht lûkt fan in T-600-Terminatorrobot, wurdt er rêden troch de fersetsman Kyle Reese, dy't him tegearre mei it stomme achtjierrige famke Star yn 'e stêd beskûlhâldt. Om't Marcus by fersin de oandacht fan it Skynet op harren fêstige hat, moatte se trijeresom flechtsje. Se bejouwe harren nei de Mojavewoastyn, dêr't se in groep oare minsklike flechtlingen moetsje, dy't oanfierd wurde troch de âldere frou Virginia. It Skynet fynt harren dêre en syn robots deadzje in stikmannich flechtlingen en nimme de oaren finzen. Marcus besiket mei Reese en Star út te naaien, mar nei in wylde efterfolging wurde syn beide selskipslju finzen nommen.

De hommelse taname fan 'e aktiviteit fan it Skynet yn 'e woastyn lûkt de belangstelling fan John Connor, dy't in pear Fairchild Republic A-10 Thunderbolt II-strieljagers stjoert om op ûndersyk út te gean. Beide fleantugen wurde troch it Skynet delhelle, mar ien fan 'e piloaten oerlibbet it. Dat is Blair Williams, dy't, nei't se mei de sjitstoel oan 'e ferneatiging fan har tastel ûntkommen is, op 'e grûn Marcus moetet. Hy wol eins efter de robots oan dy't Reese en Star finzennommen hawwe, mar Blair oertsjûget him derfan dat soks in selsmoardmisje wêze soe, en ynstee nimt se him geandefoets op sleeptou mei werom nei har basis, dêr't er John Connor om help freegje kin. Underweis wurdt Blair jûns nei tsjuster oermastere troch in trio manlju dy't har ferkrêfsje wolle, mar as Marcus weromkomt, dy't op 'e siik nei brânhout foar in kampfjoer gien wie, makket er regaad troch op rislute wize mei de oanfallers ôf te weven.

As Marcus en Blair by de basis fan Connor arrivearje, moatte se dêr in minefjild mei magnetyske lânminen trochkruse, dy't ûntwurpen binne om masines tsjin te kearen. Ien fan 'e minen klinkt him lykwols fêst oan Marcus syn skonk en giet ôf. Blair bringt him swierferwûne de basis binnen, dêr't ûntdutsen wurdt dat Marcus eins gjin minske is, mar in cyborg mei in minsklik hert, in meganysk skelet en in foar in diel keunstmjittige harsenskoars. Connor beskôget him as in ynkringer dy't fan doel wie alle minsken yn 'e basis te fermoardzjen, mar Marcus hâldt fol dat er gjin robot mar in minske is en dat er net wit wa't him dit oandien hat (hoewol't er dêr wol nei riede kin). Ek fertelt er dat syn freon Kyle Reese finzennommen is troch it Skynet en ôffierd nei it haadkertier yn San Francisco. Hoewol't Connor oan syn frou Kate, dy't op alle dagen rint, bekent dat er yn Marcus syn eagen sjoen hat dat dyselde leaut wat er seit, kin er it risiko net nimme dat er mis is. Hy oarderet dat Marcus sloopt wurde moat. Blair, dy't it net mei dat beslút iens is, helpt Marcus lykwols om te ûntkommen.

Connor set yn in helikopter de efterfolging yn, mar wit Marcus net werom te finen. Ynstee wurdt de helikopter, as dy leech oer in rivier fljocht, oanfallen troch saneamde 'hydrobots' fan it Skynet, dy't it tastel delhelje. As er nei de riviersigge besiket te swimmen, wurdt Connor oanfallen troch ferskate hydrobots, mar hy wurdt rêden troch Marcus, dy't mei boppeminsklike krêft de swimmende robots mei bleate hannen útinoar skuort. Neitiid goait Connor it mei Marcus op in akkoartsje: Marcus sil it haadkertier fan it Skynet ynfiltrearje om fan dêrút Connor te helpen by it befrijen fan Reese en de oare finzenen.

