Keulen (útsprutsen yn 't Frysk as Keuln, Dútsk: Köln [kœln], Keulsk/Ripuarysk: Kölle [ˈkœlə]) is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt), metropoal en in stêd yn Dútslân, yn de dielsteat Noardryn-Westfalen, oan de Ryn, 25 km noardlik fan Bonn en 35 km súdlik fan Düsseldorf. It sintrum leit op de lofterigge. Keulen is mei in goed 1 miljoen ynwenners de fjirde stêd fan Dútslân en de grutste fan Noardryn-Westfalen. Yn de hiele Keulske stêdekloft wenje likernôch 3,5 miljoen minsken.
It is de haadstêd fan de Keulske regio en de offisjeuze haadstêd fan it Rynlân, en de sted spile fan de Midsiuwen ôf in wichtige tsjerklike en politike rol. De stêd is it sit fan it Aartsbisdom Keulen
De stêd is ferneamd om syn rike skiednis, it kulturele en arsjitekturale erfgoed en ferskate grutte en ynternasjonale eveeminten, lykas it karnaval en de hannelsbeurzen. Keulen hat in universiteit, de Universiteit fan Keulen, dy't ien fan de âldsten fan Jeropa is, en in lofthaven, dy't er dielt mei Bonn.
Skiednis Romeinsk Keulen De earste delsetting op it plak fan it hjoeddeistige Keulen wie Oppidum Ubiorum dat yn 38 f.Kr. troch de Ubiërs, in Germaanske stamme dy't oan de lofterouwer fan de Ryn wenne, stifte waard. Yn 50 n.Kr. ferheften de Romeinen de stêd ta status fan colonia en stiften se Colonia Claudia Ara Agrippinensium. De stêd waard yn 85 de haadstêd fan de Romeinske provinsje Neder-Germaanje. In grut ferskaat oan Romeinske resten waarden fûn oan de âlde haven oan de Ryn, dêr't 1900 jier âlde Romeinske boat yn 2007 ûntdutsen waard. Parten fan it oarspronklike Romeinske rioelsysteem binne noch yntakt ûnder de stêd. Pas yn 1890 waard it moderne rioelsysteem yn gebrûk nommen.
Fan 260 oant 271 wie Keulen de haadstêd fan it Gallo-Romeinske Ryk. Yn 310 waard ûnder keizer Konstantyn de Grutte by Keulen in brêge oer de Ryn boud. Keulen wie de residinsje fan Romeinske provinsjale gûverneurs en de stêd wie ien fan de wichtichste hannels en produksjesintrums noardlik fan de Alpen.
Nei't de Joadske timpel yn Jeruzalim ferneatige waard, ûntstie in Joadske diaspoara oer it gânse Romeinske Ryk. Der is bewiis fûn fan in Joadske mienskip yn Keulen. Yn 321 stie keizer Konstantyn it fêstigjen fan in Joadske mienskip ta mei deselde frijheden as Romeinske boargers. It Edikt fan Konstantyn is it âldste dokumint yn Dútslân.
Maternus waard keazen ta biskop yn 313 en wie de earste biskop fan Keulen. De stêd waard troch Ripuaryske Franken yn 462 oermastere.
Midsiuwen De Ripuaryske Franken stiften harren ryk oan de ouwers fan de Ryn en de Mûzel en makken Keulen ta harren haadstêd. De befolking fan Keulen dy't út Galloromanen en romanisearre Ubiërs bestie, waarden stadichoan assimilearre troch de Franken en it Latyn dat dêr sprutsen waard ferfongen troch it Germaanske Aldfrankysk. Yn 'e 6e iuw feriene de Merovingyske kening Klovis I de Salyske Franken dy't yn Noard-Galje wennen en de Ripuaryske Franken en stifte winliken it Frankyske Ryk. De Franken koene harren macht oer gâns Galje útwreidzje. Keulen waard de haadstêd fan Austraasje, sa't it stamlân fan de Franken neamd waard. Yn 623 waard Kunibert biskop fan Keulen, dy't tagelyk ek in wichtige adviseur fan de Merovingyske kening Dagobert I wie.
Yn 714 nei't de Frankyske kening Pepyn fan Herstal stoar, rekke it Frankyske Ryk tangele yn in boargerkriich. By de Slach by Keulen yn 716 tusken kening Gilperik II fan Neustrje mei help fan de Fryske kening Redbad, dy't de kâns seach de ferlerne gebieten fan 690 werom te pakken en de Franken in goede slach te slaan, waard Karel Martel, de oerwinneling fan Pepyn, ferslein. Karel flechte nei it Eifelberchtme ta dêr't er in grutte hoemannichte troepen byinoar sammele. Nei't Redbad al wer werom nei Fryslân ferfearn wie mei syn buit, koe Karel Gilperik ferslaan yn de Slach by Amel en koe er Keulen fannijs ynnimme.
