thumb|Lucas Bunt Lucas Bunt (Nijehaske, 17 april 1907 - It Hearrenfean, 21 april 1981) wie in Fryske SS'er ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Mei Fransoos Exaverius Lammers, Zacharias Sleijfer en Jan Meekhof behearde er ta de beruchte fjouwer fan Fryslân.Paul van de Water: In dienst van de nazi's. Gewone mensen als gewelddadige collaborateurs, s. 24. Omniboek, Utert, 2020. ISBN 978-9401916097 Hy wie hoarekaûndernimmer en eksploitant fan it Friesch Koffiehuis yn Ljouwert.Lucas Bunt op Beeldbankwo2, beeldbankwo2.nl, sjoen 6-6-2020 Yn 1944 waard er lid fan de Lânwacht. Teffens wied er lid fan de NSB. Hy arbeide in protte op mei de SD Ljouwert.
Op 23 septimber 1947 waard er ta de deastraf feroardiele fanwegen kollaboraasje.Lucas Bunt ter dood veroordeeld, Leeuwarder Courant, 23-09-1947 ANP Nieuwsbericht 23-09-1947 over veroordeling Bunt, ANP nieuwsbericht, 23-09-1947 Letter waard de deastraf feroare yn in libbenslange finzenisstraf. Yn 1959 waard er frijlitten.
Bunt stoar yn 1981 yn de âldens fan 74 jier.Lucas Bunt op genealogieonline, genealogie.nl, sjoen 6-6-2020
Publikaasje Paul van de Water: In dienst van de nazi's. Gewone mensen als gewelddadige collaborateurs. Utjouwerij Omniboek, Utert, 2020. ISBN 978-9401916097
Kategory:Frysk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Lid fan de SS Kategory:Lid fan de NSB Kategory:Persoan berne yn Nijehaske Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1981