Connor pleitet by generaal Ashdown foar it útstel fan 'e oanfal op it haadkertier fan it Skynet, sadat er de minsklike finzenen (Reese ynbegrepen) befrije kin. Ashdown stegeret him lykwols ôf en as Connor oanhâldt mei syn beswieren, ûntheft er him út syn funksje. Connor syn ûnderhearrigen akseptearje dat net en geane troch mei syn befellen op te folgjen. As er fia de radio kontakt opnimt mei oare fersetsôfdielings yn Bakersfield, Eugene en Reno, geane dy akkoart mei syn fersyk om útstel, nei't er in pleidoai holden hat dat in oerwinning nutteleas is as it ferset krekt like gefoelleas te wurk giet as de masines fan it Skynet.

It slagget Marcus sûnder swierrichheden om it haadkertier fan it Skynet binnen te kommen, om't de masines him weromkenne as ien fan harren. Hy slút himsels oan op it Skynet om 'e ferdigening yn in diel fan it kompleks út te setten, sadat Connor dêr binnenkringe kin. Dêrnei ferliest er lykwols it bewustwêzen. As er wer bykomt, docht bliken dat er reparearre is troch it Skynet. It kompjûtersysteem nimt foar him de foarm fan dr. Serena Kogan oan en leit him út dat hy as heal minske, heal masine in unyk prototype cyborg is, dat ûntwikkele is om yn it ferset te ynfiltrearjen. Marcus beseft dan dat alles dat er dien hat sûnt er wekker waard en eltse beslissing dy't er sels tocht nommen te hawwen, eins yn syn ûnderbewuste oanstjoerd is troch it Skynet. 'Dr. Kogan' fertelt him dat er krekt dien hat wêr't er foar bedoeld wie: Kyle Reese fine en it Skynet nei him ta liede en John Connor fine en him nei it haadkertier fan it Skynet ta lokje. It koadeprotokol dêr't it ferset it Skynet mei besykje sil út te setten, is betocht troch it Skynet sels en sil net wurkje. Krektoarsom, it sinjaal sil de masines fan it Skynet nei de fersetsbases liede en by steat stelle dy út te skeakeljen.

As generaal Ashdown de oanfal ynset en fan syn dûkboat út it sinjaal begjint út te stjoeren, docht bliken dat it Skynet de wierheid sprutsen hat: de lokaasje fan 'e dûkboat is no maklik te finen, en it skip wurdt mei alle opfarrenden ferneatige. Om't Connor noch altyd mient dat it sinjaal wurkje sil, is it mar in kwestje fan tiid foar't de fersetsbases op lân it sinjaal ek begjinne út te stjoeren, sadat dy ek ferneatige wurde kinne. Underwilens hat Connor Reese en de oare finzenen befrijd, mar sels wurdt er op syn weromwei út it kompleks oanfallen troch de earste T-800-Terminator, dy't him deadzje sil.

Alle hope liket ferlern, mar dan bart der wat dat it Skynet net ferwachte hie: it minsklike part fan Marcus wurdt syn masinale part oermânsk, en hy skuort de bestjoeringschip, dy't yn syn harsenskoars ymplantearre is, derút. Wylst Marcus de T-800 befjochtet, ferbynt Connor in stikmannich nukleêre brânstofsellen om it Skynet-haadkertier op te blazen. As de T-800 Marcus eefkes oermânsk wurdt, stekt er Connor fan efteren ôf troch de boarstkas. Marcus weeft foargoed mei it ding ôf troch de kop derôf te skuorren. Neitiid helpt er tegearre mei Reese de swierferwûne Connor nei de helikopters ta dy't de befrijde finzenen ôfhelje. Ienris yn 'e loft bringt Connor mei in troch it famke Star rêden ôfstânsbetsjinning syn provisoaryske bom ta ûntploffing, dy't it haadkertier fan Skynet folslein ferwoastget.

Yn in fjildhospitaal yn in fersetsbasis kriget Kate Connor fan 'e dokters te hearren dat Connor syn hert te slim ferwûne is om him te rêden. Dêrop biedt Marcus syn eigen hert oan foar transplantaasje, by wize fan ferlette ferlossing foar de misdieden yn syn eardere libben as minske. Wylst er nei de operaasje wer opbetteret, sprekt Connor oer de radio de oare leden fan it ferset ta. Hy seit dat hoewol't it Skynet in slimmen slach tabrocht is, de keunstmjittige yntelliginsje net op ien plak bestiet en dêrom net op dizze wize deade wurde kin. De oarloch giet sadwaande troch.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise                 John Connor Christian Bale Marcus Wright Sam Worthington

byrollen