Keulen hat sûnt de Romeinske tiid in biskopsit west en yn 795 ûnder it bewâld fan kening Karel de Grutte, waard biskop Hildebold, dy't kânselier en aartskapelaan oan it hof fan Karel de Grutte wie, de earste aartsbiskop fan Keulen. By it Ferdrach fan Ferdun yn 843 kaam Keulen ta it Midfrankyske Ryk, dat letter Loataringen waard.
Yn 953 krigen de aartsbiskoppen fan Keulen ek in soad sekuliere macht doe't biskop Bruno troch syn broer Otto I, kening fan Dútslân as hartoch fan Loataringen beneamd waard. Om de sekuliere adel dy't syn macht bedrige, te ferswakjen, joech Otto Bruno en syn aartsbiskoplike opfolgers de foarrjochten fan sekuliere foarsten en stifte dêrtroch suver it Karfoarstedom Keulen, dat foarme waard troch de tydlike besittings fan it aartsbisdom en omfieme letter in grutt stripe lân oan de lofter Rynouwer eastlik fan Gulik en westlik fan it hartochdom Westfalen foarby it greefskip Mark en it hartochdom Berch. Oan 'e ein fan de 12e iuw wie de aartsbiskop fan Keulen ien fan de sân karfoarsten fan it Hillige Roomske Ryk. Njonken karfoarst wie er ek aartskânselier fan Itaalje fan 1238 oant 1803.
120px|thumb|left|Goatyske stedssegel fan Keulen fan 1396 Nei de Slach by Worringen yn 1288 helle Keulen syn ûnôfhinklikens fan de aartsbiskoppen en waard doe in frije ryksstêd. Aartsbiskop Siegfried fan Westerburg waard twongen en ferhúzje nei Bonn. De aartsbiskop hold lykwols it rjocht op it útsprekken fan de deastraf. It stedsbestjoer, dy't op polityk mêd rjocht foar de aartsbiskop oer stie, wie ôfhinklik fan him yn alle saken oangeande it strafrjocht. Dat befette marteljen, dy't allinnich útsprutsen mocht wurde troch de biskoplike rjochter. Dy juridyske sitewaasje duorre oant de Frânske oermastering fan Keulen.
Njonken syn ekonomyske en politike betsjutting waard Keulen ek in wichtich midsiuwsk beafeartsoarde, doe't de Keulske biskop Reinald fan Dassel yn 1164 de relikwyen fan de Trije Wizen oan de Dom fan Keulen joech. Dêrnjonken bewarret Keulen ek de relikwyen fan de hillige Ursula en Albertus Magnus.
Troch syn lizzing oan de Ryn lei Keulen op ien fan de wichtichste hannelskrúspunten fan east nei west en fan Súd-Jeropa nei Noardwest-Jeropa. Al sûnt de 10e iuw stiene keaplju yn de stêd al bekend om harren woltierigens omreden de beskikking fan de hannelsmooglikheden. Dat hannelskrúspunt soarge ek foar it waaksen fan Keulen. Oan 'e ein fan de 12e iuw liet aartsbiskop Filip fan Heinsberg in stedsmuorre om gâns de stêd hinne bouwe. Om 1300 hiine hie de stêd al mear as 50.000 ynwenners. Yn 1475 waard Keulen lid fan it Hânzeferbûn, doe't keizer Freark III de ryksûnmidlikens fan de stêd befêstige. Keulen waard tige ynfloedryk yn de regionale hannel, dat syn systemen fan mjitten en gewichten yn gâns Jeropa brûkt waarden.
Mei de bou fan de Dom fan Keulen waard op 15 augustus 1248 úteinset. Yn de iuwen dêrnei waard der stadichoan wurke oan it projekt, mar yn de 15e iuw waard de bou stillein. Under ynfloed fan de Romantyk yn de 19e iuw waard de bou fannijs oppakt en foltôge yn 1880.
500px|thumb|center|Keulen yn 1411
Iere moderne tiid De ekonomyske struktuer fan it Keulen yn de midiuwen en iere moderne tiid waarden karakterisearre troch de status fan de stêd as in wichtige haven- en ferfiersmulpunt oan de Ryn. De ambachten waarden organisearre troch gilden, dêr't guon fan allinnich foar froulju gouwen.
thumb|Rekonstruksje fan Keulen yn de 17e iuw thumb|De noch net foltôge Dom yn 1695 As frije ryksstêd wie Keulen in selsstannige steat yn it Hillige Roomske Ryk mei ryksstannen dy't in sit en stim yn de Ryksdei hie as sadwaande it rjocht en plicht hie by te dragen oan de ferdigening fan it Ryk en in eigen legermacht te ûnderhâlden. Om't hja in read unifoarm droegen, stiene dy striidkrêften bekend as de Rote Funken (reade fonken). De soldaten wiene part fan it Ryksleger. Ha fochten yn de krigen fan de 17e en de 18e iuw, lykas dy tsjin it revlúsjonêre Frankryk dêr't de lytse striidmacht hast folslein yn fuortfage waard. De tradysje fan de troepen is bewarre bleaun as in militêre persiflaazje troch de meast opmerklike karnavalsferiening yn Keulen, de Rote Funken.
