The Living Daylights is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1987 ûnder rezjy fan John Glen. De haadrollen waarden fertolke troch Timothy Dalton as geheim agint James Bond, Maryam d'Abo as Bond girl Kara Milový en Jeroen Krabbé as de smjunt Georgi Koskov. De titel betsjut letterlik "De Libbene Deiljochten", mar ferwiisd nei de Ingelske siswize to scare the living daylights out of someone, "immen de stupen op it liif jeie", en soe dus better oerset wurde kinne as "De Stupen op it Liif". De titel is ûntliend oan it koarte ferhaal The Living Daylights fan Ian Fleming, út 1966, dêr't lykwols inkeld de iepeningssêne fan 'e film op basearre is; de rest fan 'e plot is folslein orizjineel.

Yn The Living Daylights rekket MI6-spion James Bond belutsen by de saak fan KGB-generaal Georgi Koskov. Dat is ien dy't skynber fan 'e Sovjet-Uny oerrint nei it Westen om 'e Britten te warskôgjen foar it nije haad fan 'e KGB, generaal Leonid Pûsjkin. Dy soe in folsleine psychopaat wêze, dy't opdracht jûn hat ta de moard op eltse Westerske spion dy't de KGB te pakken krije kin. As Koskov neitiid spoarleas ferdwynt, begjint Bond erchtinkend te wurden. Fia Koskov syn minneresse Kara Milový besiket er te ûntdekken wat der no eins wier oan 'e hân is.

The Living Daylights wie it fyftjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op A View to a Kill. It wie de earste film wêryn't de rol fan Bond spile waard troch Timothy Dalton, dy't dêrmei Roger Moore as Bond-fertolker opfolge. Fan 'e filmkritisy krige The Living Daylights mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e filmsearje wie Licence to Kill, dat yn 1989 útbrocht waard.

Plot By in oefening yn Gibraltar, wêrby't geheim aginten fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 it opnimme tsjin kommando's fan 'e Britske Special Air Service (SAS), wurdt geheim agint 004 fermoarde troch in ûnbekende man. James Bond, geheim agint 007, set de efterfolging yn en wit de moardner úteinlik te deadzjen. Op it stoflik omskot fan agint 004 wurdt letter in papierke oantroffen mei de tekst Smjert Sjpionam, dat Russysk is foar "Dea oan alle Spionnen".

Letter wurdt Bond nei Bratislava yn Tsjechoslowakije stjoerd om te helpen by it oerrinnen fan 'e Russyske generaal Georgi Koskov, dy't in hege funksje beklaaid binnen de KGB, de ynljochtingetsjinst fan 'e Sovjet-Uny. Dat bart by nacht, nei't Koskov in besyk brocht hat oan it filharmoanysk orkest fan Bratislava. In oare Britske geheim agint, Saunders, hat de lieding oer de operaasje. It is Bond syn taak om in skerpskutter fan 'e KGB dea te sjitten ear't dy Koskov útskeakelje kin. De skerpskutter blykt lykwols de tsjeppe selliste út it orkest te wêzen, en it is Bond dúdlik dat sy noch nea in gewear fêstholden hat. Hy beslút syn oarders te negearjen en sjit har inkeld it gewear út 'e hannen. Dêrnei nimt er de lieding oer de operaasje oer en smokkelet er Koskov, mei help fan 'e pleatslike aginte Rosika Miklos en Q, de kertiermaster fan MI6, troch de Transsibearyske Piipline oer de grins nei Eastenryk.

As Koskov letter troch MI6 yn it ferhear nommen wurdt, fertelt er dat de nije sjef fan 'e KGB, generaal Leonid Pûsjkin, in folsleine psychopaat is, dy't it âlde belied fan Smjert Sjpionam út 'e tiid fan Stalin, it deadzjen fan eltse bûtenlânske spion dy't men te pakken krije kin, wer ynfierd hat. De dea fan agint 004 yn Gibraltar is dêr noch mar it earste priuwke fan. Neitiid wurdt Koskov út in ûnderdûkadres fan MI6 yn in lânhûs op it Ingelske plattelân ûntfierd troch in blonde man dy't blykber in agint fan 'e KGB is. M, de sjef fan MI6, nimt oan dat Koskov werombrocht is nei Moskou, dêr't er grif in raar gat yndraaie sil.

