Never Say Never Again is in Amerikaansk-Britske spionaazjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan Irvin Kershner, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond, Kim Basinger as Bond girl Domino Petachi en Klaus Maria Brandauer as de antagonist Maximillian Largo. It wie de lêste kear dat Connery yn 'e hûd fan Bond kroep. De titel betsjut letterlik "Sis Nea Wer Nea" en is in ferwizing nei de útspraak fan Connery út 1971, nei syn optreden yn Diamonds Are Forever, dat er Bond nea wer spylje soe.

De film is basearre op 'e roman Thunderball, fan Ian Fleming, út 1961. Dêrmei is Never Say Never Again teffens in remake fan 'e eardere James Bond-film Thunderball, út 1965, ek mei Connery yn 'e haadrol. Dat wie mooglik om't de filmrjochten op dy iene Bond-roman net yn 'e hannen fan filmstudio Eon Productions wiene. Never Say Never Again heart sadwaande net ta de kanonnike James Bond-filmsearje. De plot fan 'e film folget in âldere Bond dy't wer fan stâl helle wurdt as de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE twa atoombommen fan 'e NATO wit te stellen.

Never Say Never Again krige fan 'e filmkritisy doedestiden oer it algemien positive resinsjes, en ek letter bleaune de kritisy oer it algemien ridlik posityf oer de film. Yn 'e bioskopen wie Never Say Never Again in beskieden kommersjeel súkses. Yn 1983 kaam ek de 'offisjele' Bond-film Octopussy fan Eon Productions út, mei Roger Moore yn 'e haadrol. Dy brocht mear op as Never Say Never Again, mar de reputaasje fan dy film keldere letter, sadat Octopussy no oer it algemien beskôge wurdt as ien fan 'e minste Bond-films.

Plot Nei't James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, net troch in rûtinemjittige oefening hinne komt, stjoert M him nei Shrublands, in sûnensklinyk fuort bûten Londen, om dêr troch it folgjen fan in strang dieet en deistige trainings wer yn foarm te kommen. Bond sels wyt syn falen oan it feit dat der by in oefening net folle op it spul stiet en dat it dêrom in echte misje net belykje kin. Hy beklaget him oer it feit dat er al tiden net mear op misje stjoerd is, mar dizze M, dy't oansteld is om by MI6 besunigings troch te fieren, hat net folle op mei de ferâlderjende dûbel-0-aginten, dy't nei syn miening djoer en net fleksibel genôch binne.

Wylst Bond yn Shrublands ferkeart, en dêr daliks syn tsjeppe fysioterapeute Patricia Fearing ferliedt, wurdt er gewaar hoe't in oare pasjint mei in heal ferbûne holle yn in foaroerlizzende keamer in wan bruien kriget fan in mysterieuze sadistyske ferpleechster dy't Fatima Blush hjit. Bond, waans nijsgjirrigens wekke is, giet op ûndersyk út. Troch it rút sjocht er hoe't de pasjint syn ferbûne each ûntbleatet om it te scannen mei in apart apparaat. As de man him yn 'e gaten kriget, wykt Bond tebek, mar Blush brûkt in ynfrareadbril en wit sa yn it tsjuster syn identiteit fêst te stellen. De oare deis besiket Lippe, in trewant fan harres, Bond yn 'e sportskoalle fan 'e klinyk te fermoardzjen, mar it slagget Bond, mei muoite, om syn tsjinstanner út te skeakeljen.

Blush en har pasjint, in heroïneferslaafde piloat en kaptein by de Amerikaanske Loftmacht dy't Jack Petachi hjit, binne aginten foar de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE, dy't ûnder lieding stiet fan Ernst Stavro Blofeld. Petachi hat in operaasje oan syn rjochtereach ûndergien, dat dêrtroch no persiis itselde irispatroan hat as it rjochtereach fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten. Sadwaande slagget it him om 'e iriswerkenningsbefeiliging te omsilen en foar in oefening op 'e loftmachtbasis Swadley de sabeare ladings fan twa AGM-86-krúsraketten te ferfangen troch echte, nukleêre ladings. As de raketten yn it ramt fan 'e oefening ôfsketten wurde, nimt SPECTRE de radiokontrôle oer en stelt de atoombommen. Neitiid fermoardet Blush Petachi troch in auto-ûngemak te feroarsaaken. Blofeld nimt kontakt op 'e de NATO en besiket it bûnsgenoatskip foar miljarden dollars ôf te parsjen.

