De Stiftstsjerke Sint-Marije (Dútsk: Stiftskirche Diez St. Maria) is in oarspronklik oan Marije wijd tsjerkegebou yn Diez yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Skiednis thumb|200px|left|Grêf Amalia fan Nassau-Diez De tsjerke stiet oan 'e foet fan it greveslot fan Diez en datearret út it lêste stik fan 'e 13e iuw. It wie de tsjerke fan in troch greve Gerhard IV fan Diez (1272-1306) oprjochte stift, dat oant 1564 bestie. Yn dat jier gyng de stêd oer op 'e reformaasje. It stift waard opheft en de tsjerke waard in protestantsk tsjerkegebou.
Yn 'e tsjerke binne meardere grêfmonuminten fan it grevehûs Diez-Nassau. Fral de sarkofaach fan Amalia fan Nassau-Diez yn it rjochter sydskip is it besjen wurdich. Har dochters fûnen harren lêste rêstplak yn 'e grêfkelder.
Opfallend is ek it stiennen doopfont, dat romaansk en âlder is as de tsjerke sels en werfan't de oarsprong net bekend is.
Keppeling om utens Klosterlexikon Rheinland-Pfalz: Stift St. Maria, Diez
Kategory:Diez Kategory:Tsjerkegebou yn Rynlân-Palts Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân