Terminator 3: Rise of the Machines is in Amerikaansk-Britsk-Dútske science fiction-aksjefilm út 2003 ûnder rezjy fan Jonathan Mostow, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Nick Stahl, Claire Danes en Kristanna Loken. De titel betsjut "Beëiniger 3: Opkomst fan 'e Masines". It is it trêde diel út 'e Terminator-filmsearje, nei The Terminator, út 1984, en Terminator 2: Judgment Day, út 1991. It ferhaal folget in folwoeksen John Connor, dy't, diskear yn 'e mande mei syn takomstige frou Kate Brewster, op 'e nij it doelwyt wurdt fan in robot dy't troch de keunstmjittige yntelliginsje Skynet út 'e takomst wei troch de tiid hinne weromstjoerd is om him te deadzjen. Fannijs wit it minsklik ferset tsjin Skynet in eigen Terminator werom te stjoeren om him en Kate te beskermjen. Terminator 3: Rise of the Machines wie de earste Terminator-film dy't net regissearre waard troch James Cameron en ek de earste dêr't aktrise Linda Hamilton yn ûntbriek. Hoewol't de film troch in diel fan 'e fans as in rare ôfdijer beskôge waard omreden fan 'e yn mineur einigjende plot, krige Terminator 3: Rise of the Machines oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen wie de film súksesfol, ek al wie it doedestiden de djoerste film aller tiden. In ferfolch kaam yn 2009 út ûnder de titel Terminator: Salvation.

Plot Tsien jier nei de ferwoastging fan Cyberdyne Systems (sjoch: Terminator 2: Judgment Day) libbet John Connor nei it ferstjerren fan syn mem Sarah oan kanker in nomadysk bestean om himsels te ferbergjen foar de takomstige keunstmjittige yntelliginsje Skynet. Want nettsjinsteande it feit dat de oarloch tusken minsken en masines net, lykas foarsein, yn 1997 útbrutsen is, bestiet it gefaar noch altyd, dêr is er fan oertsjûge. En hy hat gelyk. Want mei't Skynet Connor yn dy syn ferline net fine kin, stjoert it in nij model Terminator mei in froulik uterlik, de T-X, werom yn 'e tiid nei Connor syn hjoeddeistige tiid yn Los Angeles. De T-X is programmearre om net Connor, mar syn lettere bûnsgenoaten yn it minsklik ferset tsjin Skynet te eliminearjen. It ferset wit op 'e nij in eigen, werprogrammearre T-800 Terminator werom yn 'e tiid te stjoeren, dy't de taak hat om 'e doelwiten fan 'e T-X te beskermjen, ûnder wa Connor syn takomstige frou Kate Brewster.

Connor kriget in ûngemak mei de motor, wêrby't er him oan ien fan syn skonken ferwûnet. Om't er him net nei in sikehûs of dokter doar te bejaan, mei't er dan mei namme en tanamme yn 'it systeem' komme sil en wer fynber wurde sil foar Skynet, brekt er yn by in bistedokterspraktyk, dêr't er himsels feterinêre medisinen tatsjinnet. It tafal wol dat dat deselde bistedokterspraktyk is dêr't Kate wurket. Underwilens komt de T-X, nei't se ferskate oare doelwiten likwidearre hat, Kate op it spoar. Yn 'e bistedokterspraktyk ûntdekt se bewiis fan 'e oanwêzigens fan Connor, dy't dêrnei fuortendaliks har wichtichste doelwyt wurdt. Mar mei help fan 'e Terminator witte Connor en Kate te ûntkommen.

De Terminator nimt harren mei (Connor gewillich en Kate minder gewillich) nei it mausoleum dêr't Sarah Connor sabeare beïerdige is. As se yn har grêf ynbrekke, treffe se lykwols ynstee in fjoerwapenarsenaal oan dat Sarah neilitten hat foar it gefal dat de saneamde Oardielsdei (de dei dat Skynet in kearnoarloch útlokket om 'e minskheid út te rûgjen) tsjin alle hope yn dochs noch plakfine soe. As de plysje arrivearret om Connor en Kate te arrestearjen foar harren skynbere belutsenens by de oanfal op 'e bistedokterspraktyk, folget der in sjitpartij. De T-X fynt harren wer, mar se witte op 'e nij te ûntkommen.

