The Terminator is in ferneamde Amerikaanske science fiction-aksjefilm út 1984 ûnder rezjy fan James Cameron, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Linda Hamilton en Michael Biehn. De titel betsjut "De Beëiniger". It ferhaal giet oer in cyborg, de Terminator, dy't út in post-apokalyptyske takomst wei weromstjoerd wurdt yn 'e tiid om 'e jonge frou Sarah Connor te fermoardzjen. De reden dêrfoar is dat hja ienris de mem wurde sil fan John Connor, de lieder fan it minsklike ferset yn 'e oarloch tsjin 'e troch in keunstmjittige yntelliginsje oanstjoerde masines. Om syn mem (en dêrmei himsels) te beskermjen, stjoert John Connor lykwols ien fan syn soldaten, Kyle Reese, werom yn 'e tiid.
The Terminator krige foar it meastepart lof taswaaid troch de filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film hie ek grutte ynfloed op 'e Westerske popkultuer. Foar Schwarzenegger en yn mindere mjitte ek Hamilton wie de film in stapstien fan krúsjaal belang yn harren karriêres as akteur. Foar Cameron betsjutte The Terminator syn trochbraak as regisseur. It súkses late letter ta it ûntstean fan in mediafranchise om 'e film hinne, dy't Terminator neamd wurdt (sûnder lidwurd), en yn 1991 úteinsette mei de ferfolchfilm Terminator 2: Judgment Day. Yn 2008 waard The Terminator troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn 'e National Film Registry, omreden fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.
Plot Yn Los Angeles arrivearret yn 1984 in cyborg, de Terminator, nei reis troch de tiid út it jier 2029 wei. Net folle letter komt op deselde manear út deselde takomst de minsklike soldaat Kyle Reese oan. Beide stelle se klean en wapens, en Reese ûntwykt dêrby de plysje, dy't al rillegau efter him oan sit. De Terminator begjint oan 'e hân fan it tillefoanboek, dêr't harren adressen yn fermeld steane, alle froulju dy't Sarah Connor hjitte te fermoardzjen. De Sarah Connor dy't er hawwe moat, in jonge servearster yn in fastfoodrestaurant, giet de grize oer de grouwe as se dy deis op it nijs heart dat immen mei har namme ombrocht is. Dy jûns hat se in ôfspraakje mei in jonge dy't lykwols op it lêste momint ôfseit. Se beslút nei de film te gean om har húsgenoate Ginger net foar de fuotten te rinnen, dy't har frijer Matt útnûge hat.
Nei't Ginger en Matt seks hân hawwe, kringt de Terminator it appartemint binnen en deadet harren allebeide, yn 'e ferûnderstelling dat Ginger de lêste Sarah Connor is. De echte Sarah Connor is ûnderwilens ûngerêst wurden om't se yn in bar op it nijs heart dat der no twa froulju fermoarde binne dy't Sarah Connor hjitte. As se beslút en gean nei hûs, kriget se it gefoel dat se folge wurdt troch in ûnbekende man. Se dûkt in nachtklub yn en skillet dêrwei de plysje. Mei't se yn 'e wacht set wurdt, bellet se ynstee nei hûs, mei it fersyk oan Ginger en Matt om har op te heljen. Om't der net opnommen wurdt, sprekt se in boadskip yn op it antwurdapparaat. As de Terminator dat heart, beseft er dat de frou dy't er ombrocht hat, net Sarah Connor is. Hy siket in foto fan har op om har weromkenne te kinnen, en giet nei de nachtklub dy't se yn it berjocht neamd hat.
As Sarah lang om let haadynspekteur Draxler fan it Los Angeles Police Department oan 'e tillefoan kriget, de man dy't de lieding hat oer de ûndersiken nei de moarden op 'e beide Sarah Connors, fertelt dy har dat se kalm bliuwe moat. Om't se har yn in iepenbiere romte befynt mei in protte minsken om har hinne, is se foarearst feilich. Hy stjoert in plysje-auto om har út 'e nachtklub op te heljen. Nei't se ophongen hat om te wachtsjen, wurdt Sarah senuweftich as se deselde man oan 'e bar sitten sjocht wêrfan't se earder miende dat er har folge. De Terminator kringt de nachtklub binnen, dêr't er Sarah opmerkt en in mitrailleur foar 't ljocht hellet. De man oan 'e bar, dy't Kyle Reese is, lûkt in ôfseage jachtgewear ûnder syn oerjas wei en sjit de cyborg del, wêrnei't er tsjin Sarah seit: "Kom mei ast libje wolst." Tegearre ûntflechtsje se de nachtklub, mar ta Sarah har ferbjustering en ôfgriis komt de Terminator gewoan wer oerein om efter harren oan te gean. Sy en Reese stelle in auto en naaie út, mar wurde efterfolge troch de Terminator yn 'e plysje-auto dy't er stelt fan 'e plysjes dy't Sarah ophelje soene.
