The Lord of the Rings: The Two Towers is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2002 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Elijah Wood, sir Ian McKellen en Viggo Mortensen. De titel betsjut "De Hear fan 'e Ringen: De Twa Tuorren". De film is basearre op it boek The Two Towers. It is it twadde diel fan The Lord of the Rings, in filmtrilogy basearre op 'e ferneamde romantrilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. De film is it ferfolch op The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, út 2001.

It ferhaal folget de leden fan it Selskip fan 'e Ring no't dat útinoar rekke is: de hobbits Frodo en Sam ferfetsje harren wei nei it ôfgryslike lân Mordor om dêr de Iene Ring fan 'e kweageast Sauron te ferneatigjen troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten. Hja fine in net rjocht betroubere gids yn it ferriedlike wêzen Gollum. Underwilens jeie de minske Aragorn, de elf Legolas en de dwerch Gimli de oarken efternei dy't harren maten Merry en Pippin ûntfierd hawwe. Sawol de jagers as de ûntfierders sille behelle reitsje yn it krewearjen fan 'e boasaardige tsjoender Saruman om troch oarloch en ferwoastging it lân Rohan ûnder syn macht te bringen.

The Lord of the Rings: The Two Towers waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wurdt rûnom beskôge as in kearpunt op it mêd fan 'e filmkeunst, û.m. troch it baanbrekkende gebrûk fan motion-capturetechnyk foar it werjaan fan 'e personaazjes Gollum en Beamburd. De film wûn twa Oscars, in Grammy Award, in Hugo Award, in Nebula Award, trije BAFTA's, fjouwer Saturn Awards, twa Satellite Awards, in Empire Award en ferskate oare prizen. It ôfslutende diel fan 'e trilogy, The Lord of the Rings: The Return of the King, kaam út yn 2003.

Plot Nei it útinoarfallen fan it Selskip fan 'e Ring (sjoch: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring) sette de hobbits Frodo Baggins en Samwise Gamgee harren kweeste fuort nei it tsjustere ryk Mordor, dêr't de kweageast Sauron hearsket dy't hiele Midierde ûnder syn bewâld bringe wol. Sûnder de Iene Ring, dêr't er in grut diel fan syn macht yn stoppe hat, sil Sauron lykwols nea folslein wêze, dat hy siket der sûnder ophâlden nei, sels wylst er risselwearret foar in lêste oarloch tsjin eltsenien dy't him noch yn 't paad stiet. De ring is fia-fia yn it besit kommen fan Frodo, dy't de taak op him nommen hat om it ûnding nei de Doemberch, midden yn Mordor, te bringen. De ring kin nammentlik inkeld ferneatige wurde yn deselde fjurren dêr't er ek yn smeid wurden is.

Mank de rotsheuvels fan 'e Emyn Muil reitsje Frodo en Sam lykwols al rillegau paadbjuster. Ta oermjitte fan ramp ûntdekke se dat se folge wurde troch it walchlike wêzen Gollum, dat de Iene Ring foarhinne ek yn besit hân hat. Gollum is troch de Ring folslein ferwrongen ta in karikatuer fan syn eardere sels, en al syn dwaan en litten is derop rjochte om 'e ring, dy't er syn "leafling" neamd, op 'e nij yn 'e hannen te krijen. Frodo en Sam fange Gollum, en Sam wol it wêzen út 'e ljochten helpe, mar Frodo, dy't sterk te lijen hat fan 'e ynfloed fan 'e ring en yn Gollum syn eigen foarlân sjocht, kriget begrutsjen mei it skepsel. Gollum spilet dêrop yn troch oan te bieden om 'e beide hobbits, dy't dúdlik ferdwaald binne, nei de Swarte Poarte fan Mordor te lieden. Ta ôfgriis fan Sam nimt Frodo dat oanbod oan.

Underwilens binne de hobbits Merry en Pippin, de maten fan Frodo en Sam, finzennommen en ûntfierd troch in groep oarken dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e tsjoender Saruman. Dyselde hat syn bûnsgenoaten ferret en is oerrûn nei de kant fan Sauron, wêrnei't er yn syn bolwurk Isengard in eigen leger oarken gearstald hat. De oarken dy't Merry en Pippin meifiere, wurde geandefoets efterfolge troch trije jagers: de minske Aragorn, de elf Legolas en de dwerch Gimli, dy't bestek hawwe op it befrijen fan 'e beide hobbits. Underweis nei Isengard wurde de oarken yn it Keninkryk Rohan leechlein troch in kloft hynstefolk ûnder lieding fan Éomer, de omkesizzer fan kening Théoden fan Rohan. Hja slane alle oarken dea en smite de kadavers neitiid op in bulte dy't se yn 'e brân stekke.

