A View to a Kill is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1985 ûnder rezjy fan John Glen. De haadrollen waarden fertolke troch Roger Moore as geheim agint James Bond, Tanya Roberts as Bond girl Stacey Sutton en Christopher Walken as smjunt Max Zorin. De titel betsjut "In Utsicht op in Moard", en is ûntliend oan it koarte ferhaal From a View to a Kill fan Ian Fleming. De plot fan 'e film is lykwols folslein orizjineel en hat neat mei it koarte ferhaal út te stean.

MI6-spion James Bond docht yn A View to a Kill ûndersyk nei yndustrieel Max Zorin, dy't derfan fertocht wurdt gefoelige nije kompjûterchiptechnology troch te spyljen oan 'e Sovjet-Uny. Allegeduerigen dwerseide troch Zorin syn froulike trewant May Day (spile troch Grace Jones), komt Bond in snoad plan op it spoar om Silicon Valley te ferneatigjen troch op keunstmjittige wize in ierdbeving op te wekjen. Tegearre mei de tsjeppe Amerikaanske geologe Stacey Sutton moat er Zorin sjen tsjin te hâlden.

A View to a Kill wie it fjirtjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Octopusy. De titelsong fan 'e film, A View to a Kill, songen troch Duran Duran, waard in grutte hit. Fan 'e filmkritisy krige A View to a Kill mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. In gauris oppenearre kritykpunt op 'e film wie dat Roger Moore mei 57 jier te âld wie foar de rol fan Bond. A View to a Kill wie dan ek syn lêste Bond-film. In folgjend diel yn 'e filmsearje wie The Living Daylights, mei Timothy Dalton yn 'e haadrol, dat yn 1987 útbrocht waard.

Plot James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, wurdt nei Sibearje ta stjoerd om it stoflik omskot fan geheim agint 003 te lokalisearjen. As er dat dien hat, nimt er in nij soarte mikrochip fan it lyk wei, dy't agint 003 út in fabryk yn 'e Sovjet-Uny stellen hat. Bond is de soldaten fan it Reade Leger, dy't him efterfolgje, te fluch ôf, en wit in as in iisskots kamûflearre miny-ûnderseeër te berikken wêryn't er ûntkomt nei Alaska.

As Q, de kertiermaster fan MI6, de chip letter analysearret, stelt er fêst dat it in kopy is fan in nije chip dy't troch it bedriuw Zorin Industries foar de Britske oerheid ûntwurpen is om in elektro-magnetyske puls te wjerstean. M, de sjef fan MI6, en de Britske minister fan Definsje sir Frederick Gray konkludearje dat der by Zorin Industries in lek sitte moat, dêr't de nije útfining troch ferspraat is nei de Sovjet-Uny. Bond wurdt ynset om it bedriuw en syn eigner, de yndustrieel Max Zorin, tsjin it ljocht te hâlden.

Max Zorin waard berne yn 'e DDR, mar libbet al jierren yn Frankryk. Hy skynt tige yntelligint te wêzen en sprekt teminsten fiif talen floeiend. Yn 'e mande mei M, Q, M syn sekretaresse juffer Moneypenny en sir Godfery Tibbett, in âldere MI6-agint dy't ferstân fan hynstefokkerij hat, bringt Bond in besyk oan 'e hynstekoersen op 'e Ascot Racecourse yn it Ingelske greefskip Berkshire. Pegasus, it racehynder fan Zorin, docht dêr mei en wint de race, sa't er dat allegeduerigen docht, ek al hat er dêr de ôfstamming net foar. Tibbett is derfan oertsjûge dat der sprake is fan it gebrûk fan doping, hoewol't alle dopingtesten him tsjinsprekke.

Fia Tibbett komt Bond yn 'e kunde mei de Frânske privee-detektive Achille Aubergine, mei wa't er yn Parys in moeting hat yn it restaurant yn 'e top fan 'e Eiffeltoer. Dyselde fertelt him dat Zorin letter dy moanne in feiling hâlde sil om in diel fan syn racehynders te ferkeapjen. Ear't er fierder noch wat sizze kin oer syn ûntdekkings, wurdt er op raffinearre wize fermoarde troch May Day, de negroïde froulike liifwacht en minneresse fan Zorin. Bond efterfolget har dwers troch Parys, mar se wit him úteinlik ôf te skodzjen sûnder dat er har identiteit mei wissichheid fêststelle kinnen hat.

