Mad Max: Fury Road is in Australysk-Súdafrikaanske post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm út 2015 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Tom Hardy en Charlize Theron. De titel betsjut "Mâle Max: De Wei fan Fuery". De film is it fjirde diel yn 'e Mad Max-filmsearje, dat tritich jier nei it trêde diel Mad Max Beyond Thunderdome (1985) folge. Mad Max: Fury Road fertsjintwurdige eins in reboot fan 'e franchise, hoewol't regisseur Miller de foarkar joech oan 'e term "op 'e nij besjen".

Yn in dystopyske wrâld nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer folget de plot fan Mad Max: Fury Road de traumatisearre âld-plysjeman Max Rockatansky. Troch omstannichheden rekket dy behelle yn it besykjen fan 'e ienearmige oarlochsliedster Furiosa om 'e seksslavinnen fan 'e grizelige sektelieder Immortan Joe te befrijen en mei harren út te naaien yn in pânsere tankwein.

De tarieding foar Mad Max: Fury Road begûn al yn 1997, mar de produksje fan 'e film siet jierrenlang muorrefêst. Doe't er úteinlik útkaam, krige Mad Max: Fury Road oer it algemien tige loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy, en yn 'e bioskopen wied er ek in kommersjeel súkses. De film wûn seis Oscars, in Screen Actors Guild Award, fjouwer BAFTA's, in Saturn Award, in Satellite Award, tsien AACTA Awards, fjouwer Empire Awards en ferskate oare prizen. It wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms aller tiden.

Plot Yn in dystopyske wrâld nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer as gefolch fan in kearnoarloch en de dêrmei gearhingjende tekoarten oan brânstof en drinkwetter doarmet de traumatisearre âld-plysjeman Max Rockatansky troch in woastinige woastenije. Hy wurdt tramtearre troch fizioenen fan deaden dy't er net rêde kinnen hat. Simpelwei oerlibjen is foar him it alderwichtichste wurden.

Op in dei krije de War Boys ("Oarlochsjonges") him yn 'e rekken en nimme him nei in koarte efterfolging finzen. De fanatike War Boys foarmje it leger fan 'e tirannike sektelieder Immortan Joe ("Unstjerlike Joe"), dy't himsels ta in libbene god makke hat oer de befolking fan 'e Sitadel, dat in oäze yn 'e woastyn is. Max wurdt nei dy út grutte rotspylders besteande oäze tabrocht, dêr't Immortan Joe syn oanhingers derûnder hâldt troch drinkwetter, dat er oppompt út in ûndergrûnske akwifer, strang te rantsoenearjen. Yn 'e Sitadel wurdt Max alles ôfnommen: syn auto, syn wapens en al syn oare besittings. Syn hier en burd wurde ôfskeard en hy wurdt brânmerke as besit fan Immortan Joe. Neitiid wurdt er troch Joe syn dokter, de Organic Mechanic, as 'bloedsek' brûkt (d.w.s. foar in bloedtransfúzje) foar de sike War Boy Nux, mei't Max in universele donor is.

Underwilens stjoert de walchlik misfoarme Immortan Joe ien fan syn meast fertroude ûnderbefelhawwers of imperators, de jonge ienearmige frou Furiosa, mei in pânsere tankwein nei syn fazallen yn Gas Town ("Benzinestêd") en op 'e Bullet Farm ("Kûgelbuorkerij") om nije foarrieden benzine en munysje yn te slaan. As Furiosa noch binnen it sicht fan 'e Sitadel in oar paad ynslacht dat nei fijannich gebiet liedt, kriget Joe in bang fermoeden. Hy hastiget him nei de mei in grouwe klûsdoar ôfsletten fertrekken fan syn fiifkoppige harem, tsjeppe jonge froulju dy't er útsocht hat om mei te fokken, en ûntdekt dat dy yndie útpykt binne.

Joe wol harren beslist weromhawwe, net inkeld om't er harren as syn eigendom beskôget, mar ek om't er longeret op in soan dy't him opfolgje kin. Hy hat twa folwoeksen soannen: Corpus Colossus, dy't in goed ferstân hat mar sa'n misfoarme liif hat dat er folslein helpbehoevend is, en Rictus Erectus, in bear fan in fint dy't sûn fan liif en lidden is, mar it ferstân fan in lyts bern hat. Joe mobilisearret dêrom syn War Boys en bringt in konfoai fan wûnderlike fiertugen op 'en paad, dêr't er de efterfolging mei yn set. Troch it ôfsjitten fan ljochtkûgels ropt er de help fan Gas Town en de Bullet Farm yn. Nux, dy't net yn 'e Sitadel efterbliuwe wol, set Max mei keatlings foar op syn auto fêst, sadat de bloedtransfúzje ûnderweis trochgean kin.