Neitiid komme Éomer en syn mannen Aragorn, Legolas en Gimli tsjin, en as dyselden neifraach dogge oer in groep oarken, leit Éomer harren út hoe't it mei dyselden beteard is. Hobbits hawwe de Rohirrim net sjoen. Éomer fertelt dat er út Rohan ferballe is troch Gríma Wrottonge, de ferriedlike riedshear ûnder waans ynfloed de âlde kening Théoden stiet. Gríma is in strieman fan Saruman, dy't him Éomer syn suster, frouwe Éowyn, ûnthjitten hat as er him helpt Rohan ûnder syn bewâld te bringen. Éomer, dy't yn 'e oertsjûging ferkeart dat hy en syn mannen Merry en Pippin foar oarken oansjoen en by fersin deadien hawwe moatte, jout Aragorn, Legolas en Gimli foar't er trochriidt in pear hynders fan twa fan syn mannen dy't yn it gefjocht mei de oarken sneuvele binne. As de trije freonen neitiid by it plak fan it gefjocht en de brânsteapel oankommen binne, fuort oan 'e râne fan it âlde wâld Fangorn, makket Aragorn út 'e spoaren op dat Merry en Pippin net omkommen, mar ynstee it wâld yn flechte binne.

Yn it wâld Fangorn, dat op in kweade namme leit, moetsje Aragorn, Legolas en Gimli in yn it wyt klaaide tsjoender dy't in fel ljocht útsmyt. Se ornearje dat it Saruman wêze moat en besykje him te deadzjen, mar harren oanfal wurdt sûnder muoite ôfslein. De tsjoender blykt net Saruman, mar de deawaande Gandalf te wêzen, dy't yn in earder stadium fan 'e reis fan it Selskip fan 'e Ring yn 'e Minen fan Moarje yn 'e ôfgrûn fallen wie doe't er in balrog, in demon út 'e Aldste Tiden, besocht tsjin te kearen (sjoch: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring). Gandalf fertelt hoe't er fallendewei nei ûnderen de balrog befocht, en doe yn it wetter ûnder de ierde, en dêrnei by in treppen op oant de heechste berchtop, dêr't er it wêzen einlings oermânsk waard en delsmiet. Hy wie lykwols slim ferwûne rekke en kaam sels ek te ferstjerren, mar hy waard weromstjoerd mei nije krêften om syn taak te folbringen en Midierde te rêden. Sadwaande is er no langer net mear Gandalf de Grize, mar Gandalf de Wite.

Underwilens hawwe ek Merry en Pippin de wer ta libben wekke Gandalf met. Dat barde nei't se fûn en fan in efterfolgjende oark rêden wiene troch Beamburd, in reuseftich beameftich wêzen dat him sels in 'int' neamt. Dyselde hie it derop dat Merry en Pippin ek lytse oarkjes wiene, al hoe't se him ek beswarden dat se hobbits wiene. Gandalf befêstige harren wurden lykwols en frege Beamburd om harren te tinken. Sadwaande nimt de int de beide hobbits mei djip it gefaarlike wâld Fangorn yn, dêr't er in gearkomste fan 'e inten beleit om it nuvere bestean fan hobbits te bepraten.

Gandalf liedt Aragorn, Legolas en Gimli nei Edoras, it haadplak fan Rohan, dêr't kening Théoden residearret yn syn seal Meduseld. Dêr befrijt er Théoden fan in geastlike besetting troch Saruman en de ferriedlike ynskunings fan Gríma Wrottonge. De wer ta syn sinnen kommen Théoden wol Gríma eksekutearje, mar Aragorn bepraat him om dyselde gean te litten, wêrnei't er útnaait. Théoden is slim ferbûke as er foar it ferstân kriget dat syn ienlingssoan, prins Théodred, koartby sneuvele is yn in skermutseling mei in kliber oarken, wylst syn omkesizzer Éomer ferballe en om utens is, mei alle trouwe mannen dy't er sammelje koe (ferskate tûzenen). As dúdlik wurdt dat Saruman, no't er Rohan net troch tsjoenderij feroverje kin, syn hiele leger fan mear as tsientûzen oarken út Isengard wei nei Rohan opmarsjearje lit, oppenearret Gandalf dat Théoden al syn mannen gearbringe moat om it leger fan 'e fijân yn 'e mjitte te gean. Dat liket Théoden wol nei fleanen, en hy beslút om him werom te lûken yn 'e sterke fêsting Helmsdjip, dêr't syn foarfaar Helm iuwen lyn ek in winter lang in grutte belegering trochstien hat. Gandalf set ôf nei it noarden om Éomer en syn leger te sykjen.

