Octopussy is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan John Glen, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Maud Adams as Bond girl Octopussy. De titel betsjut letterlik "Oktopoeske" en is in gearlûking fan "oktopus" en "poeske". It is wat op it rântsje ôf, om't pussy ek "fagina" betsjutte kin. De film ûntliend syn namme oan it postúm ferskynde koarte ferhaal mei deselde namme fan Ian Fleming út 1966, mar de plot is fierhinne orizjineel.
Yn Octopussy moat MI6-spion James Bond ûndersyk dwaan nei it smokkeljen en heeljen fan sieraden út 'e Sovjet-Uny. Fia in yn ballingskip libjende Afgaanske ealman en de Westerske sakefrou, sirkuseigneresse en smokkelster Octopussy komt er de megalomane Sovjet-generaal Orlov op it spoar, dy't plannen hat foar de ûnderwerping fan West-Jeropa troch it manipulearjen fan 'e ynternasjonale fredesbeweging.
Octopussy wie it trettjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op For Your Eyes Only. De titelsong fan 'e film, All Time High, songen troch Rita Coolidge, waard in grutte hit. Fan 'e filmkritisy krige For Your Eyes Only doedestiden positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. Letter keldere de reputaasje fan 'e film en no wurdt it oer it algemien beskôge as ien fan 'e minste Bond-films. Yn 1983 kaam ek de film Never Say Never Again út, mei Sean Connery yn 'e haadrol, dy't net ta de kanon fan filmstudio Eon Productions heart. In folgjend diel yn 'e 'offisjele' filmsearje wie A View to a Kill, dat yn 1985 útbrocht waard.
Filmbeskriuwing Iepeningssênes Yn in sênesekwinsje dy't foarôf giet oan 'e begjintitels en neat út te stean hat mei de rest fan 'e film, ynfiltrearret James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, ûnder de momkape fan in kolonel Luis Toro in militêre basis yn in Spaansktalich lân yn Latynsk-Amearika. (Hokker lân it krekt om giet, wurdt net sein, mar it neamen fan 'e Amerikaanske stêd Miami as plak om nei út te wiken suggerearret sterk dat Kuba bedoeld wurdt.) Yn in hangaar plantet Bond in bom yn in prototype fan in nije strieljager, mar de oankomst fan 'e echte kolonel Toro liedt fuort dêrnei ta syn arrestaasje en de ûntdekking fan 'e bom, dy't ferwidere wurdt.
Underweis nei it tichthûs wit Bond mei help fan syn assistinte Bianca út te piken. Neitiid besiket er út it lân te ûntkommen yn in minystrieljager dy't alle skaaimerken hat fan in gadget fan Q, de kertiermaster fan MI6. Der wurdt in waarmtesykjende raket op him ôfsketten dy't er mar net ôfskodzje kin, mar Bond slacht twa miggen mei ien klap troch om te kearen, werom te fleanen nei de militêre basis, en dêr dwers troch de hangaar te fleanen mei it prototype strieljager. De raket folget him de hangaar yn mar net wer út en it hiele gebou giet de loft yn. Troch alle kaprioalen yn 'e loft is de minystrieljager dêrnei hast troch de brânstof hinne, dat Bond lânet op in ferlitten wei en taksyt nei in benzinepomp ta.
Plot Yn East-Berlyn flechtet de as clown ferklaaide Britske geheim agint 009 troch in park, wylst er efterfolge wurdt troch in ienaaiïge twilling fan messewerpers. Swierferwûne, mei in mês yn 'e rêch, knoffelet er úteinlik troch in túndoar fan 'e wente fan 'e Britske ambassadeur yn 'e DDR nei binnen, en falt dea del mei in ferfalske Fabergé-aai yn 'e hân. Om't Fabergé-aaien benammen bekend binne út it besit fan 'e Russyske keizerlike famylje, fermoedet MI6 fuortendaliks belutsenens fan 'e Sovjet-Uny. As it echte Fabergé-aai te keap oanbean wurdt op in feiling yn Londen, riddenearret men dat de Sovjets in opfiering fan 'e wapenwedrin besykje te finansieren. M, it haad fan MI6, set James Bond op 'e saak en jout him de opdracht om út te finen wa't der krekt efter de ferkeap sit, temear om't dit by lange nei net it earste âlde Russyske sieraad is dat de lêste tiid op 'e ynternasjonale merk ferkocht is.
