Kerkbuurt (Westfrysk: Tjerkebuur) is in buorskip yn it westen fan 'e gemeente Medemblik.

It buorskip ûntstie yn 'e tiid dat it doarp Andyk noch gjin echte fêste wenkearn hie. It hearde ta in oantal buorskippen dat ûntstie út túnkershúskes. De measte fan dy buorskippen binne ferdwûn of opgien yn it hjoeddeiske doarp Andyk. Kerkbuurt is as buorskip wol bleaun om't dizze westlik leit fan 'e wenkearn fan it doarp. It plakje krige de namme Kerkbuurt nei't yn 1667 de tsjerke boud waard. Nei de bou fan it tsjerkje groeide it plakje út ta in frij grutte buorskip. Yn 'e 20e iuw waard de buorskip troch lintbebouwing wol dúdlik mei it doarp Andyk ferbûn. Mei Andyk en Bangert waard Kerkbuurt mei ynfong fan 1 jannewaris 2011 ûnderdiel fan 'e gemeente Medemblik.

It besjen wurdich De tsjerke is noch jimmeroan it sintrale plak fan 'e buorskip. De tsjerke wurdt Buurtjeskerk neamt en datearret fan 1667. De tsjerke wurdt hjoed-de-dei net mear as sadanich brûkt en krige in oare funksje.

Kategory:Plak yn Medemblik (gemeente)