The Hobbit: The Desolation of Smaug is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Martin Freeman, sir Ian McKellen en Richard Armitage. De film is basearre op it middelste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De titel betsjut "De Hobbit: De Woastenije fan Smaug". It is it ferfolch op The Hobbit: An Unexpected Journey, út 2012, en it twadde diel fan 'e filmtrilogy The Hobbit, dy't sels wer in prequel foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy The Lord of the Rings.

It ferhaal folget de aventoeren fan 'e hobbit Bilbo Baggins, dy't troch de tsjoender Gandalf behelle is yn 'e kweeste fan in trettjintal dwergen û.l.f. Thorin Ikeskyld om it âlde dwerchske keninkryk fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e draak Smaug. The Hobbit: The Desolation of Smaug krige foar it meastepart positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie yn 'e bioskopen in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar trije Oscars en wûn ferskate oare prizen. It lêste diel fan 'e trilogy, The Hobbit: The Battle of the Five Armies, kaam út yn 2014.

Plot Prolooch The Hobbit: The Desolation of Smaug iepenet mei in koarte prolooch dy't yn 'e gronology fan 'e filmtrilogy spilet foarôfgeande oan it earste diel. De dwerch Thorin Ikeskyld, de erfgenamt fan it Keninkryk fan 'e Ienlike Berch, arrivearret yn 'e herberge De Stegerjende Kêde yn Bree. Hy is oer de Alde Súdwei noardoan kommen, nei't er Dunlân trochkrúst hat op 'e siik nei syn heit Thráin, dy't yn dy oarde sinjalearre wie. Thorin wurdt op 'e hakken sitten troch inkele hiermoardners, mei't der sûnder syn witten in priis op syn holle set is troch de nekromantikus fan Dol Guldur, in ferrinnewearre fêsting yn it súdlike Brimsterwâld dy't eins ferlitten wêze moatte soe. Yn Bree ferlieze de hiermoardners harren belangstelling foar Thorin as er selskip kriget fan 'e tsjoender Galdalf de Grize. Dyselde sit yn noed oer de draak Smaug. De machten fan it kwea sammelje harren wer en it moat tsjin eltse priis foarkommen wurde dat Smaug him dêr ek by jout.

Gandalf bepraat Thorin dêrom en besykje de Ienlike Berch werom te winnen fan Smaug, dy't it âlde dwergekeninkryk al 171 jier beset hâldt. Gandalf wol dat Thorin de legers fan 'e dwergen gearbringt om dy put te klearjen, mei't de oare dwergekeningen trou sward hawwe oan 'e Kening ûnder de Berch, sa't de titel fan 'e hearsker fan 'e Ienlike Berch is. Thorin bringt him yn 't sin dat se trou sward hawwe oan 'e besitter fan 'e Erkenstien, in reuseftige ealstien fan ûntstellende skientme dy't yn 'e minen ûnder de Ienlike Berch opdold is, en de Erkenstien is mei alle oare rykdommen fan 'e Ienlike Berch yn 'e hannen fan Smaug fallen. Gandalf antwurdet dat se dêrom earst sjen moatte de Erkenstein te stellen. Dêrfoar hawwe se in ynbrekker nedich, en hy wit krekt wêr't se ien fine kinne dy't foar dy rol geskikt is.

De Woastenije fan Smaug Nei harren nuodlike oertocht oer de Diisbergen (sjoch: The Hobbit: An Unexpected Journey) is it selskip arrivearre yn Rhovanion, it Wyldlân. De selskipslju binne Gandalf, Thorin, de tolve oare dwergen (Balin, Dwalin, Fíli, Kíli, Dori, Nori, Ori, Óin, Glóin, Bifur, Bofur en Bombur) en de hobbit Bilbo Baggins, dy't Gandalf útornearre hat as ynbrekker. Se wurde efterfolge troch in kliber oarken ûnder lieding fan Azog de Besmoarger, dy't Thorin syn pake Thror deadien hat en dy't Thorin eigenhandich in earm ôfslein hat. Tusken harren bestiet sadwaande in ûnfersoenbere fijânskip. Ta oermjitte fan ramp is der no ek noch in reuseftige bear op harren spoar kommen. Gandalf liedt harren nei de relative feilichheid fan it hûs fan kunde fan him ta. It blykt te gean om Beorn, in hûdwikselder dy't himsels feroarje kin fan in man yn in bear. It is deselde as de reuseftige bear dy't harren efternei siet. Gandalf seit dat Beorn as bear ûnberekkenber is, mar dat der mei him te praten falt as er syn minsklike stal oannimt. Dêr blykt er gelyk oan te hawwen. As Beorn de oare moarns as man thúskomt, fertelt er harren dat er in hekel hat oan dwergen, mar net sa'n grouwélige hekel as oan oarken. Dêrom biedt er harren syn help oan.