Underwilens is de oarlochssuchtige Sovjet-generaal Orlov, dy't sûnder tastimming fan syn superieuren it Fabergé-aai ferfange litten hat om it te ferkeapjen, op 'e hichte steld fan 'e dieverij fan 'e ferfalsking. Dat betsjut dat er halje-trawalje prikken yn it wurk stelle moat om it echte Fabergé-aai werom te krijen foar't it mist wurdt. As Bond him nei de feiling bejout, rekket er dêr yn in biedstriid ferwikkele mei de Afgaanske ealman Kamal Khan, dy't oant no ta inkeld as ferkeaper aktyf west hat en net as keaper. Under it mom fan it better besjen fan 'e keapwaar wikselet Bond it echte aai om foar de ferfalsking. Uteinlik twingt er Kamal Khan om dêr £500.000 foar te beteljen. Om't it Fabergé-aai mar heal safolle wurdich is, fermoedet Bond dat Khan oarders hie om it ding tsjin eltse priis (werom) te keapjen.
Mei't Khan yn ballingskip yn Yndia libbet, reizget Bond ôf dêrhinne, dêr't er ûnthelle wurdt troch in pear pleatslike MI6-aginten, Vijay en Sadruddin. Yn New Delhi siket Bond Khan op en ferslacht er him yn it iepenbier by in potsje backgammon mei hege ynset, wêrby't er Khan sjen lit dat hy it echte Fabergé-aai yn besit hat. Netiid stjoert Khan in stikmannich fan syn trewanten ûnder lieding fan syn Sikh-liifwacht Gobinda yn in tuktuk efter Bond en Vijay oan om harren te fermoardzjen. De beide mannen ûntkomme lykwols, ek yn in tuktuk. Dy jûns lit Bond him ferliede troch Magda, in froulike meiwurker fan Khan. As se op bêd lizze te bekommen nei't se seks hân hawwe, merkt er in tatoeaazje op har ûnderrêch op fan in blau-giele oktopus. As er dêrnei freget, fertelt se him dat dat har "octopussy" is. Bond stiet ta dat Magda him it echte Fabergé-aai ûntstelt, dat troch Q foarsjoen is fan ôflústerapparatuer en in stjoerderke dat de posysje werjout. Wannear't er selsfoldien werom gean sil op bêd, wurdt er lykwols bewusteleas slein troch Gobinda.
As Bond wer by bewustwêzen komt, befynt er him yn it Moessonpaleis, de residinsje fan Kamal Khan, dêr't er yn in fan traaljes foarsjoene, mar fierders lúksueus ynrjochte keamer fêstholden wurdt. Bond ûntsnapt út syn 'sel' en is bûtendoar tsjûge fan 'e oankomst fan generaal Orlov yn it paleis. Hy folget Khan en Orlov nei de kelder ta, dêr't er harren petear fia it ôflústerapparaat yn it Fabergé-aai ôfharket. Sa ûntdekt er dat Khan en Orlov gearwurkje by it smokkeljen en heeljen fan âlde sieraden út museä yn 'e Sovjet-Uny, al bliuwt dizenich wêr't dat ta tsjinnet.
Der wurdt wat yn Orlov syn helikopter laden dat makke is troch in pear wittenskippers yn 'e tsjinst fan Khan. Dy beiden wurde fuort neitiid troch Gobinda fermoarde. Bond ûntkomt út it Moessonpaleis troch it plak fan ien fan 'e liken yn te nimmen. Yn 'e wyldernis bûten it paleis wurdt er neitiid bejage troch Kamal Khan en Gobinda op oaljefanten. Yn inkele minuten tiid wit Bond frijwol alle gefaarlike bisten fan Yndia te moetsjen, fan tigers en krokkedillen oant spinnen en slangen, sûnder dat er dêr kleanskuorren fan oprint. Hy wit úteinlik fuort te kommen troch in boat mei toeristen op 'e rivier oan te hâlden.
Werom yn it haadkertier fan MI6 yn Yndia identifisearret Q oan 'e hân fan 'e beskriuwing fan Magda har tatoeaazje de oktopus as in blauringoktopus, in lytse mar tige giftige soarte. Dat bist en de oantsjutting "octopussy" liede Bond nei in rike en mysterieuze mastersmokkelster dy't harsels Octopussy neamt, en in paleis op in eilantsje yn in mar bewennet, dêr't inkeld froulju komme meie. Hja wurket gear mei Kamal Khan, en Magda is ien fan har ûnderhearrigen. Bond ynfiltrearret yn har paleis om te sjen wat er útfine kin, mar Octopussy blykt him al te ferwachtsjen. Hja hat in persoanlike konneksje mei Bond om't hja de dochter is fan majoar Dexter-Smythe silger, in Britsk ofsier dy't Bond by ien fan syn earste misjes arrestearje moast foar lânferrie. Bond liet de man lykwols de kar om selsmoard te dwaan as er dat leaver woe as terjocht stean, en Octopussy is him dêr noch altyd tankber foar. Hja nûget him út om yn har paleis te ferbliuwen as har gast.
