Robert Józef Kubica (Krakau, 7 desimber 1984) is in Poalsk autokoereur. Kubica makke by de Grutte Priis fan Hongarije yn 2006 syn debút foar it team fan BMW yn de Formule 1. Yn 2008 behelle Robert syn iennichste oerwinning yn de Formule 1 by de Grutte Priis fan Kanada. Yn 2011 rekke Kubica by in crash yn de Rally fan Andora dêr't er oan mei die as oefening mei it stjoeren, slim ferwûne. Robert Kubica hie ferwûnings oan syn ûnderearm , meardere breuken yn syn rjochter earmtakke, skouder en skonk oprûn. Hy hold dêr bliuwende beheiningen yn syn earm oan oer, mar wist lykwols yn 2019 werom te kommen yn de Formule 1.

Oersjoch Formule 1-karriêre 2006200720082009201020192021Totaal Oantal races 6 16 18 17 19 21 2* 99* Oantal oerwinningen 0 0 1 0 0 0 0* 1* Oantal pole-positions 0 0 1 0 0 0 0* 1* Oantal fluchste omgongen 0 0 0 0 1 0 0* 1* Oantal Poadiumplakken 1 0 7 1 3 0 0* 12* WK-punten 6 39 75 17 136 1 0* 274* Einstân WK 16 6 4 14 8 19 20* * Seizoen noch dwaande.

Kategory:Poalsk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Persoan berne yn 1984