A.L. Snijders, pseudonym fan Peter Cornelis Müller (Amsterdam, 24 septimber 1937 – Klein Dochteren ûnder Lochem, 7 juny 2021), wie in Nederlânske learaar en skriuwer. Hy beoefene it literêr sjenre dat it 'tige koarte ferhaal' (zeer korte verhaal, (tkf/zkv) neamd wurdt.

Libben en wurk A.L. Snijders studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam en wie tusken 1965 en 1998 as learaar Nederlânsk wurksum op ferskate middelbere skoallen en de plysjeskoalle 'De Cloese' yn Lochem. As skriuwer debutearre er yn 1992 mei Ik leef aan de rand van de wereld. Hy makke dêrnei furoare as auteur fan kollums (ûnder oare by Het Parool) en stiet no bekend as ien fan de skriuwers spesjalisearre yn it tige koarte ferhaal. Yn 2006 ferskynde yn de rige fan de Stichting De Roos it boek L.H. en A.L. / A.L. en L.H., dat er tegearre mei de auteur L.H. Wiener skreau. Yn itselde jier ferskynde by AFdH Uitgevers de earste zkv-bondel, mei de titel Belangrijk is dat ik niet aan lezers denk mei in foaropwurd fan Tommy Wieringa. Dêryn binne 336 tkf's sammele. De bondel waard yllustrearre troch syn jongste soan, Gijs Müller (1971). Yn 2010 krige er de Constantijn Huygens-priis foar syn hiele oeuvre. Sûnt 2012 wurdt der in A.L. Snijderspriis útrikt foar ferhalen fan maksimaal 220 wurden.

Hy lies wykliks in eigen tkf foar yn it VPRO-radioprogramma De Avonden, oant dat yn desimber 2013 opheft waard. Hy lies syn ferhalen ek foar yn it KRO-NCRV-radioprogramma De Ochtend van 4, op sneintemoarn. Hy wie geregeld te gast op ferskate literêre poadia.

Sûnt 11 maaie 2015 publisearre A.L. Snijders alle wiken in tkf yn DS Weekblad, in wykeinbylage by de Belgyske krante De Standaard. Yn itselde jier makke er foar Nederland Leest in karlêzing mei fjirtich koarte ferhalen fan oaren, as 'staalkaart' fan de Nederlânske literatuer. Dy ferskynde yn novimber 2015. Ek skreau er jierrenlang tkf's foar de VPRO-gids.

Bibliografy Ik leef aan de rand van de wereld, 1992 Het kalme glijden van de boot naar de waterval, 1992 De taal is een hond (Berichten aan een hoofdredacteur), 1993 De incunabel, 1994 Ik ben de vreemdeling die naar de herfst moet gaan: over woorden, dichtregels en boeken, kollumns, 1997 Niets is zo mooi als nutteloze kennis, 1998 Lood: zkv 2003, 2002 Belangrijk is dat ik niet aan lezers denk, 2006 Heimelijke vreugde, 2007 Zomerboek 2008 Bordeaux met ijs, 2008 De Mol, 2008 Een handige dromer, 2009 Vijf bijlen, 2010 Opmerkingen, 2010 Broer, 2010 Paard, 2010 Een handige dromer. Een keuze uit de zkv's 2009-2010, 2010 Voordeel schutter: columns en brieven, 2011 Danslessen voor gevorderden, mei Willem Snitker, 2011 De incunabel, 2011 De geur van carbolineum: boerenschuren op erf en land, mei Lyde de Graaf, 2011 Brandnetels & verkeersborden: 194 zkv's, 2012 Ruim water: columns en brieven, 2012 Dode kat, 2012 Wapenbroeders: 131 zkv's, 2013 Kuikens: 3 zkv's, 2013 De hartslag van de aarde: dertien zkv's over muziek en stilte, 2013 Paspoort: zeer kort verhaal, 2014 WFH, 2014 De libelleman, 2015 De schrijfmachine van mijn grootvader, 2016 (Utj. De GeitenPers) Het oog van de naald, 2018 Doelloos kijken, 2019 Tat Tvam Asi, 2021

Keppelingen om utens Schrijversinfo.nl Maratonynterview (VPRO Radio, 24 des. 2010) A.L. Snijders by útjouwer AFdH

Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2021