As Khan ûntdekt dat Bond yn it paleis fan Octopussy ferbliuwt, nimt er in stikmannich hiermoardners yn 'e earm om Bond te fermoardzjen, mar drukt de mannen op it hert dat Octopussy neat oerkomme moat. De hiermoardners sette ôf nei it eilânpaleis. Vijay, dy't oan 'e igge fan 'e mar op Bond sit te wachtsjen, wurdt troch harren op ôfgryslik wize fermoarde. Bond ûntdekt ûnderwilens dat Octopussy njonken har smokkeljen ek ferskate legale bedriuwen besit. Ien dêrfan is in sirkus dat hinne en wer reizget fan 'e DDR nei West-Dútslân en dêrby de Russyske sieraden fan Orlov troch it Izeren Gerdyn hinne slûket. Yn it Moessonpaleis hat Bond Orlov en Khan ôfpraten heard om inoar yn Karl-Marx-Stadt (no Chemnitz) te treffen, en yn it paleis fan Octopussy ûntdekt er dat har sirkus mei koarten yn Karl-Marx-Stadt optrede sil.
Bond ferliedt Octopussy om mei him op bêd te gean, en sadwaande binne se tegearre as Khan syn hiermoardners it eilânpaleis binnen kringe. Mei help fan Octopussy wit Bond mei de measte hiermoardners te ferslaan, mar mei de lêste rekket er yn it wetter fan 'e mar yn gefjocht. Moeraskrokkedillen sjitte derop ôf en it liket dat beide mannen ferslynd wurde. Eins ûntkomt Bond lykwols nei de marsigge, dêr't Q ûnderwilens it stoflik omskot fan Vijay fûn hat.
Bond reizget nei de DDR, dêr't er yn Karl-Marx-Stadt yn it sirkus fan Octopussy ynfiltrearret. Orlov en Khan meitsje Octopussy wiis dat har sirkus op 'e nij in lading stellen sieraden meismokkelje sil, mar Bond ûntdekt dat sy beiden, yn gearwurking mei Gobinda en de ferriedlike messewerpers Mischka en Grischka, de lading sieraden temûk ferfongen hawwe troch in atoombom dy't troch Khan syn wittenskippers makke is. De bom is foarsjoen fan in tiidmeganisme, sadat er ûntploffe sil as it sirkus de Westdútske grins oergien is foar in optreden op in Amerikaanske legerbasis dêre. Mei't de bom gjin Sovjet-skaaimerken hat, sil miend wurde dat it om in ûngemak giet mei in Amerikaanske atoombom. Orlov ornearret dat dêrnei de fredesbeweging yn West-Jeropa sa oanwaakse sil, dat de regearings dêre gjin oare kar hawwe sille as om oer te gean ta iensidige nukleêre ûntwapening. Dat sil it paad iepenlizze foar de Sovjet-ferovering mei konvinsjonele striidkrêften fan hiel Jeropa noardlik en eastlik fan 'e Ryn, mei't de Sovjet-Uny en de Eastbloksteaten kwa mankrêft in grutte nûmerike oermacht oer it Westen hawwe.
Bond besiket by de bom te kommen, dy't al op in trein nei it Westen laden is. Hy deadet Mischka, mar wit de bom net te berikken foar't de trein ôfset. Dêrop stelt er Orlov syn auto, dêr't er de bannen fan stikken riidt op in spikermatte. Neitiid giet er it spoar op, efter de trein oan, wêrby't de bleate felgen fan 'e auto aldergeloks persiis op 'e spoarrails passe. Orlov set ûnderwilens yn in oare auto de efterfolging yn. Bond wit de trein op in parallelle spoarline te efterheljen, en klimt oan board krekt foar't syn auto skept en ferneatige wurdt troch in trein dy't de oare kant út giet. As de trein de Westdútske grins oer giet, en Orlov te let arrivearret om dat tsjin te hâlden, wol er lykwols de trein efternei. Dêrop wurdt er deasketten troch Eastdútske grinswachten dy't him oansjogge foar in oerrinder.
Op it dak fan 'e trein rekket Bond yn gefjocht mei Gobinda en Grischka, wêrby't er op in stuit mei Grischka fan 'e trein rûgelet. Nei't er mei Grischka ôfweefd hat, besiket er op in parallelwei in lift te krijen fan in passearjende auto, wat him lang om let slagget. Wylst de trein fierder reizget en de Amerikaanske legerbasis berikt, dêr't it sirkus feestlik ynhelle wurdt, nimt Bond yn in doarpke rimpen ôfskie fan it freonlike Dútske troud pear dat him meiride litten hat. De iennichste tillefoansel wurdt lykwols beset troch in frommes dat har sportauto rinne litten hat. Ynstee fan in warskôging oer de bom troch te beljen, beslút Bond har auto te stellen om sels nei de legerbasis te riden. Hy kriget al rillegau de Westdútske plysje efter him oan, en by de basis, dy't er sûnder tastimming binnenkringt, ek de Amerikaanske militêre plysje.