Pieter Nicolaas van Eyck (Breukelen, 1 oktober 1887 – Wassenaar, 10 april 1954) wie in Nederlânske dichter, heechlearaar oan de Universiteit Leien en literatuerkritikus. Yn 1947 ûntfong er de Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre. Pieter Nicolaas wie de heit fan arsjitekt Aldo van Eyck.

Van Eyck syn bekendste gedicht is De tuinman en de dood, basearre op in tema fan de Frânske keunstner Jean Cocteau (1889 -1963) út dy syn roman Le Grand Écart. Cocteau syn ferhaal is wierskynlik wer basearre op in soefi-anekdoate fan Rûmy.De skriuwer Herman Franke hat de speurtocht nei de boarne fan it gedicht beskreaun yn syn boek De tuinman en de dood van Diana (1999). De anekdoate wie ek de ynspiraasje foar de titel fan Appointment in Samarra fan John O'Hara.

Libben en wurk Van Eyck folge it Gymnasium Haganum, die steatseksamen en studearre rjochten yn Leien, dêr't er yn 1914, allinnich op stellingen, promovearre. Dêrnei waard er skofke korrespondint foar de NRC yn Rome, wêrnei't er in pear jier sûnder betelle wurkrûnte redakteur fan it blêd De Beweging wie. Yn 1918 krige er in amtlike funksje op it Ministearje fan Lânbou. Tusken 1920 en 1935 wurke er foar de NRC as korrespondint yn Londen, dêr't er in soad omtinken oan kultuer joech. Yn 1935 waard er beneamd ta heechlearaar Nederlânske taal - en letterkunde oan de Leidske universiteit as opfolger fan Albert Verwey.

Priveelibben Hy troude op 28 april 1914 mei Nelly Estelle Benjamins (Suriname, 17 augustus 1891 - Wassenaar, 1971), in frou fan Sefardysk komôf, hikke en tein yn Suriname. Marlene A. Eilers, Queen Victoria's Descendants (Baltimore, Maryland: Genealogical Publishing Co., 1987), s. 167 Yn 1919 ferhuzen hja nei Grut-Brittanje. Sy krigen twa bern: Robert Floris van Eyck, dichter, keunstner en keunstrestaurateur yn Londen, en arsjitekt Aldo van Eyck.

Bibliografy thumb|Sitaat út De tuinman en de dood (P.N. van Eyckhof, Leiden) 1909 - De getooide doolhof (gedichten) 1910 - Worstelingen (gedichten) 1911 - De sterren (gedichten) 1912 - Uitzichten (gedichten) 1913 - Bevrijding 1916 - De plicht van Nederland 1916 - Over boekkunst en De Zilverdistel (mei J.F. van Royen, juny 1916) Over boekkunst en De Zilverdistel, webstee KB, sjoen 18-11-2020 1917 - Het ronde perk 1917 - Lichtende golven 1918 - Opgang (gedichten) 1919 - Getijden (gedichten) 1921 - De Iersche kwestie 1922 - Inkeer (gedichten) 1923 - Uren met Platoon 1926 - Voorbereiding (gedichten) 1926 - De tuinman en de dood (Yn: Erts. Letterkundige Almanak)Erts. Letterkundige Almanak, jrg. 1 (1926) 1935 - Kritisch onderzoek en verbeelding (ynaugurale rede) 1938 - Over leven en dood in de poëzie 1941 - Verzen 1940 (gedichten) 1943 - Twee gedichten (gedichten) 1945 - Benaderingen 1946 - Broeder Bernard (gedicht) 1946 - De tuin 1946 - Meesters (gedichten) 1947 - Medousa 1949 - Herwaarts (gedichten) 1953 - In memoriam Jacob Israël de Haan 1954 - Herodias, fertaling fan Mallarmés Hérodiade

Keppelingen om utens Wurk yn de DBNL Biografy yn de DBNL

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Leien Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1954