Gollum liedt Frodo en Sam ûnderwilens út 'e grimelgrammel fan heuvelrêgen wei dy't de Emyn Muil is. Dêrnei wiist er harren it paad dwers troch de Deademanssompen hinne. As se oarekant de sompen lykwols by de Swarte Poarte komme, de tagong ta it lân Mordor, dat fierders oeral troch hege en ûntagonklike berchtmen omjûn wurdt, docht bliken dat de poarte fierstente swier bewekke wurdt om dertroch glûpe te kinnen. Frodo en Sam wolle it mei de moed der wanhoop dochs besykje, mar Gollum hâldt harren tsjin en oppenearret dan foar it earst dat er noch in oare wei wit om yn Mordor te kommen, oer de Pas fan Cirith Ungol.

Op syn weromtocht nei Helmsdjip nimt Théoden alle froulju en bern út Edoras mei, sadat syn opmars mar tige stadich giet. As Saruman dat te witten komt, stjoert er in kliber oarken op wearwolven út om 'e Rohander kolonne oan te fallen. Underweis komt Aragorn yn 'e kunde mei frouwe Éowyn, en hy liket net foar it ferstân te hawwen dat sy fereale op him oan it reitsjen is. Ear't de kolonne Helmsdjip berikke kin, dogge de wolveriders der in wraam op. De oanfal wurdt ôfslein, mar Aragorn wurdt troch in flechtsjende wearwolf meiskuord oer de râne fan in klif en falt djip omlegen yn in rivier. Kening Théoden, Legolas en Gimli geane derfan út dat er omkommen is. Aragorn spielt lykwols oan by in bocht yn 'e rivier, dêr't syn hynder Brego him fynt en him, earst noch heal yn 'e sûs, nei Helmsdjip bringt.

Yn Rivendell praat Elrond ûnderwilens yn op syn dochter Arwen, dy't har hert oan Aragorn ferpâne hat. Hy hâldt har foar dat Aragorn net út 'e oarloch weromkeare sil, en sels as er dat wol docht, dan noch sil sy, in ûnstjerlike elvinne, him tûzenen jierren oerlibje. Hy stiet der tige by tige by har op oan om ôf te setten nei Valinor, de Unstjerlike Lannen fan 'e elven, oarekant de Westlike See. Mei tsjinnichheid jout Arwen úteinlings ta en ferlit se mei de oare elfske fammen Rivendell om nei de Grize Havens reizgjen en dêr skip te gean nei it Uterste Westen. Galadriel, de elvekeninginne fan Lothlórien, nimt telepatysk kontakt op mei Elrond en oertsjûget him derfan dat de elven harren alâlde bûnsgenoatskip mei de minsken earje moatte troch harren yn 'e striid tsjin Sauron en Saruman te helpen.

Yn Fangorn is de gearkomste fan 'e inten it einlings iens wurden dat hobbits besteane en dat se gjin oarken binne. Merry en Pippin steane der by de beameftige wêzens op oan om Rohan te helpen yn 'e oarloch tsjin Saruman, mar de inten hâlde út dat se gjin partij binne yn dat konflikt. De gearkomste einiget dêrtroch yn in ôfdijer foar de beide hobbits. Neitiid freget de slûchslimme Pippin lykwols oan Beamburd oft er him en Merry yn 'e rjochting fan Isengard bringe kin. It docht bliken dat de oarken fan Saruman dêr in hiel stik fan Fangorn oan 'e grûn ta kappe hawwe om oan branje te kommen foar de smidsfjurren fan Isengard. Beamburd ûntstekt yn razernij as er dy ferwoastging sjocht, dy't er opfettet as in foarm fan ferrie. Hy ropt de oare inten te help, dy't krekt-en-gelyk reägearje. Sûnder fierder opûnthâld sette de inten op Isengard ta, dêr't se de efterbleaune oarken deadzje en alle moles en smidten mei de grûn lyk meitsje. Beamburd ferrinnewearret ek in keardaam, sadat hiel Isengard derûnder strûpt en Saruman yn syn toer, de Orthanc, midden yn in mar finzen komt te sitten.