Bond en Tibbett bejouwe har letter dy moanne nei de hynsteferkeap op it lângoed fan Zorin op it Frânske plattelân, ûnder de momkape fan miljonêr James St. John-Smythe en syn sjauffeur. Op 'e feestlike gearkomste foarôfgeande oan 'e feiling merkt Bond in tsjeppe jonge Amerikaanske frou op, dy't Zorin meinimt nei syn kantoar. Troch it rút sjocht Bond hoe't de sakeman in sjek foar har útskriuwt. Neitiid kringt er sels it kantoar yn, dêr't er troch de ôfdruk dy't Zorin syn pin yn it sjekboekje efterlitten hat, ûntdekt dat Zorin $5 miljoen oan 'e frou útskreaun hat, en dat har namme "S. Sutton" is. Noch wer letter besiket er mei har oan 'e praat te kommen, mar hja wimpelet syn besyk dêrta ôf, foar't se troch May Day gau-gau by him weihelle wurdt.

Dy nachts brekke Bond en Tibbett yn 'e stâl fan Pegasus yn, dy't earder dy deis suver foar de eagen fan Tibbett spoarleas ferdwûn nei't er nei syn stâl brocht wie. Se ûntdekke in lift dy't grutternôch is foar in hynder, en dy't tagong jout ta in ûndergrûnsk laboratoarium, dêr't Zorin syn bistedokter op jierren, in Carl Motner, eksperiminten op hynders blykt te dwaan. Oan 'e hân fan wat er dêr sjocht, riddenearret Bond út dat Zorin syn mikrochips brûkt foar in minuskúl adrenalinefrijjaand apparaatsje, dat Motner by Pegasus en de oare racehynders fan Zorin yn 'e skonk ymplantearret, sadat it hynder op it juste momint yn 'e race in adrenalinestjit tatsjinne wurde kin. Op dy wize wurdt de race wûn.

Bond en Tibbett wurde trappearre, mar witte te ûntkommen sûnder dat de bewekkers harren goed sjoen hawwe. Nettsjinsteande dat wurdt Zorin erchtinkend. As er ûndersyk nei Bond docht, ûntdekt er wa't dat echt is. Neitiid lit er Tibbett fermoardzje troch May Day, wêrnei't Bond oermastere en bewusteleas slein wurdt. Zorin en May Day triuwe de Bond en it lyk fan Tibbett mei harren Rolls-Royce en al in mar yn. Bond, dy't troch it wetter wer bykomt, oerlibbet troch te sykheljen út it fentyl fan ien fan 'e luchtbannen fan 'e auto, oant Zorin en May Day harren ôfjouwe.

Letter komt generaal Gogol, it haad fan 'e Sovjet-ynljochtingetsjinst KGB, by Zorin del om dyselde te beskrobjen foar it sûnder tastimming deameitsjen fan Bond. It docht sadwaande bliken dat Zorin in KGB-agint is, mar by dizze moeting fertelt Zorin oan Gogol dat er no sa machtich wurden is dat er de KGB net mear nedich hat, en ferbrekt er syn bannen mei de geheime tsjinst. Gogol warskôget him dat nimmen samar by de KGB weirint. Zorin slacht dy warskôging yn 'e wyn en beleit in gearkomste mei in kartel fan mikrochipprodusinten dat er foarme hat. Oan harren docht er syn plannen út 'e doeken om Silicon Valley, by San Francisco, it Amerikaanske sintrum fan 'e kompjûtertechnology, te ferneatigjen, sadat sy it (ûntychlik lukrative) monopoalje op 'e produksje fan mikrochips yn 'e hannen krije sille.

Bond reizget nei San Francisco om't Zorin Industries dêr it aktyfst liket te wêzen. Dêr oankommen moetet er Chuck Lee, syn kontakt by de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Dy hat neier ûndersyk nei Zorin dien en kin Bond fertelle dat Zorin it produkt is fan medyske eksperiminten mei steroïden op swiere froulju troch Carl Motner, dy't eins de eardere Dútske nazy-kampdokter Hans Glaub út 'e konsintraasjekampen is, dy't al ûnder de Twadde Wrâldoarloch mei syn eksperiminten op 'e finzenen dêr begûn. Bond freget Lee om in S. Sutton foar him op te spoaren, mar Lee seit dat der withoefolle lju mei dy namme binne. Ynstee stelt er foar dat Bond him konsintrearret op ûndersyk nei in oaljeplatfoarm fan Zorin, dat deunby de Kalifornyske kust stiet, en dêr't aparte dingen lykje te barren.