As it konfoai fan Immortan Joe de tankwein byhellet, ûntstiet der in gefjocht tusken Furiosa en de War Boys. Nux is wisberet om mei gloarje te stjerren, sadat er foar ivich mei Joe op 'e Wei fan Fuery yn it hjirneimels ride mei. Fan gefolgen wurdt de warleaze Max ek ferskate kearen yn libbensgefaar brocht, ta syn oanboazjende argewaasje. Om har efterfolgers ôf te skodzjen, riidt Furiosa de tankwein in sânstoarm yn. Dêrtroch rekket se yndie it meastepart fan 'e War Boys kwyt, mar net Nux. Dy makket fan syn auto in ridende bom dy't er oanstekke wol mei in fjoerpylk, mar ear't er dat dwaan kin, wit Max los te kommen en him tsjin te hâlden. De auto slacht om en rekket total loss, mar ûntploft net.

Nei't de stoarm lizzen gien is, ûntdekt Max dat er noch altyd mei in keatling oan 'e skynber deade Nux fêstsit. Dêrom sleept er dyselde mei nei de tankwein, dy't in hiel ein fierder ta stilstân kommen is. As Max by de tankwein arrivearret, ûntdekt er dêr net inkeld Furiosa, mar ek de fiif froulju fan Immortan Joe: Capable ("Feardich"), Cheedo the Fragile ("Cheedo de Brekbere"), Toast the Knowing ("Toast de Wize"), the Dag ("de Eksintrikeling") en The Splendid Angharad ("De Treflike Angharad") dy't op alle dagen rint. Max twingt harren om mei in betonskjirre it keatling tusken him en Nux troch te knippen. Furiosa komt him oer it mad mei de bedoeling him te deadzjen, wêrby't de fiif froulju har helpe troch oan 'e útein fan Max syn keatling te skuorren, mar nei in fjochtpartij komt Max úteinlik as winner út 'e bus. Dêrnei stelt er de tankwein om mei út te naaien, mar it docht bliken dat Furiosa in needstopskeakeler ynstallearre hat dy't de motor ôfslaan lit as de juste koade net ynfierd wurdt. Om't er sûnder har net fier komt, stiet Max mei tsjinnichheid ta dat Furiosa en de froulju fan Joe wer ynstappe.

Nux, dy't net dea mar bewusteleas wie en ûnderwilens wer by besleur kommen is, klimt temûk fan efteren op 'e tankwein en glûpt dêrwei nei de kabine om Furiosa te deadzjen, mar hy wurdt oermastere troch de fiif froulju fan Joe, dy't er út noch yn net ferwûnje mei. Nei't se him it mannewaar opsein hawwe oangeande syn bline fertrouwen op 'e godlikens fan Immortan Joe, smite se him út 'e truck. Hy keart neitiid werom nei it konfoai fan 'e War Boys, dat it spoar fan 'e tankwein wer oppikt hat en noch mar inkele minuten efterleit. It wurdt noch helte minder foar de flechtlingen as fan 'e iene sydkant de troepen fan Gas Town komme, ûnder lieding fan The People Eater ("De Minske-iter"), en fan 'e oare sydkant de troepen fan 'e Bullet Farm, oanfierd troch The Bullet Farmer ("De Kûgelboer"). Se kinne sadwaande inkeld rjochtroch, dêr't steile rotsheuvels harren it paad tichtsette.

Der bestiet lykwols in smelle kleau tusken de rotsen troch, en Furiosa hat yn 't foar frije trochtocht regele yn ruil foar benzine mei de motorbinde fan 'e Rock Riders ("Rotsriders") dy't de kleau behearskje. As dy sjogge dat Furiosa troch trije ferskillende legers fijannen efterfolge wurdt, fine se dat Furiosa har net oan 'e ôfspraken holden hat. Sy en Max wurde twongen om gear te wurkjen om oan 'e Rock Riders ûntkomme te kinnen. Dyselden litte op in tige smel plak mei springstofladings de kleau ynstoarte om Immortan Joe en syn bûnsgenoaten út harren gerjochtichheid te hâlden. Wylst Max en Furiosa noch mei de lêste efterfolgjende Rock Riders ôfweve, riidt Immortan Joe mei syn monstertruck oer de fallen rotsblokken hinne om fuortendaliks de efterfolging te ferfetsjen, wylst de rest fan syn troepen earst de barrikade út 'e kleau romje moatte sille foar't se fierder kinne.

