It Festival fan de Nije Sinema (Frânsk: Festival du Nouveau Cinéma) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Kanadeeske stêd Montreal. It evenemint bestiet sûnt 1971 en duorret altyd tolve dagen. It Festival fan 'e Nije Sinema is it âldste filmfestival fan Kanada. De oarspronklike namme wie Festival International du Cinéma en 16mm de Montréal. It festival feroare dêrnei fiif kear fan namme, en krige de hjoeddeistige namme yn 2004. Op it Festival fan 'e Nije Sinema wurde ûnôfhinklike films út 'e hiele wrâld fertoand oan in publyk dat elts jier út mear as 160.000 persoanen bestiet. __NOTOC__ Seksjes De films dy't fertoand wurde op it Festival fan 'e Nije Sinema wurde opdield yn 'e folgjende seksjes: Compétition internationale: in ynternasjonale kompetysje fan ûnôfhinklike films Compétition nationale: in nasjonale, Kanadeeske kompetysje fan ûnôfhinklike films Temps Ø: in seleksje films fan drystmoedige rebelske filmmakkers Incontournables: in seleksje fan nije films fan 'e grutste nammen yn 'e filmyndustry Les Nouveaux alchimistes: in seleksje eksperimintele films dy't de regels brekke en op 'e siik geane nei it ûnbeheinde potinsjeel dat de filmkeunst biedt Panorama international: in seleksje ynternasjonale spylfilms Histoire(s) du cinéma: in seleksje fan retrospektiven op films dy't fan grutte ynfloed op 'e filmskiednis west hawwe Présentations spéciales: in eklektyske seleksje fan ûngewoane films P'tits loups: in seleksje nije bernefilms Les Rencontres pancanadiennes du cinéma étudiant of RPCE: in nasjonale Kanadeeske kompetysje fan koarte films makke troch studinten oan 'e filmakademy
Fierders is der ek FNC Explore, in programma op it mêd fan ynteraktive produkten en firtuele reäliteit dat foar eltsenien tagonklik is, en it FNC Forum, in moetingsplak foar lju dy't har wurk hawwe yn 'e filmyndustry.
Prizen De folgjende prizen wurde útrikt op it Festival fan 'e Nije Sinema: Louve d'Or Daniel Langlois Innovation Award Prix d'Interprétation Fipresci Prize Loup Argenté Grand Prix Focus Short Film Temps Ø People's Choice Award Nouveaux alchimistes Prize Experimentation Award Dada Award P'tits Loups Award
Keppelings om utens Offisjele webside fan it Festival fan 'e Nije Sinema
Kategory:Montreal Kategory:Evenemint yn Kebek Nije Sinema Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1971