By nacht swimt Bond dêrhinne. Hy merkt in pear oare dûkers op dy't de boel ek oan it bespionearjen binne en ûntkomt mar kwealk oan 'e dea as mei grutte skroeven seewetter yn 'e boarskacht omleech pompt wurdt ynstee fan ierdoalje derút omheech. As syn oanwêzigens opmurken wurdt, gripe Zorin syn mannen ynstee ien fan 'e oare dûkers, dy't KGB-aginten blike te wêzen. De man, in Klotkov, wurdt deamakke. Underwilens ûntkomt Bond nei de kust ta, dêr't er de oare KGB-agint treft. It is Pola Ivanova, mei't wa't er yn it ferline alris gedoente hân hat. Se pike yn har auto út en hawwe dêrnei seks yn in bubbelbad. Ivanova is ûntkommen mei in lûdsopname fan in petear dat Zorin oan board fan it oaljeplatfoarm mei syn ûnderhearrige Bob Conley hie, en op in momint fan ûnoplettendheid fan har wikselet Bond de kassettebantsjes om. As Ivanova letter it bantsje by Gogol ynleveret, blykt der inkeld Japanske muzyk op te stean. Bond, oan 'e oare kant, komt troch it belústerjen fan it echte bantsje oan 'e weet dat Zorin fan doel is en ferneatigje Silicon Valley.

By in besyk oan it stedhûs fan San Francisco, dêr't er him foardocht as de Britske sjoernalist James Stock, om oan ynformaasje oer de aktiviteiten fan Zorin Industries yn Kalifornje te kommen, merkt Bond de frou S. Sutton op. Hy folget har nei hûs, dat in ûnbidich grutte filla op it plattelân bûten de stêd blykt te wêzen. Bond brekt yn mar wurdt troch Sutton ûntdutsen. Hja wol earst neat mei him te krijen hawwe, mar as er trije oare ynbrekkers, trewanten fan Zorin, op 'e flecht jaget, draait se by. Se fertelt dat har namme Stacey Sutton is en dat se wurket foar de geologyske tsjinst fan 'e steat Kalifornje. Ek seit se dat Zorin har troch in fijannige oername de oaljemaatskippij fan har heit silger ôfstellen hat. De $5 miljoen wie bedoeld as de betelling foar de oandielen dy't se noch yn har besit hat en om in rjochtsaak ôf te keapjen dy't se tsjin him oanspand hie.

CIA-man Lee jout him by Bond en Stacey, mar as se yn twa auto's ôfsette nei San Francisco wurdt er út 'e wei romme troch May Day. Bond en Stacey geane werom nei it stedhûs om yn it argyf dêre de boutekenings te besjen dy Zorin foar syn planen yntsjinne hat. Ienris yn it stedhûs wurde se lykwols oerfallen troch Zorin, syn haad befeiliging Scarpine en May Day mei har assistintes Jenny Flex en Pan Ho. Dy oermasterje harren, en Zorin sjit Howe, de haadgeolooch en Stacey har baas, dea mei Bond syn pistoal. Dan wurde Bond en Stacey opsletten yn in lift, wêrnei't it stedhûs yn 'e brân stutsen wurdt. Bond en Stacey witte lykwols út 'e brânende liftskacht te klimmen en fia it dak fan it gebou en in ljedder fan 'e tahastige brânwacht te ûntkommen. As de plysje Bond arrestearje wol foar de moard op Howe, naaie hy en Stacey út yn in stellen brânwachtauto. Nei in spektakulêre efterfolging skodzje se de plysje ôf troch in iepengeande brêge oer te riden.

De oare moarns ynfiltrearje Bond en Stacey in myn fan Zorin by Hayward, dêr't se syn plan ûntdekke om troch it ynsetten fan reuseftige hoemannichten springstof de boaium út 'e marren by de Hayward- en San Andreas-breklinen te blazen. Troch it wetter út 'e marren yn kombinaasje mei it seewetter dat fia it oaljeplatfoarm de ûndergrûn yn pompt is, sil Silicon Valley derûnder strûpe. De eksploazje yn 'e myn sil boppedat in geologyske ferankering ferneatigje dy't foarkomt dat de beide breklinen tagelyk bewege kinne. Op dy wize hopet Zorin reuseftige ierdbeving op te roppen, dy't Silicon Valley foargoed fan 'e ierdboaiem feie sil. De oanwêzigens fan Bond en Stacey wurdt ûntdutsen; efterfolge troch May Day, Jenny Flex en Pan Ho flechtsje se de tunnels yn. Stacey wit te ûntkommen fia in âlde, yn ûnbrûk rekke mynskacht, mar Bond rekket yn gefjocht mei May Day.

Sadree't de tiidbom oanbrocht is dy't alle springstof ta ûntploffing bringe moat, sette Zorin en Scarpine útein mei it deasjitten mei mitrailleurs fan alle mynwurkers, ûnder wa Conley. Ek Jenny Flex en Pan Ho fine de dea. May Day, dy't beseft dat Zorin har ferret hat, helpt Bond om 'e tiidbom út 'e myn te ferwiderjen. Se pleatse de bom op in lorry, mar dat karke hat in automatyske rem dy't inkeld hânmjittich opheft wurde kin. May Day biedt harsels oan foar dat putsje en riidt de lorry de myn út, wêrnei't se omkomt by de ûntploffing as de tiidbom ôfgiet.