Joe hellet de tankwein by, wêrnei't er Nux dêr wer oan board klimme lit mei de opdracht om Furiosa te deadzjen. Nux faalt lykwols op 'e nij, ta teloarstelling fan Joe. As Joe besiket de tankwein yn 'e smelle kleau yn te heljen, rekket Max yn 'e swierrichheden. Angharad komt him te help en falt fan 'e truck, wêrnei't se deariden wurdt troch Joe. Dat is net syn bedoeling, want hy woe har krekt tsjin eltse priis libben en wol weromhawwe, mar yn 'e kleau kin er net útwike, en as er dat dochs besiket, rôlet er syn monstertruck op 'e kop. Dat jout Max en Furiosa de gelegenheid om harren foarsprong wer te fergrutsjen.

Underweis leit Furiosa oan Max út dat se mei Joe syn harem útnaait nei "it Griene Plak", in oäze dêr't se har bernetiid trochbrocht hat (en dy't yn har oantins in idyllyske kwaliteit oannommen hat). Sy en har mem binne nammentlik, doe't se lyts wie, dêrwei ûntfierd troch de trewanten fan Joe. Underwilens ûntdekt de readhierrige Capable de oanwêzigens fan Nux, dy't him efterop 'e tankwein ferskûle hat nei syn ellindich falen foar de eagen fan syn god. Capable treastget him en plantet by him it idee yn 'e holle dat er miskien wol bedoeld is foar in gruttere lotsbestimming as te stjerren foar Immortan Joe.

Dy nachts komt de tankwein fêst te sitten yn in sompige krite. Furiosa en Max bringe de opmars fan Immortan Joe ta stilstân troch lânminen op syn paad te pleatsen, mar The Bullet Farmer, dy't in fiertúch mei rupsbannen hat en dêrom net bang is om fêst te reitsjen yn 'e drek, riidt om en set de efterfolging fuort. Troch in idee fan Nux slagget it om 'e tankwein los te skuorren. In skot dat Furiosa mei in skerpskuttersgewear nimt mei Max syn skouder as stipe, fernielt de skynwerper fan The Bullet Farmer en makket de man sels blyn trochdat er omfleanend glês yn 'e eagen kriget. Nei't de tankwein in lege heuvelrêch yn it dridzige lân berikt hat, giet Max op eigen manneboet werom om it op te nimmen tsjin The Bullet Farmer en syn mannen. Nei in ûntploffing op ôfstân yn it nachtlik tsjuster keart er ûnder it bloed werom mei in sekfol munysje en fjoerwapens.

Neitiid ride se de hiele nacht troch mei de tankwein, earst middenmank grizelige sompen en letter troch woastyn. De oare deis komme se by in wrakke toer lâns mei boppe-yn in healneakene jonge frou dy't om help ropt. Max is daliks op syn iepenst om't er in mûklaach fermoedet. Furiosa giet der allinnich op ôf en neamt har namme, ôfstamming en clanbân op. De frou, The Valkyrie ("Walkuere"), ropt dêrop de oaren fan har stamme op, dy't, sa't Max al tocht hie, ferskûle leine efter de omjaande sândunen. It blike oer it algemien âldere froulju te wêzen, de Vuvalini of "Folle Memmen", by wa't Furiosa foar har ûntfiering libbe. Se kenne Furiosa werom en leauwe har op har wurd as se ynstiet foar Max, Nux en de fjouwer froulju fan Joe. Furiosa wol dat se harren meinimme nei it Griene Plak, en se is der stikken fan as har oansein wurdt dat se dêr de foargeande nachts lâns kommen binne: alles dat der noch fan oer is, binne de grizelige, ûnbewenbere sompen, mei't der gif yn it wetter lekt wie dat alle planten deade.

Mei de Vuvalini briedt Furiosa neitiid in nij plan út: se sille de tankwein efterlitte en alles dat se drage kinne op 'e motorfytsen fan 'e Vuvalini lade, om 'e reuseftige sâltflakte oer te stekken dy't no foar harren leit, yn 'e hope dat se de oare kant berikke kinne foar't harren brânstof, fiktaalje en drinkwetter oprekket. Furiosa biedt Max oan dat er mei kin, mar hy slacht it oanbod ôf. Hy is fan doel wer op eigen manneboet ôf setten op nije omdoarmings, mar as er pleage wurdt troch in fizioen fan in lyts famke dat er net rêde koe, betinkt er him. Hy giet Furiosa-en-dy efternei en leit harren in oar plan foar: alles yn 'e tankwein te laden en werom te riden troch de kleau. As se dy langernôch barrikadearje kinne, en dêrmei de troepen fan Immortan Joe oan dizze kant fan 'e rotsheuvels ophâlde, kinne se weromgean nei de Sitadel om dy yn te nimmen. It bolwurk fan Immortan Joe is in Grien Plak op himsels, en boppedat is it ûnferdigene efterbleaun om't Joe al syn warbere mannen meinommen hat op syn efterfolging.