Underwilens is Azog dy nachts ûntbean by de nekromantikus yn Dol Guldur, dy't him oarderet om syn oarken te risselwearjen foar oarloch. Hy draacht dêrnei de jacht op Thorin-en-dy oer oan syn soan Bolg. Op liende hynders fan Beorn en begelaat fan 'e bear berikt it reisselskip dy deis de râne fan it troch kwea alhiel ferwoeksen Brimsterwâld. Dêr treft Gandalf nijeftige graffity yn 'e Swarte Sprake fan Mordor oan op âlde ruïnes. Mei kriget er in telepatysk boadskip fan Galadriel, de elvekeninginne fan Lothlórien, dy't him oantrunet de grêftombe fan 'e heksekening fan Angmar te ûndersykjen, waans swurd koartlyn troch de tsjoender Radagast de Brune oantroffen is yn Dol Guldur. Gandalf beslút dan dat Thorin-en-dy sûnder him fierder moatte. Der rint in âlde, fan 'e elven oanleine wei troch it Brimsterwâld. Gandalf hjit Thorin-en-dy om dat paad del te gean en der út noch yn net fan ôf te wiken, want it kwea yn it wâld beset de sinnen sa, dat se it dan nea wer weromfine sille. Dêrnei set er ôf op syn eigen boadskip en lit harren allinne efter.

Bilbo stelt foar en tsjoch om it Brimsterwâld hinne, mar Thorin en de oare dwergen lizze him út dat se dan twahûndert myl nei it noarden ta reizgje moatte of mear as twa kear sa fier nei it suden. Behalven dat se dan geandefoets in maklike proai foar de oarken wêze soene, dogge se har dat ek net oan tiid, want se moatte de Ienlike Berch uterlik op 'e Dei fan Dúrin berikke. Thorin hat nammentlik fia Gandalf in kaai fan in ferburgen sydpoarte fan 'e Ienlike Berch fan syn heit Thráin krigen, mei in plattegrûn dêr't op stiet dat it kaaisgat inkeld te finen wêze sil as it "beskynd wurdt troch it lêste ljocht fan 'e Dei fan Dúrin". Dat, se hawwe gjin oare kar as om it elvene paad troch it Brimsterwâld te aventoerjen. Ienris tusken de beammen reitsje se lykwols al rillegau paadbjuster. Nei't se ferskate dagen yn rûntsjes omrûn hawwe, wurde se oanfallen troch de grutte spinnen fan it Brimsterwâld, dy't harren ferdôvje en bewuolje yn spinreach.

Bilbo is de iennichste dy't wit te ûntsnappen mei de help fan 'e elfske dagge dy't er út 'e skathuorde fan 'e trollen krigen hat (sjoch: The Hobbit: An Unexpected Journey). As er der in spin mei stekt, kryt dy: "Au, au, dat stekt!" en Bilbo beslút syn 'swurd' dan de namme Stek te jaan. Nei syn ûntsnapping docht er de goudene ring om 'e finger dy't er yn 'e grotten yn 'e Diisbergen fûn hat en dy't him ûnsichtber makket (sjoch: The Hobbit: An Unexpected Journey). Op dy wize slagget it him om al syn reismaten te befrijen. As de spinnen foar it ferstân krije wat der bart, falle se mei man en macht de dwergen oan. Underwilens is Bilbo syn ring kwytrekke. Hy slachtet in spin ôf om it sieraad werom te krijen en as er neitiid wat ta himsels komt, begjint er foar it earst te begripen wat in dûnkere ynfloed de ring op him útoefenet.

De restearjende spinnen wurdt mei ôfweeft troch de boskelven fan it noardlike Brimsterwâld, dy't oanfierd wurde troch de elvinne Tauriel en Legolas, de soan kening Thranduil. Tauriel rêdt dêrby de dwerch Kíli fan 'e dea, mei as gefolch dat Kíli fuortendaliks smoarfereale op har wurdt. De dwergen wurde lykwols finzennommen troch de elven, dy't harren meifiere nei de sealen fan kening Thranduil. Bilbo, dy't net opmurken is, hat de ring wer omdien en folget harren ûnsichtber nei binnen ta. As Thorin foar kening Thranduil brocht wurdt, easket Thranduil yn ruil foar syn stipe in diel fan 'e skat fan Smaug op. It is Thorin lykwols noch net fergetten dat Thranduil de dwergen fan 'e Ienlike Berch 171 jier lyn syn rêch takearde doe't se syn help brek wiene nei't Smaug harren út harren keninkryk ferdreaun hie. Hy wol dan ek neat mei Thranduil te krijen hawwe. Fan gefolgen wurdt er mei syn reismaten yn 'e tsjerkers fan it paleis opsletten oant er him betinkt. Thranduil hâldt him foar dat hûndert jier mar in amerijke is foar de ûnstjerlike elven.