De Britske minister fan Bûtenlânske Saken lord Ambrose oarderet in tsjinnige M om 'e dûbel-0-aginten te reäktivearjen. Bond kriget de opdracht de atoombommen op te spoaren. Hy folget it spoar nei de Bahama's, dêr't eksintrike miljonêr Maximillian Largo ferbliuwt, de SPECTRE-agint dy't de algehiele lieding oer de dieverij fan 'e atoombommen hie. Bond kriget dêr 'help' fan Nigel Small-Fawcett, in knoffelige Britske amtner. Fatima Blush beävensearret in 'tafallige' moeting mei Bond, wêrby't se him útnûget om mei har út te djipseedûken te gean. Om't se der yn bedutsen termen op doelt dat se ynformaasje oer Largo hat, giet Bond mei. Nei't se him earst ferlaat hat ta it hawwen fan seksuele omgong op har boat, besiket Flush him dêrnei ûnder it dûken te fermoardzjen troch by him in fan in magneetsje foarsjoen stjoerderke op 'e soerstofflesse te befêstigjen, dat in ûnwjersteanbere oantrekkingskrêft op haaien útoefenet.

Bond wit mar nauwerneed oan in stikmannich tigerhaaien te ûntkommen, wêrnei't er letterlik opfiske wurdt troch in Amerikaanske toeriste dy't op 'e Bahama's op see út te angelfiskjen is. Bond giet mei har werom nei syn hotel. Underwilens hat Blush ûntdutsen dat har plantsje mislearre is. Dêrop kringt se Bond syn hotelkeamer binnen en befêstiget in tiidbom oan 'e ûnderkant fan syn bêd. Bond giet mei de angelfiskster op bêd, mar as de bom ôfgiet, docht bliken dat se nei hàr hotelkeamer gien binne, sadat Bond op 'e nij mei de skrik frijkomt. As Small-Fawcett him letter trochdocht dat de Flying Saucer, it jacht fan Largo, ûnderweis is nei Frankryk, nimt Bond it fleantúch nei Nice. Dêr betrekt er mei Nicole, in Frânske aginte foar MI6, en Felix Leiter, in befreone spesjaal agint foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, in filla mei útsjoch op 'e Middellânske See, dêr't er it jacht fan Largo wei yn 'e rekken hâlde kin.

Leiter fertelt Bond dat de minneresse fan Largo in Domino Petachi is. Hja is de suster fan 'e Amerikaanske loftmachtofsier Jack Petachi, dy't op sa'n fertochte wize omkommen is nei't de atoombommen stellen wiene. Bond fynt dat nijsgjirrich, dat hy bejout him nei in wellness-sintrum dêr't Domino hinne giet foar behannelings, en docht him dêr foar as har masseur om in idee fan har persoanlikheid te krijen. It wurdt him al hiel gau dúdlik dat de wat naïve Domino gjin idee hat oer wat har frijer by de ein hat. Ek komt Bond fan har oan 'e weet dat Largo dy jûns in evenemint foar goeddiedichheid organisearret yn in pleatslik kasino.

Bond giet dêr sûnder útnûging hinne en siket it selskip fan Domino op, oan wa't er him ûntskuldiget foar syn eardere skelmdwaan as masseur. Domino fynt him in sjarmante man en se reitsje oan 'e praat. As Largo dêr troch Blush op wiisd wurdt, daget er Bond út ta it spyljen fan in fideospultsje dat er sels betocht hat, wêrby't de spilers fia de joysticks swierdere of lichtere elektryske skokken tatsjinne krije al neigeraden hoe't se der yn it spul foar steane. Bond wit Largo te ferslaan, mar ynstee fan 'e $236.000 dy't er dêrmei wûn hat, freget er om in dûns mei Domino. Wylst se de tango dûnsje, flústeret Bond har yn dat har broer troch Largo-en-dy fermoarde is. Largo jout Blush opdracht om no foar iens en foar altyd mei Bond ôf te weven.

As Bond thúskomt yn 'e filla dy't er hiert, treft er dêr Nicole dea oan, dy't fermoarde is troch Blush. Dyselde soarget derfoar dat Bond krekt noch in glim fan har opfangt foar't se útnaait yn har auto, sadat er op in motor de efterfolging ynset. Yn in tunnel rint er yn in mûklaach fan Blush har trewanten, mar hy wit te ûntsnappen en folget Blush nei in âld pakhûs yn 'e haven fan Nice. Dêr wurdt se him oermânsk en hâldt se him ûnder skot. Bond wit tiid te rekken troch har op 'e mouwe te spjeldzjen dat er yn syn autobiografy skriuwe wollen hie dat syn aventoerke mei har de bêste seks fan syn libben wie, mar dat soks oergean moat as se him fermoardet. Dêrop smyt se him in stik papier ta en hjit him om op te skriuwen dat Fatima Blush syn "nûmer 1-sekspartner" wie. Bond hellet in folpin foar it ljocht dy't er fan Q, de kertiermaster fan MI6 krigen hat, en sjit dêrmei in miniatuerraket op har ôf, dy't har yn stikken skuort.

