Janke Reitsma (Driezum, 1988) is in Nederlânske ortopedagooch en skriuwster fan Frysk komôf. Anno 2021 wennet hja yn Swol.

Reitsma waard berne yn Driezum, mar opbrocht yn De Westereen. Se studearre ortopedagogyk oan de Universiteit fan Grins.

Se publisearre koarte ferhalen, folge de oplieding literêre fiksje oan de Schrijversvakschool yn Grins. Sy wûn ferskate skriuwwedstriden, dy fan de skriuwersfakskoalle, it Nederlands Dagblad en útjouwerij Kok-Boekencentrum.

Yn oktober 2021 waard har debútroman Niets ontgaat ons publisearre. De roman giet oer in gesinsdrama en spilet him ôf oan de waadkust yn Fryslân.rtvnof.nl 26 oktober 2021 De roman waard nominearre foar de Hebban Debútpriis 2022. Janke Reitsma genomineerd voor Hebban, Frysk Deiblêd 5 july 2022, s. 10

Wurk Niets ontgaat ons, roman, 2021 Alles wordt lichter, 2024

Kategory:Frysk ortopedagooch Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk ortopedagooch Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:De Westereen Kategory:Persoan berne yn Driezum Kategory:Persoan berne yn 1988