Bond kriget fan M opdracht om nei Tanger, yn Marokko, te reizgjen, dêr't Pûsjkin in hannelskonferinsje bywennet. Dêr oankommen moat er Pûsjkin út 'e wei romje, sadat syn healwize opstigings fan tafel geane en spionnen út East en West inoar wer inkeld fermoardzje sille as dêr in direkte oanlieding ta bestiet. Bond is it net iens mei de opdracht fan M; hy hat Pûsjkin persoanlik met en fynt it dreech om te leauwen dat de man sa ûntspoard is. Hy nimt de opdracht oan, mar is fan it begjin ôf oan fan doel en doch syn eigen sin. Hy hat juffer Moneypenny, de sekretaresse fan M, efter de rêch fan har baas om útsykje litten wa't de selliste út Bratislava is, en ynstee dat er streekrjocht nei Tanger giet, reizget er by Bratislava om.

Yn Bratislava ûntdekt Bond dat de selliste, dy't Kara Milový hjit, yn 'e rekken holden wurdt troch de KGB. Hja blykt in naïve jonge frou te wêzen dy't Koskov syn minneresse is. Har gewear wie laden mei losse flodders, en se die har as skerpskutter foar op fersyk fan Koskov sels. Bond wit lykwols dat Koskov MI6 warskôge hie foar de skerpskutter fan 'e KGB dy't him yn it each hold en dat er der boppedat op oanstien hie dat dyselde deasketten wurde moast. Ynstee dat er har dat fertelt, docht Bond him foar Kara oer foar as in freon fan Koskov, dy't stjoerd is om har Tsjechoslowakije út te smokkeljen en by him te bringen. Efterfolge troch de KGB en de Tsjechoslowaakske plysje flechtsje se dat út nei Eastenryk, wêrby't Kara derop stiet om har sello mei te slepen. Letter docht bliken wêrom't se dy beslist meihawwe wol: it is in Stradivarius dy't $150.000 wurdich is en dy't Koskov har kado dien hat. As harren skansearre auto net mear fierder kin, brûke Bond en Kara de koffer fan 'e sello as slide om oer de snie by de lichte del te glydzjen en sa oer de Eastenrykske grins te kommen.

Underwilens hat Pûsjkin yn Tanger in moeting mei de Amerikaanske wapenhanneler Brad Whitaker, oan wa't er yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik makket dat in eardere oerienkomst foar de levering fan 'e nijste Amerikaanske wapens oan 'e KGB, dy't Koskov mei him sletten hie, net trochgiet. Hy wol de $50 miljoen dy't Koskov him betelle hat, weromhawwe, of oars… Whitaker beklaget him dêr letter oer by Koskov, dy't net yn Moskou, mar yn Tanger blykt te wêzen, dêr't hy en syn sabeare ûntfierder en eigentlike hantlanger Necros de gasten fan Whitaker binne. Koskov bewissiget Whitaker derfan dat er MI6 wysmakke hat dat Pûsjkin efter de moard op agint 004 sit, en dat Pûsjkin dêrom gau út 'e wei romme wurde sil. Whitaker is der lykwols net gerêst op, dat dêrom stjoert Koskov Necros derop út om noch in Britske agint om te bringen.

Bond en Kara binnen wilens yn Wenen oankommen, dêr't Bond syn dekmantel as freon fan Koskov oanhâldt troch it fanke mei te nimmen nei ferskate besjensweardichheden yn 'e stêd. By in besyk oan it ferdivedaasjepark by it Prater ferliedt er har en hawwe se seksuele omgong yn it reuzerêd. Bond hat yn it Prater mei Saunders ôfsprutsen om oan reisdokumintaasje foar Kara te kommen. Nei't Saunders dy by him ôflevere hat, wurdt er foar de eagen fan Bond troch Necros fermoarde, dy't op 'e nij it berjocht Smjert Sjpionam efterlit.

De oare moarns nimt Bond Kara mei nei Tanger, dêr't er it fanke yn harren hotel efterlit. Sels folget Bond Pûsjkin as dy in ôfspraak hat mei syn mêtresse, frou Rûbavitsj. Nei't er Pûsjkin oermastere ynstee fan deaketten hat, sa't syn opdracht wie, wikselet er ynformaasje mei him út. Bond fertelt oer wat Koskov tsjin MI6 sein hat, wylst Pûsjkin tajout dat Koskov nei it Westen ta ûntkommen is krekt foar't er de man oppakke litte sillen hie foar it fertsjusterjen fan oerheidsjild. Se beslute dat se te min witte oer wat Koskov feitliks by de ein hat, en dat hy dêr inkeld mear oer bleatjaan sil wannear't Pûsjkin dea is. Dat, Pûsjkin moat stjerre. As er letter in taspraak hâldt op 'e hannelskonferinsje, wurdt er troch Bond 'deasketten'. Bond ûntkomt neitiid oan 'e Marokkaanske plysje troch by twa kreaze Amerikaanske toeristes yn 'e auto te springen, dy't lykwols pistoalen foar it ljocht helje sadree't de auto riidt. Pûsjkin komt ûnderwilens, sadree't er allinne mei frou Rûbavitsj is, op mirakuleuze wize wer ta libben. Underwilens kriget Koskov in mysterieus tillefoantsje.