De Terminator leit oan Connor en Kate út dat de aksjes fan syn mem yn 1995 (sjoch: Terminator 2: Judgment Day) de Oardielsdei inkeld útsteld hawwe. Feitliks is it hjoed Oardielsdei, mei't Skynet om 6.18 oere selsbewustwêzen berikke sil en in mikrosekonde letter ta de útrûging fan 'e minskheid beslute sil om't it dy as in gefaar foar it eigen fuortbestean sjocht. Fuort dêrnei sil it in kearnoarloch begjinne dêr't mear as fjouwerfyfde part fan alle minsken by omkomme sille. De Terminator wol Connor en Kate nei Meksiko bringe, om oan 'e radio-aktive strieling te ûntkommen dy't mei de kearnoanfal op Los Angeles mank gean sil.

Connor wol lykwols besykje om 'e Oardielsdei dochs noch tsjin te kearen, en oarderet de Terminator om him en Kate nei Kate har heit Robert Brewster te bringen, in luitenant-generaal by de Amerikaanske Loftmacht, dy't belêstge is mei it tafersjoch oer de ûntjouwing fan Skynet. De Terminator wegeret om opdrachten fan Connor oan te nimmen. Dan komt út dat dizze seldichste Terminator John Connor op 4 july 2032 deade hat; Kate wie dejinge dy't him fong, werprogrammearre en werom yn 'e tiid stjoerde, en sy is sadwaande de iennichste fan wa't er opdrachten akseptearret. Op fersyk fan Kate bringt de Terminator har en Connor nei har heit by it bedriuw Cyber Research Systems (CRS), dat, sa docht no bliken, yn it djipste geheim de ûntwikkeling fan Skynet oernommen hat nei de ferwoastging fan Cyberdyne Systems.

Underwilens stiet generaal Brewster by CRS ûnder druk fan 'e Amerikaanske legerlieding om Skynet foartidich te aktivearjen, sadat it tsjinkeare kin dat in ôfwikend kompjûterfirus wrâldwiid alle servers binnenkringt. Noch Brewster, noch de legerlieding begrypt lykwols dat it firus eins Skynet sels is, dy't alle kompjûters op 'e wrâld oernimt. Connor en Kate arrivearje te let by CRS om 'e aktivearring fan Skynet tsjin te kearen, want generaal Brewster jout ta oan 'e druk dy't fan boppe-ôf op him útoefene wurdt en stelt it systeem yn wurking. De T-X is harren ek foar en kringt it gebou binnen, dêr't se generaal Brewster ferwûnet en de automatisearre wapensystemen, dy't ek troch CRS produsearre wurde, aktivearret. Dat resultearret yn 'e dea fan alle wurknimmers as dy wapensystemen har tsjin harren makkers keare. Ear't er oan syn wûnen beswykt, jout generaal Brewster oan Connor en Kate de lokaasje fan wat Connor mient dat de systeemkearn fan Skynet is.

Underwilens wurdt de T-X de yn ferliking mei har ferâldere Terminator oermânsk en werprogrammearret syn motoryk om Connor te deadzjen. Sels efterfolget se Connor en Kate troch it CRS-kompleks, mar as der in dieltsjesferflugger aktivearre wurdt, komt se fêst te sitten om't it magnetysk fjild har mei de ferflugger ferbynt. Underwilens wrakselet de Terminator, waans bewustwêzen noch altyd de opdrachten fan 'e takomstige Kate folget, om syn werprogrammearre motoryk te betwingen. As er op it punt stiet om Connor te deadzjen, fiteret dy him oan om frije wil te brûken en te kiezen tusken de beide tsjinstridige programmearrings. De Terminator reägearret dêrop troch mei opsetsin syn hiele systeem út te setten, wat Connor de kâns jout om te ûntsnappen. Koart nei't hy en Kate fuortgien binne, reboot it systeem fan 'e Terminator lykwols. De T-X wit harsels nei in lange wrakseling fan 'e dieltsjesferflugger te befrijen en set Connor en Kate efternei.

Mei it ienmotoarich fleantúchje fan generaal Brewster reizgje Connor en Kate nei de geografyske koördinaten dy't er harren jûn hat. Op dy lokaasje ûntdekke se in fasiliteit dy't Crystal Peak hjit en dy't úthoud is yn 'e bergen fan 'e Sierra Nevada, op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Nevada. Net lang nei harren oankomst dêre arrivearret de T-X yn in helikopter. Ear't se harren lykwols oanfalle kin, ferskynt de weropstarte Terminator op it toaniel yn in twadde helikopter, dy't er boppe-op de T-X delstoarte lit, sadat se stikkendrukt wurdt. Wylst it restant fan 'e T-X harsels út 'e brokstikken sleept en besiket om Connor en Kate te folgjen nei de yngong fan Crystal Peak, hâldt de Terminator de troch de beide delstoarte helikopters skansearre doar langernôch iepen om har beiden deryn te litten, wêrnei't er de lêsten fan syn wetterstofbrânstofsellen brûkt om himsels en de restanten fan 'e T-X folslein te ferneatigjen.