Neitiid swimme Bond en Leiter ûnder wetter nei de Flying Saucer ta, it jacht fan Largo, om sjen oft se in spoar fine kinne fan 'e stellen atoombommen. Bond wurdt finzen nommen, mar Largo lit him oan board fan syn jacht frij omrinne. Bond sjocht dêr sadwaande Domino werom. As se yn har dûnsstudio foar in spegel steane wêrfan't Bond fermoedet dat it in twasidige spegel is, dêr't Largo fan 'e oare kant ôf trochhinne sjen kin, besiket er Largo jaloersk te meitsjen troch Domino op yntime wize te tongtútsjen. Largo, dy't it yndie sjocht, wurdt breinroer en begjint de dûnsstudio ôf te brekken, dêr't Bond en Domino dan al lang útpykt binne. Dat stelt Bond by steat om Largo syn kontrôlekeamer binnen te kringen en temûk in berjocht te ferstjoeren oer de bestimming fan it jacht: Palmyra, de basis fan Largo yn Noard-Afrika.

Yn in âlde fêsting dêrsanne wurdt Bond mei keatlings oan 'e muorre fêstset yn in boppegrûnske tsjerker, wylst Largo Domino straft foar har ferrie troch har by opbod ferkeapje te litten oan Arabyske bedoeïnen. Mei it laserwapen yn it horloazje dat Bond fan Q krigen hat, baarnt er syn boeiens troch, wêrnei't er Domino rêdt. Tegearre op in hynder springe se fan 'e fêstingmuorre ôf yn see, dêr't se oppikt wurde troch in dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine mei Felix Leiter oan board.

Trochdat Largo it net litte koe om op selsfoldiene wize mei syn plannen te pronkjen foar Bond oer, fan wa't er miende dat dy foar de dea opskreaun wie, kin de earste atoombom maklik weromfûn wurde op it plak dêr't er klear leit om ôf te gean yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. De twadde bom wol SPECTRE ynsette om 'e ierdoaljefoarrieden yn it Midden-Easten te sabotearjen troch in geologyske keatlingreäksje te feroarsaakjen dy't de oalje fuortlekke litte sil nei ûnberikbere djipte.

Bond en Leiter spoare Largo en syn trewanten op oan 'e kust fan 'e Reade See yn Etioopje (no Eritreä), dêr't se de twadde bom fia in ûndergrûnske timpel ûnder in oäze yn in ûndergrûnske rivier ynbringe. Wylst Leiter en de Amerikanen mei de trewanten fan Largo ôfweve, folget Bond Largo sels yn 'e rivier, dêr't de beide mannen ûnder wetter mei-inoar yn gefjocht reitsje. Bond wit Largo klem te setten mei de ûnderwetterslide dêr't de bom mei ferfierd wurdt. Wylst er dwaande is de bom te ûntmanteljen, slagget it Largo om in harpoengewear yn 'e hannen te krijen. Op it momint dat er Bond deasjitte sil, dy't him dêr alhiel ûnbewust fan is, wurdt Largo lykwols sels mei in harpoengewear deasketten troch Domino, dy't mei Leiter en guon oaren efter Bond en Largo oan kommen is. Sa nimt hja wraak foar de moard op har broer. Dêrop wurdt de bom ûntwapene, sadat de wrâld rêden is.

Neitiid swaait Bond ôf út aktive tsjinst by MI6 en set him op 'e Bahama's nei wenjen mei Domino. As Small-Fawcett dêr by him oan 'e doar komt om út namme fan M syn help te freegjen foar in nije misje, seit Bond dat er nea wer geheim agint wêze sil.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond Sean Connery Maximillian Largo Klaus Maria Brandauer Domino Petachi Kim Basinger

byrollen personaazje akteur/aktrise Fatima Blush Barbara Carrera M, sjef fan MI6 Edward Fox Ernst Stavro Blofeld Max von Sydow CIA-agint Felix Leiter Bernie Casey Nigel Small-Fawcett Rowan Atkinson Q (Algernon), kertiermaster fan MI6 Alec McCowen juffer Moneypenny Pamela Salem angelfiskster yn 'e Bahama's Valerie Leon dr. Kovács Milow Kirek Lippe Pat Roach Britsk minister fan Bûtenlânske Saken lord Ambrose Anthony Sharp Patricia Fearing Prunella Gee kaptein Jack Petachi Gavan O'Herlihy Nicole Saskia Cohen Tanugi

Produksje en distribúsje Foarskiednis