Wylst se har skûlhâlde yn in parkeargaraazje, leit Reese oan Sarah út dat "oer in pear jier" Skynet, it kompjûtersysteem dat it Amerikaansk Ministearje fan Definsje brûkt foar de ferdigening fan it lân tsjin 'e Sovjet-Uny, sa avansearre rekket dat it selsbewust wurdt en it stadium fan keunstmjittige yntelliginsje berikt. In mikrosekonde letter sil Skynet beslute dat de minskheid in bedriging foar syn bestean foarmet, sadat de iennichste logyske beslissing is om 'e minskheid út te rûgjen. Dat docht it kompjûtersysteem troch in twasidige atoomoarloch út te lokjen dy't in nukleêre holokaust feroarsaket. It meastepart fan 'e minskheid komt dêrby om, mar lytse restanten witte te oerlibjen.
Der sil in oarloch ûntstean fan minske tsjin masine, wêrby't it minsklik ferset tsjin Skynet oanfierd wurdt troch in John Connor: de soan dy't Sarah noch net krigen hat. As Connor-en-dy yn 2029 op it punt steane om 'e oerwinning te beheljen, stjoert Skynet ien fan syn masines, de Terminator, nei it ferline om Sarah Connor te fermoardzjen ear't se John te wrâld bringe kin. De Terminator is in Cyberdyne Systems T-800 model 101, in cyborg mei in hast net stikken te krijen endoskelet fan metaal, mei dêroerhinne in bûtenlaach fan libben weefsel mei hûd en hier, sadat er derút sjocht as in minske. Koart nei't er nei it ferline stjoerd wie, ferovere it ferset de fasiliteit mei de technology foar tiidreizgjen. John Connor stjoerde dêrnei ien fan syn soldaten (Reese sels) efter de Teminator oan om syn mem te beskermjen, wêrnei't de tiidmasine opblaasd waard.
Reese en Sarah wurde weromfûn troch de Terminator as se in oare auto stelle. Der folget in nije efterfolging, dy't einiget as it harren slagget en lit de cyborg yn in tunnel by in bline muorre op ride. Wannear't de tahastige plysje dêrnei Reese en Sarah arrestearret, blykt de Terminator lykwols al útpykt te wêzen. Op it plysjeburo wurdt Reese ûnderfrege troch plysjepsycholooch Peter Silberman, dy't wis is dat er fan dwaan hat mei ien dy't folslein sljochtsinnich is. Haadynspekteur Ed Draxler en syn direkte ûnderhearrige, resjersjeur Hal Vukovich, besykje Sarah derfan te oertsjûgjen dat Reese syn ferhaal op paranoïde waanfoarstellings berêst. Dat de Terminator gewoan wer oerein kaam nei't Reese him ferskate kearen mei in ôfseage jachtgewear delsketten hie, moat betsjutte dat er in kûgelfrij fest droech. En doe't er mei de bleate hân yn ien kear dwers troch it foarrút fan in auto hinne sloech, briek er sûnder mis alle bonken yn 'e hân en wied er nei alle gedachten ûnder ynfloed fan 'e drug PCP, dy't pine ûnderdrukt. Sarah lit har troch de plysjes beprate.
De Terminator hat it lykwols net oerjûn, want dêr is er net ta programmearre. Hy siket in feilich plak op om 'e skea dy't er oprûn hat, sa goed en sa min as dat giet te reparearjen. Dêrnei giet er nei it plysjeburo ta dêr't Sarah en Reese binne, dêr't er de hal raamd mei syn auto. Bewapene mei mitrailleurs en in ôfseage jachtgewear kringt er dêrnei djipper yn it gebou troch en sjit dêrby alle plysjes dea dy't er tsjinkomt. Draxler en Vukovich bewapenje harsels mei mitrailleurs, mar komme allebeide om by de ferdigening fan it diel fan it gebou dêr't Sarah har befynt. Yn 'e gaos wit Reese te ûntsnappen. Hy rêdt Sarah op 'e nij troch har te finen en mei te nimmen út it gebou wei. Se stelle fannijs in auto en sykje beskûl yn in motel.