Under syn finzenskip komt Kíli troch lange petearen better yn 'e kunde mei Tauriel, dy't syn gefoelens liket te beäntwurdzjen. Hja sit der sels ek wat nuver foar, mei't Legolas in ûnbeäntwurde leafde foar har opfette hat, wylst syn heit Thranduil der neat fan witte wol dat syn soan trouwe sil mei in sljochtwei boskelvinne. Underwilens ûntdekt Bilbo, yn syn ûnsichtber omdoarmjen troch de sealen fan Thranduil, in mooglike ûntsnappingsrûte yn 'e kelders, dêr't lege wynfetten troch in lûk omleech litten wurde om al driuwende yn in beek nei de Boskrivier te streamen. Dêre wurde se dan opfandele troch minsklike keaplju út Esgaroth-oan-de-Langmar. Bilbo wit de kaaien fan 'e sellen te besetten en lit de dwergen frij. Hy liedt harren nei de kelders ta dêr't er harren allegear yn in fet pleatsnimme lit om dan it lûk te iepenjen.

De dwergen driuwe yn 'e fetten fuort, mar tsjin dy tiid hat Legolas harren ûntsnapping al opmurken. Hy en Tauriel sette de efterfolging yn. Underwilens wurde Bilbo en de dwergen bûten de elfske gerjochtichheid opwachte troch Bolg en syn oarken. De dwergen en de elven komme sa oan deselde kant te fjochtsjen, wêrby't Kíli yn syn skonk rekke wurdt troch in oarkske pylk. It is oan 'e help fan Legolas en Tauriel te tankjen dat de dwergen it faaie libben derôf witte te rêden. Se berikke de Boskrivier, dêr't de fetten opwachte wurde troch in skûtsjeskipper dy't fan Bard hjit. Hy lit him troch de dwergen omkeapje om harren Esgaroth-oan-de-Langmar binnen te smokkeljen, dat yn 'e folksmûle 'Marstêd' neamd wurdt.

Yn 'e tuskentiid binne Legolas en Tauriel mei Narzug, in oark dy't se finzennommen hawwe, weromkeard nei de sealen fan 'e boskelven. Dêr wurdt de finzene befrege troch Thranduil sels. Narzug fertelt dat er ien fan 'e dwergen, "de swarthierrige bôgesjitter", rekke hat mei in fergiftige pylk, dat dy sil net lang mear libje. Tauriel ferliest dêrop har selsbehearsking en wurdt troch Thranduil fuortstjoerd. Neitiid bringt Narzug op 'e fragen fan 'e elvekening út dat in kweadaardige master fan 'e oarken weromkommen is te Dol Guldur en dat de oarloch op it punt stiet om út te brekken. Thranduil tinkt dat er de kommende stoarm trochstean kin troch syn keninkryk fan 'e bûtenwrâld ôf te sluten, dat hy stjoert Legolas om 'e poarten te fersegeljen. De poartelju fertellen Legolas lykwols dat Tauriel derút gien en ôfset is, en Legolas giet har efternei. As er har ynhellet, fertelt se him dat se it net iens is mei Thranduil syn belied fan isolasjonisme en dat se fan doel is de dwergen werom te finen en harren te helpen. As blykt dat Legolas har dat idee net ûntprate kin, jout er him by har.

Underwilens ûndersykje Gandalf en in oare tsjoender, Radagast de Brune, de grêftomben fan 'e heksekening fan Angmar en de oare Nazgûl, dy't leech blike te wêzen. Dêrop reizgje se nei Dol Guldur ta, dêr't Gandalf de ruïnes fan 'e âlde fêsting binnengiet. Radagast stjoert er nei Galadriel ta om har om help te freegjen. De ruïnes blike grôtfol oarken en wearwolven te sitten, en Gandalf moat drave foar syn libben. Op syn flecht wurdt er opkeard troch de nekromantikus, dy't gjin gewoane minske is, mar de âlde kweageast dy't foargoed ferslein tocht wie: nimmen oars as Sauron sels. Hy oermasteret Gandalf en set him finzen. Ut syn koai wei sjocht de tsjoender in mânsk leger oarken út Dol Guldur ôfsetten nei it noardeasten.