De beide froulju, Liz en Ava, blike agintes fan 'e CIA te wêzen, dy't Bond ôfleverje by syn âlde freon Felix Leiter. It ûndersyk fan Bond nei Koskov hat nammentlik it ûndersyk fan 'e CIA nei Whitaker krúst. De beide mannen wikselje ynformaasje út. Nei't Bond letter weromkommen is yn 'e hotelkeamer dy't er dielt mei Kara, skinkt sy him in drankje yn dat se oanlinget mei in bedwelmjend middel. As er foar it ferstân kriget wat se dien hat, seit se tsjin him dat se op eigen manneboet Koskov al weromfûn hat, en dat er har ferteld hat dat Bond in agint fan 'e KGB is dy't har brûkt om him (Koskov) op te spoaren. Bond hat noch krekt de tiid om te sizzen dat hy dejinge wie dy't har yn Bratislava it gewear út 'e hannen sketten hat en dat Koskov sein hie dat de skerpskutter deasketten wurde moast, foar't er bewusteleas rekket. Kara beseft dat se mooglik in grutte flater begien hat.

Bond komt wer ta besleur as er yn it fleantúch fan Koskov sit. Op syn fersyk spilet Kara him syn troch Koskov ôfpakte kaairing ta, mei in troch Q makke kaai dy't op 90% fan alle slotten yn 'e wrâld past. Underweis ûntdekt Bond dat in medyske kuolboks yn it fleantúch, dêr't in minsklik hert yn ferfierd wurde soe, eins in bistehert befettet en iis dêr't $50 miljoen oan diamanten yn fermongen is. Se lânje op in loftmachtbasis fan 'e Sovjet-Uny yn Afganistan, dêr't de Russysk-Afgaanske Oarloch yn folle gong is. Koskov en Necros drage Bond en ek Kara dêr oer oan Russyske soldaten om opsletten te wurden. Trochdat Bond mei de kaai fan Q syn hânboeiens losmeitsje kin, witte se lykwols te ûntsnappen, wêrby't Bond ek in Afgaanske finzene befrijd, dy't neffens de wurden fan 'e sipier de oare moarns ier eksekutearre wurde soe. It docht bliken dat it Kamran Shah is, de regionale lieder fan 'e Afgaanske mûdjahediin, dy't Bond en Kara meinimt nei syn basis.

Bond wol werom nei de Russyske legerbasis om út te sykjen wat Koskov mei de diamanten fan doel is, mar Kamran Shah leit dêr it near op. De oare deis nimt er Bond en Kara mei nei in plak dêr't Afgaanske drugshannelers fan 'e machtige Bruorskip fan it Snieloaihoars, dy't it op in akkoartsje goaid hawwe mei de mûdjahediin, yn ruil foar de diamanten foar $50 miljoen oan rouwe opium oan Koskov-en-dy ferkeapje. Bond begrypt dan dat Koskov de opium omsette wol yn heroïne, dat er foar tsien kear de priis fan 'e opium ferkeapje kin. Sa kin er smoarryk wurde en tagelyk $50 miljoen brûke om wapens fan Whitaker foar de KGB te keapjen, sadat er gjin swierrichheden mear mei de Sovjet-ynljochtingetsjinst hawwe sil no't Pûsjkin dea is. Bond wol de opium ferneatigje, mar Kamran Shah, foar wa't it net lije kin om behalven mei de Russen ek mei de Bruorskip fan it Snieloaihoars yn konflikt te reitsjen, kin dat net tastean. Se berikke in kompromis as Bond foarstelt om 'e opium op te blazen nei't de Russen dermei ôfset binne.

Bond, dy't ferklaait is as in Afgaan, docht him sadwaande foar as ien fan 'e dragers fan 'e sekken opium en ferskûlet him yn 'e Russyske frachtwein dêr't de opium ynladen wurdt. Dêr stoppet er in tiidbom yn ien fan 'e sekken. Der docht him lykwols in probleem foar as Necros ek efteryn 'e frachtwein plaknimt. Hy merkt Bond net op, mar keart mei syn oanwêzigens wol tsjin dat Bond temûk út 'e frachtwein springe kin. Sadwaande wurdt Bond mei weromnommen nei de legerbasis, dêr't Afgaanske wurkers de sekken opium ûnder tafersjoch fan Koskov en Necros út 'e frachtwein oerlade yn in transportfleantúch. Bond bejout him op 'e nij ûnder de dragers, en aktivearret yn it fleantúch de tiidbom. Hy wurdt lykwols op it lêste momint opmurken en hat gjin oare kar as om him yn it transportfleantúch te barrikadearjen.