Wylst Reese derop út giet om boadskippen, skillet Sarah har mem op, dy't der by har op oanstiet om har te fertellen wêr't se is. Nei lang oantrúnjen jout Sarah ta. Wat se lykwols net wit, is dat de Terminator út har appartemint har adresseboekje stellen hat, dêr't er it adres fan har mem yn fûn hat. Dejinge mei wa't se oan 'e tillefoan praat, is net har mem, dy't ûnderwilens al fermoarde is, mar de Terminator sels, dy't de stim fan har mem neibeart. As Reese weromkomt, blykt er de ûnderdielen en yngrediïnten ynslein te hawwen om piipbommen te meitsjen. Hy leart Sarah hoe't dat moat en tegearre meitsje se safolle dêrfan oan as se kinne. Neitiid freget Sarah Reese wêrom't har soan no krekt hìm yn 'e tiid weromstjoerd hat, en Reese fertelt ta dat hy himsels dêrfoar oanbean hat. Hy bychtet op dat John him ferskate jierren lyn in foto fan syn mem jûn hat, en dat er al fereale op Sarah wie foar't er har ea libbensliif moete. As Sarah opmerkt dat sy him yn wurklikheid dan wol raar ôffallen wêze sil, sprekt er dat mei ynmoed tsjin. Se begjinne te tútsjen en reitsje mei-inoar op bêd, dêr't se seksuele omgong hawwe.
As de Terminator by it motel oankomt, wurde Reese en Sarah foar him warskôge troch de hûn fan 'e moteleigner, dy't oanslacht. (Reese hie earder fertelt dat se yn 'e takomst hûnen brûke om Terminators te werkennen, mei't dy blykber hiel oars rûke as echte minsken.) Reese en Sarah naaie op 'e nij út, diskear yn in stellen pick-uptruck fan ien fan 'e oare motelgasten. Se wurde efterfolge troch de Terminator op in motorfyts. Wylst Sarah efter it stjoer sit, bekûgelet Reese de Terminator mei piipbommen. As er dêrby rekke wurdt troch in skot fan 'e Terminator, rekket Sarah alhiel breinroer en riidt se de cyborg fan syn motor ôf, mar kantelet dêrby tagelyk de pick-uptruck. De Terminator kaapt in tankwein mei brânstof en besiket Sarah dea te riden, mar it slagget Reese om yn it foarbygean in piipbom oan board fan 'e tankwein te stopjen, dy't ûntploft. Yn 'e resultearjende fjoersee baarnt al it libbene weefsel fan 'e Terminator fuort, sadat der inkeld noch in metalen skelet oerbliuwt.
De Terminator efterfolget Sarah en de ferwûne Reese geandefoets in fabryk yn, dêr't Reese alle masines oanset om genôch eftergrûnleven te kreëarjen dat de cyborg harren net weromfine kin. As Sarah lykwols letter by fersin in hydraulyske parse oan- en fan skrik gau wer útset, komt er harren op 'e nij op it spoar. Reese raamt syn lêste piipbom yn it ûnderlichem fan 'e Terminator, dy't troch de ûntploffing útinoar blaasd wurdt. Sarah kriget in metalen brokstik yn har boppeskonk, mar Reese sels rekket dea. Fan 'e Terminator is inkeld noch in torso mei in plasse en twa earms oer, mar klauwendewei set er likegoed de efterfolging fan Sarah fuort. Dy krûpt ûnder de hydraulyske parse troch, en as se der sels oan 'e oare kant wer ûnderút kommen is en de Terminator der noch ûnder sit, stelt se de masine op 'e nij yn wurking. De parse komt omleech en drukt de Terminator fyn oant er it einlings en te'n lêsten foargoed bejout.
Moannen letter reizget Sarah mei in Dútske hardershûn en in grutte revolver by har troch Meksiko. Hja is swier, en it is no dúdlik dat Kyle Reese de heit fan John Connor wie, wat ferklearret wêrom't John him in foto fan syn mem jûn hie. Sarah nimt in rige kassettebantsjes op foar har noch net berne soan en freget har ôf oft se John no fertelle moat wa't syn heit wie of net. Se beslút fan al. By in benzinestasjon makket in jonge in Polaroidfoto fan har dy't er dêrnei oan har ferkeapet. It blykt deselde foto te wêzen dy't John desennia letter oan Kyle Reese jaan sil.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise de Terminator (Cyberdyne Systems T-800 model 101) Arnold Schwarzenegger Sarah Connor Linda Hamilton sersjant Kyle Reese Michael Biehn
byrollen personaazje akteur/aktrise haadynspekteur Ed Traxler Paul Winfield resjersjeur Hal Vukovich Lance Henriksen dokter Peter Silberman Earl Boen Ginger Ventura Bess Motta Matt Buchanan Rick Rossovich Nancy Shawn Schepps wapenhanneler Dick Miller in Terminator yn 2029 Franco Columbu punker #1 Bill Paxton punker #2 Brian Thompson Sarah Louise Connor Marianne Muellerleile
Produksje en distribúsje Foarskiednis