Binnendoar ûntdekke Connor en Kate dat Crystal Peak net it plak is dêr't de systeemkearn fan Skynet him befynt, mar ynstee in bunker dy't bedoeld is om hege militêren, regearingsfunksjonarissen en oare pommeranten te beskermjen yn it gefal fan in kearnoarloch. Skynet hat no gjin kearn mear, mei't it systeem opgien is yn 'e cyberromte no't it selsbewust wurdt. De Oardielsdei begjint as Skynet wrâldwiid alle beskikbere kearnwapens ôffjurret, wêrmei't it systeem in nukleêre holokaust útlokket dêr't miljarden minsken by omkomme. Yn Crystal Peak begjinne Connor en Kate oer de radio fan 'e apparatuer dêre berjochten fan bûten op te fangen. Wifeljend nimt Connor it befel oer de restanten fan 'e minskheid op him troch op 'e berjochten te antwurdzjen, en hy en Kate lizze har mei tsjinnichheid del by harren lot.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise de Terminator Arnold Schwarzenegger John Connor Nick Stahl Kate Brewster Claire Danes T-X Kristanna Loken

byrollen personaazje akteur/aktrise luitenant-generaal Robert Brewster David Andrews Scott Mason Mark Famiglietti dokter Peter Silberman Earl Boen plysjeman op strjitte yn Westside Jay Acovone resjersjeur Edwards Kim Robillard resjersjeur Bell Mark Hicks automobilist Billy D. Lucas Betsy Moira Harris haadyngenieur Chopper Bernet adjudant fan Brewster Christopher Lawford rike frou Carolyn Hennesy útsmiter M.C. Gainey Bill Anderson Brian Sites faam fan Bill Alana Curry

Produksje en distribúsje Foarskiednis Foar't The Terminator, it earste diel fan 'e Terminator-filmrige, makke waard, ferkocht regisseur James Cameron de rjochten op sawol dy film as eventuele ferfolchfilms foar it symboalyske bedrach fan ien dollar oan filmprodusinte Gale Anne Hurd. De Hemdale Film Corporation, dêr't Hurd foar wurke, waard fia har eigner fan 50% fan 'e rjochten, oant dat part yn 1990 ferkocht waard oan Carolco Pictures, in bedriuw dat oprjochte wie troch Andrew G. Vajna en Mario Kassar. Yn 1995 gie Carolco lykwols fallyt. Filmstudio 20th Century Fox hie belangstelling foar it meitsjen fan in trêde diel yn 'e rige, nei Terminator 2: Judgment Day, út 1991. Cameron soe dat op 'e nij regissearje, en Arnold Schwarzenegger soe wer de Terminator spylje. Ek aktrise Linda Hamilton wie mei Fox yn petear om foar de trêde kear yn 'e hûd fan Sarah Connor te krûpen.

It rûn lykwols oars, want it Frânske Canal+ kocht de fûnskatalogus fan Carolco foar it bedrach fan $58 miljoen, dat heger wie as wat Fox biede woe. Mar de fûnskatalogus omfieme inkeld de rjochten op films dy't al makke wiene, en net de rjochten op noch te meitsjen ferfolchfilms. De 50% fan dy rjochten dy't Carolco yn besit hie, waarden letter by opbod ferkocht, en Fox wie fan doel om se dan oan te skaffen. Foartiid die in rjochter lykwols de útspraak dat it oankeapjen fan 'e rjochten net inkeld foarbeholden wie oan in fêstige studio, sa't in legere rjochter earder bepaald hie. Dat iepene de doar foar Vajna om 'e rjochten op persoanlike basis oan te skaffen, wat er dan ek die foar de priis fan $8 miljoen. Schwarzenegger hie noch besocht om Cameron te bepraten om 'e rjochten mei harren beiden oan te keapjen, mar Cameron hie dêr gjin belangstelling foar en woe dat oan Fox oerlitte. Doe't Schwarzenegger letter ûntdiek dat Fox (yn syn wurden) "bespotlik leech" bea, mei bedraggen yn 'e oarder fan grutte fan $750.000, wied er poer en beskôge er it as in miste kâns dat er sels net tapakt hie.