Death Wish is in Amerikaanske aksjeskriller út 2018 ûnder rezjy fan Eli Roth, mei yn 'e haadrol Bruce Willis en yn 'e wichtichste byrollen Vincent D'Onofrio, Elisabeth Shue, Camile Morrone en Dean Norris. De titel betsjut "Deadswinsk". De film is in remake fan 'e ferneamde aksjeskriller Death Wish út 1974, mei Charles Bronson yn 'e haadrol. It ferhaal giet oer dokter Paul Kersey, in sjirurch yn Chicago, by waans hûs ynbrutsen wurdt as er net thús is. Syn frou wurdt troch de ynbrekkers fermoarde en syn dochter wurdt ek delsketten en rekket yn koma. As it ûndersyk fan 'e plysje him neitiid te lang duorret, giet Kersey sels op 'e siik nei de dieders, om foar eigen rjochter te spyljen. Death Wish krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie in tige beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot Paul Kersey is in polyklinysk sjirurch yn in sikehûs yn Chicago, dy't mei syn frou Lucy en dochter Jordan yn 'e foarstêd Evanston (Illinois) wennet. As it gesin mei Paul syn broer Frank út te iten giet yn in djoer restaurant, nimt de parkearhelp Miguel Javier mei syn mobile tillefoan in foto fan it adres fan 'e Kerseys op it navigaasjesysteem yn 'e auto, nei't er harren foar in beskate jûn takom wike in nij diner yn in restaurant ôfpraten heard hat. Miguel Javier spilet de gevens troch oan syn kriminele maten, dy't op dy jûn by de Kerseys ynbrekke. It itentsje is lykwols oergien om't Paul oproppen is foar tsjinst yn it sikehûs, dat de trije maskere ynbrekkers treffe Lucy en Jordan thús, en de ynbraak feroaret yn hûsfredebrek. De beide froulju wurde finzennommen en de ynbrekkers gizelje Jordan om Lucy te twingen de klûs iepen te meitjsen. As Jordan ien fan 'e mannen besiket del te stekken mei in mês en him yn it gesicht rekket, rint de boel folslein út 'e hân, en wurde sawol Jordan as Lucy delsketten.

By oankomst yn it sikehûs wurdt Lucy dea ferklearre, wylst Jordan in spoedoperaasje ûndergiet en yn koma rekket. Paul en syn opsternate broer Frank moetsje resjersjeurs Kevin Raines en Leonore Jackson, dy't it ûndersyk nei de saak liede. Neitiid bringt Paul Lucy te hôf by har famylje yn Teksas, dêr't Lucy har heit Ben, ta Paul syn feralteraasje, ûnderweis nei hûs fan it begraafplak in pear streupers op syn lân mei in gewear te liif giet. Nei't de streupers útnaaid binne, fertelt Ben oan Paul dat de plysje neat tsjin streuperij docht, sadat er twongen is om sels fanwegen te kommen.

Wer thús yn Evanston hat Paul te krijen mei sliepeleazens en gefoelens fan lulkens en frustraasje. Hy ferliest al rillegau it fertrouwen yn 'e trage fuortgong fan it plysje-ûndersyk, hoewol't Raines him derfan bewissiget dat er goede hope hat om meitiid de dieders te finen. As er op in jûn nei tsjuster ûnderweis nei hûs in pear manlju sjocht dy't in jonge frou lestich falle, grypt er yn, sadat de frou útnaaie kin. Dêrfoar betellet er lykwols sels de priis, mei't de mannen him yninoar slane en skoppe. Dy nachts, as er wekker foar de tillefyzje leit, sjocht er in reklamespotsje fan in pleatslike wapenwinkel. De oare deis giet er dêrhinne, om himsels oer it oankeapjen fan in fjoerwapen te ynformearjen. It winkelfanke, Bethany, fertelt him dat der in lange ferplichte wachtperioade is foar't er in gewear oanskaffe mei. Se riedt him ek oan om in wapenklûs te keapjen, mei't er net wol dat syn wapen stellen wurdt; kûgels dy't dermei ôfsketten wurde, sille streekrjocht weromliede nei him. Paul beslút der earst nochris oer nei te tinken.

