Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2005 yn Indianapolis op 19 juny 2005. It wie de njoggende fan 19 races fan de Formule 1 yn 2005. Hy waard op de Indianapolis Motor Speedway hâlden. De race waard hâlden oer 73 omgongen, op it 4,1 km lange sirkwy oer in raceôfstân fan 306 kilometer.
Michelin bannen Yn 'e middeistraining op freed 17 juny 2005 crashte Ralf Schumacher, ridend foar Toyota, yn bocht 13, as gefolch fan in klapbân links efter. Ralf Schumacher rekke dêrtroch ferwûne, koe net fierder en waard foar de rest fan it wykein ferfongen troch Ricardo Zonta, dy't sels ûnder de training yn deselde bocht ek in klapbân links efter oprûn.
Bocht 13 wie in bocht dy't mei hege faasje naam wurde koe, unyk yn dy tiid yn de Formule 1; dêrtroch wie der in hegere bannespanning nedich as gebrûklik. Dit part fan it sirkwy wie sûnt de foarige Grutte Priis op 'e nij asfaltearre mei in mear ruorkjend oerflak. Dêrtroch waarden de bannen mooglik noch swierder belêste as foarhinne. Op 18 juny melde Michelin dat it net begriep wêrom 't de bannen dy 't it levere hie foar syn sân klanteteams (B·A·R, McLaren, Red Bull Racing, Renault, Sauber, Toyota en Williams) yn dizze bocht klapten, en kundige syn foarnimmen oan om bannen yn te fleanen mei in oare spesifikaasje as de al levere bannen. De ynfleine ferfangende bannen, fan it type dat earder dat jier yn de Spaanske Grutte Priis brûkt wie, blieken by it testen itselde probleem te hawwen.
Dit hie ta gefolch dat der mar trije teams fan start giene yn de Grutte Priis. Dizze teams riden allegear mei bannen fan Pirelli. De sân teams dy 't mei de bannen fan Michelin riden, diene om feiligensredenen allinnich mei oan de opwaarmronde en giene dêrnei werom de pitstrjitte yn.
Kwalifikaasje Nr Koereur Konstrukteur Tiid Ferskil Startplak 16 Jarno Trulli Toyota 1:10.625 1 9 Kimi Räikkönen McLaren-Mercedes 1:10.694 +0.069 2 3 Jenson Button B·A·R-Honda 1:11.277 +0.652 3 6 Giancarlo Fisichella Renault 1:11.290 +0.665 4 1 Michael Schumacher Ferrari 1:11.369 +0.744 5 5 Fernando Alonso Renault 1:11.380 +0.755 6 2 Rubens Barrichello Ferrari 1:11.431 +0.806 7 4 Takuma Sato B·A·R-Honda 1:11.497 +0.872 8 7 Mark Webber Williams-BMW 1:11.527 +0.902 9 12 Felipe Massa Sauber-Petronas 1:11.555 +0.930 10 10 Juan Pablo Montoya McLaren-Mercedes 1:11.681 +1.056 11 11 Jacques Villeneuve Sauber-Petronas 1:11.691 +1.066 12 17 Ricardo Zonta Toyota 1:11.754 +1.129 13 15 Christian Klien Red Bull Racing-Cosworth 1:12.132 +1.507 14 8 Nick Heidfeld Williams-BMW 1:12.430 +1.805 15 14 David Coulthard Red Bull Racing-Cosworth 1:12.682 +2.057 16 18 Tiago Monteiro Jordan-Toyota 1:13.462 +2.837 17 21 Christijan Albers Minardi-Cosworth 1:13.632 +3.007 18 19 Narain Karthikeyan Jordan-Toyota 1:13.776 +3.151 19 20 Patrick Friesacher Minardi-Cosworth 1:14.494 +3.869 20
Pole posysje Rubens Barrichello Ferrari 1:10.223
Utslach Grutte Priis Tiago Monteiro stie foar it earst op it poadium yn de Formule 1 Narain Karthikeyan, Christijan Albers en Patrick Friesacher behellen harren earste punten yn de Formule 1. Plak Nû Koereur Team Omgongen Tiid/Utfallen Startplak Punten 11 Michael SchumacherFerrari731:29:43.181510 22 Rubens BarrichelloFerrari73 +1.52278 318 Tiago MonteiroJordan-Toyota72 +1 Omgong176 419 Narain KarthikeyanJordan-Toyota72 +1 Omgong195 521 Christijan AlbersMinardi-Cosworth71 +2 Omgongen184 620 Patrick FriesacherMinardi-Cosworth71 +2 Omgongen203 DNS16 Jarno TrulliToyota0 Feiligens1 DNS9 Kimi RäikkönenMcLaren-Mercedes0 Feiligens2 DNS3 Jenson ButtonB·A·R-Honda0 Feiligens3 DNS6 Giancarlo FisichellaRenault0 Feiligens4 DNS5 Fernando AlonsoRenault0 Feiligens6 DNS4 Takuma SatoB·A·R-Honda0 Feiligens8 DNS7 Mark WebberWilliams-BMW0 Feiligens9 DNS12 Felipe MassaSauber-Petronas0 Feiligens10 DNS10 Juan Pablo MontoyaMcLaren-Mercedes0 Feiligens11 DNS11 Jacques VilleneuveSauber-Petronas0 Feiligens12 DNS17 Ricardo ZontaToyota0 Feiligens13 DNS15 Christian KlienRed Bull Racing-Cosworth0 Feiligens14 DNS8 Nick HeidfeldWilliams-BMW0 Feiligens15 DNS14 David CoulthardRed Bull Racing-Cosworth0 Feiligens16
Fluchste omgong Michael Schumacher Ferrari 1:11.497
Top fiif yn it wrâldkampioenskip nei de wedstriid Wrâldkampioenskip Koereurs Plak Koereur Punten 1 Fernando Alonso 59 2 Kimi Räikkönen 37 3 Michael Schumacher 34 4 Rubens Barrichello 29 5 Jarno Trulli 27Wrâldkampioenskip Konstrukteurs Plak Konstrukteur Punten 1 Renault 76 2 McLaren-Mercedes 63 3 Ferrari 63 4 Williams-BMW 47 5 Toyota 47
Feriene Steaten, de 2005