Runkel is in stêd yn de Hessyske lânkring Limburg-Weilburg, Dútslân.
Geografy De stêd leit yn de Lahndelte oan beide kanten fan de rivier tusken it Westerwald en it Taunusberchtme, likernôch 8 kilometer eastlik fan Limburch oan de Lahn.
Yndieling Runkel bestiet út 9 stedsdielen Stedsdiel Ynw.1910 Ynw.1961 Ynw.1970 Ynw.2005 Ynw.2008 Ynw.2020 Yndield by Runkel sûnt Arfurt 650 911 858 939 915 842 31 desimber 1970 Dehrn 1061 1871 1928 2295 2307 2178 1 july 1974 Ennerich 317 445 538 865 852 786 1 desimber 1970 Eschenau 214 285 265 320 273 273 31 desimber 1970 Hofen 292 373 392 435 440 418 31 desimber 1970 Runkel 1109 1687 1782 1655 1671 1727 − Schadeck 502 650 715 1112 1079 1051 1 desimber 1970 Steeden 696 1223 1352 1550 1526 1395 1 desimber 1970 Wirbelau 516 615 669 803 803 787 31 desimber 1970
It besjen wurdich (kearnstêd) De boarch Runkel, werfan't de âldste dielen werom geane op de 12e iuw. 17e en 18e iuwske fakwurkhûzen. De stiennen brêge oer de Lahn (13e iuw). Boarch Schadeck (13e iuw). De Bannmühle (wettermûne), bûten de stedsmuorren boud troch Runkel en Schadeck. Klokketoer fan de protestantske tsjerke (oarspronklik in wachttoer). Protestantske tsjerke (nei de Tritichjierrige Kriich boud). De earste skoalle fan Runkel (1543). Parochyhûs (1664). Latynske skoalle (1711).
Ofbylden gemeente Runkel
Kategory:Plak yn Hessen Kategory:Gemeente yn Hessen