Inkele dagen letter wurdt der yn it sikehûs in delsketten bindelid binnenbrocht, by wa't in pistoal út 'e broeksbokse rûgelet as Paul him behannelet. Hy drukt it wapen efteroer en leart himsels op basis fan fideo's op YouTube oan hoe't er mei it pistoal omgean moat. Neitiid begjint er it wapen by him te dragen as er jûns op 'en paad moat. Op in jûn is er tsjûge fan in carjacking, wêrby't in swarte automobilist delsketten en op 'e strjitte smiten wurdt, wêrnei't twa blanke kriminelen syn auto stelle mei syn oantreklike frou der noch yn. Paul brûkt syn pistoal om 'e kriminelen tsjin te hâlden, wêrby't er beide mannen deasjit en de ûntfierde frou befrijt. In omwenjende hat it hiele barren út har finster wei filme mei har mobile tillefoan, en as se de fideo op it ynternet oplaadt, giet dy viral. De ynwenners fan Chicago jouwe Paul neitiid de bynamme de Seineman, om't er sa ûnmeilydsum mei de kriminelen ôfweefd hat. Raines en Jackson, dy't de saak tawiisd krije, stelle fêst dat de Seineman (dy't net werkenber yn byld komt), lofthannich is en gjin ferstân fan fjoerwapens hat, om't er himsels ferwûnet oan 'e hân trochdat er syn pistoal ferkeard beethâldt.

Dat er twa minsken deamakke hat, liket Paul net oermjitte te steuren, en hy beslút neitiid syn figilantisme fuort te setten. As in skoaljonge yn it sikehûs brocht wurdt dy't troch de Iiskoman, in pleatslike drugsdealer, yn 'e ûnderskonk sketten is om't er net foar him boadskiprinne wol, hat Paul syn folgjende slachtoffer fûn. Op ljochtskyndei set er, klaaid yn in hoodie (in trui mei kapusjon), nei de Iiskoman ta en sjit him kalmkes midden yn 'e strjitte dea, wêrnei't er fan ruten spilet wylst de buertbewenners har op 'e foarried drugs fan 'e Iiskokan stoarte. Raines en Jackson fermoedzje dat it om deselde dieder giet as by de mislearre carjacking. Yn 'e media wurdt diskusjearre oer de fraach oft de Seineman no in seine of in flok is foar de stêdekloft fan Chicago.

Net folle letter komt Paul fia syn wurk yn it sikehûs troch klearebare tafal de dieders fan 'e ynbraak yn syn hûs en de moard op syn frou op it spoar. Miguel Javier, de parkearhelp fan it restaurant, wurdt nammentlik trochsingele mei kûgels binnenbrocht yn 'e polyklinyk. Paul ken him werom oan syn tatoeaazje en sjocht dat de jonge ien fan 'e horloazjes draacht dy't út syn hûs stellen binne. As Miguel Javier oan syn ferwûnings beswykt, nimt Paul it horloazje werom en drukt ek de mobile tillefoan fan 'e jonge efteroer. Dêryn fynt er de foto fan it navigaasjesysteem yn syn auto werom, sadat er begjint te begripen hoe't Miguel Javier by de ynbraak belutsen wie. In tillefoannûmer yn it mobyltsje liedt him nei in sliterij dy't in fasade blykt te wêzen foar it helen fan stellen guod. De eigner, in keardel mei in hynstesturt, beseft wa't Paul wêze moat en stjoert in sms-ke oan ien fan 'e ynbrekkers, dy't bekend stiet ûnder de bynamme 'Fisk' (om't syn echte efternamme Karp is, Ingelsk foar "koarper").

As de heler ûnder bedriging mei it pistoal Paul meinimt nei it magazyn dêr't it stellen spul opslein leit, fynt Paul dêr syn twadde horloazje en inkele oare besittings werom. Fisk kringt it gebou yn en begjint in sjitpartij, wêrby't er lykwols by fersin de heler deasjit. Nei't Fisk syn wapen leechsketten hat, wurdt Paul him oermânsk. As er de man befreget, hâldt dy út dat Lucy deasketten is troch in oare ynbrekker, in monteur dy't Joe hjit. In momint fan ûnoplettendheid kostet Paul hast it libben as Fisk him delslacht en de rollen omdraait, mar ear't er Paul deasjitte kin, rôlet der in bowlingbal fan in planke boppe him dy't yn it gefjocht oanstompt is, en falt him holle. Heal bewusteleas fan dy klap stroffelet Fisk foaroer en sjit him by fersin sels troch de holle.

Yn syn haast om dêrnei fuort te kommen, ferliest Paul in ring mei de namme fan 'e universiteit dêr't er oan studearre hat, dy't er noch mar krekt weromfûn hie yn it magazyn fan 'e heler. Raines en Jackson fine letter de ring werom en bringe Paul in besyk om him te fertellen dat se in nije oanwizing fûn hawwe. Se ferwachtsje dat it ûndersyk nei de moard op syn frou no mei gauwens oan it rôljen komme sil, mei't de beide deade mannen de resjersjeurs grif nei de oare dieders liede sille. Om Paul hoecht dat lykwols no net mear; hy is der no op út om sels wraak te nimmen. Dêrom ferneatiget er de mobile tillefoanen fan 'e beide deade mannen, dy't er meinommen hie, en teffens soarget er dat de opnamen fan 'e befeiligingskamera's út 'e sliterij folslein ûnbrûkber wurde foar't er se fuortsmyt.