De Frije Ryksstêd Keulen moat net betiisd wurde mei it Karfoastedom Keulen, dat ek in selsstannige steat yn it Hillige Roomske Ryk wie. Sûnt de twadde helte fan de 16e iuw wiene de measte aartsbiskoppen ôfkomstich út it Beierske Hûs Wittelsbach. Fanwegen syn status as frije ryksstêd mochten de aartsbiskoppen de stêd almeast net ynkomme. Dêrom fêstigen se harren yn Bonn en letter yn Brühl. As leden fan in machtige en ynfloedrike famylje, benammen as harren status as karfoarsten, bestriden en narren de aartsbiskoppen fan Keulen yn de 17e en 18e iuw gauris de frije ryksstêd Keulen, itjinge late ta yngewikkelde saken dy't ôfhannele wurde moasten fia diplomatike middels troch de heechste rjochthôven fan it Hillige Roomske Ryk.
Nije tiid oant de Twadde Wrâldkriich thumb|Hingbrêge om 1900 hinne Yn 1794 waard Keulen beset troch Frânske troepen en ferlear syn status as frije ryksstêd. Neffens de Frede fan Lunéville yn 1801 waard oerienkommen dat alle gebieten fan it Hillige Roomske Ryk oan de lofterkant fan de Ryn nei Frankryk ta gean soene. Letter waard de stêd part fan it Earste Frânske Keizerryk ûnder keizer Napoleon. Keulen waard part fan it departemint fan de Roer, dêr't Aken de haadstêd fan wie. De Frânske fernijden it iepenbier libben, lykas juridyske fernijings neffens de Code Napoléon yn te fieren en âlde eliten de macht te ûntnimmen. De tsjerklike machten waarden sekularisearre.It Napoleontysk rjocht bleau yn gebrûk yn it Rynlân oant 1900 doe't in unifoarm wetboek (Bürgerlich Gesetzbuch) yn it Dútske Keizerryk ynfierd waard.
By it Kongres fan Wenen yn 1815 nei de delfal fan Napoleon waard Keulen Prusysk, mar it Frânsk rjocht bleau jildich. Keulen waard earst part fan de provinsje Gulik-Kleef-Berch oant dy yn 1822 opgie yn de Rynprovinsje.
De algeduerigen spannings tusken it Roomsk-katolike Rynlân en it foar it grutste part protestantske Prusen lôgen gauris op, mei Keulen as brânpunt fan it konflikt. Yn 1837 waard aartsbiskop Clemens August von Droste-Vischering arrestearre en twa jier lang finzen set nei in skeel oer de wetlike status fan houliken tusken protestanten en roomsken (Mischehenstreit). Yn 1874 by de Kulturkampf waard aartsbiskop Paul Melchers finzennommen ear't er asyl krige fan Nederlân. Dy konflikten droegen by ta in djip anty-Pusysk gefoel by de katolike befolking, dy't noch hieltyd oanwêzich wie nei de Twadde Wrâldkriich, doe't de eartiidske boargemaster fan Keulen, Konrad Adenauer de earste Westdútske bûnskânselier waard.
Yn de Nije Tiid fermindere de ynfloed fan Keulen bûten it Rynlân, mar bleau dochs fierhinne ekonomysk, kultuereel en steatsrjochtlik de wichtichste stêd oant de Yndustriële revolúsje. Om 1900 hinne hat Keulen al in stikmannich omlizzende stêden anneksearre en tsjin de Earste Wrâldkriich hie de stêd al 700.000 ynwenners. De yndustrialisaasje feroare de stêd en bot en joech de oanset ta groei. Benammen de produskje fan reauwen en motors waard in sukses, alhoewol't de swiere yndustry minder fertsjintwurdige wie as yn it Ruhrgebiet. De Dom fan Keulen waard lang om let foltôge yn 1880 en gou net allinnich as in pla foar it oanbidden mar ek ta in Dútsk nasjonaal monumint ta eare fan it kreklyn oprjochte Dútske Keizerryk en de kontinuïteit fan de Dútske naasje sûnt de midsiuwen. In part fan de stedske groei wie lykwols yn it neidiel fan it histoarysk erfguod, dêr't in soad by sloopt waard, lykas de âlde stedsmuorre en gebouwen om de Dom hinne dy't troch moderne gebouwen ferfongen waarden.
thumb|De fortifikaasje om Keulen hinne yn de 19e iuw