Paul spoart Joe de monteur op en siket him jûns let op yn syn garaazje. Hy ken him wer oan 'e groede yn syn gesicht dêr't Jordan him in jaap mei in mês jûn hat, slacht him bewusteleas, bynt him fêst en martelet him, as er wer bykommen is, oant er de trêde ynbrekker beneamt, de lieder fan 'e groep, dy't Knox hjit. Dat blykt de wiere moardner fan Lucy te wêzen. As Joe dat einlings allegear opbychte hat, fertelt Paul dat er him leaut, wêrnei't er de krik ûnder in auto weiskuort, sadat dy Joe op 'e holle falt, wêrby't er omkomt.

Ta Paul syn ferrassing nimt Knox net lang dêrnei út himsels kontakt mei him op, om in moeting te regeljen yn in nachtklub. Se treffe inoar dêr by de húskes, en hoewol't se inoar besward hiene allinne mar prate te wollen, iepenje se allebeide fuortendaliks it fjoer. Knox, dy't in mûklaach opset hie, tinkt dêrby oan it langste ein te lûken, mar úteinlik reitsje beide mannen ferwûne. Paul wit fuort te kommen en behannelet himsels mei in spegel en genêskundige foarrieden dy't er út it sikehûs stelt, wylst Knox himsels foardocht as in tafallich slachtoffer fan 'e sjitpartij en yn it sikehûs in sinjalemint fan Paul ôfjout oan 'e plysje.

Underwilens binne Raines en Jackson erchtinkend wurden oer de saak-Kersey, mar se ornearje dat Paul syn opljeppende broer Frank, dy't krekt as Paul loftshannich is, de Seineman wêze moat. Se hawwe lykwols net genôch bewiis om him te arrestearjen. Frank, dy't no ûngerêst wurdt oer it nuvere hâlden en dragen fan syn broer de lêste tiid, giet nei Paul ta, en as er Paul net thús treft, lit er himsels deryn mei de kaai dy't Paul him ea sels jûn hat. Binnendoar ûntdekt er in see fan bewizen dat Paul de Seineman is. Nei't Paul letter thúskomt, redendiele de bruorren mei-inoar, en as Raines en Jackson oanbelje, dy't ûnderwilens ûntdutsen hawwe dat Paul ek loftshannich is, docht Frank iepen en poeieret harren ôf. Inkele minuten letter skillet it sikehûs op mei it berjocht dat Jordan wekker wurden is út har koma. Dêrop seit Paul tsjin syn broer dat it "foarby" is en dat er net mear efter Knox oan gean sil om't Jordan him no nedich is.

In foech wike letter hellet Paul Jordan op út it sikehûs om har thús te bringen. Se diele de lift nei ûnderen mei Knox, dy't ek út it sikehûs ûntslein is. Dyselde is dúdlik benaud dat Jordan him identifisearje kin. Yn in petear dat er mei har oanknoopt, uteret er inkele drigeminten dy't sa subtyl binne dat Jordan se net as sadanich weromken. Mar se binne eins ek bedoeld foar Paul. Dêrom giet Paul noch dyselde deis werom nei de wapenwinkel fan Bethany, dêr't er op legale wize in pear fjoerwapens oanskaft.

In pear wiken letter wurdt Paul jûns let immen gewaar dy't troch de tún slûpt. Hy ferberget Jordan yn in behindich kastke ûnder de trep, set in swier meubel foar it doarke en jout har opdracht de plysje te skiljen, wylst er sels nei boppen giet. As Knox en twa nije trewanten it hûs ynkringe en op 'e siik geane nei Paul en Jordan, deadet Paul de beide oare mannen yn 'e sliepkeamer. Neitiid giet er sels ûnder op jacht nei Knox, mar dy komt him oer it mad, sjit him yn it skouder en ûntwapenet him. Dêrnei fertelt er Paul dat er Jordan, dy't noch altyd opsletten sit yn it kastke ûnder de trep, libben ferbaarne sil troch it hûs yn 'e brân te stekken. Paul hat, sa blykt no, lykwols ek de salontafel kocht mei in geheim kompartimint foar in mitrailleur, dy't Bethany him besocht oan te smaren, dat hy hellet ynienen it wapen te foarskyn en sjit Knox dea.