thumb|250px|De rûnwei fan Ljouwert De Ring Ljouwert of de rûnwei fan Ljouwert is de ringwei fan Ljouwert. De rûnwei bestiet út twa parten, de oarspronklike rûnwei út de 1950-er en 1960-er jierren en in part dat yn de 1980-er jierren oanlein waard as de nije eastlike rûnwei. De rûnwei leit njonkelytsen net mear 'om', mar yn Ljouwert. Om de nije neikriichske wenwiken goed oanslute te litten, waard de rûnwei doe oanlein.
De Ringwei bestiet út twa nûmere wegen:
N355 (Ring Ljouwert-noard) N357 (Ring Ljouwert-west en -súdwest)
Strjitnammen De dyk is bekend ûnder de nammen (mei de klok mei):
Dammeleane Grinzerstrjitwei Anne Vondelingwei Aldlansdyk Julianaleane Heliconwei Faleariusstrjitte
De oarspronklike eastlike rûwei hat de nammen: Archipelwei, Pieter Stuyvesantwei en Drachtsterwei. Dy part wurdt lykwols offisjeel net mear as part fan de rûnwei sjoen.
Oanslutings De Ring Ljouwert hat mei de klok mei de folgjende wichtige oanslutings:
Grinzerplein yn it noardeasten, de N355, de streekrjochte wei fan Ljouwert nei Grins. Drachtsterplein yn it súdeasten, jout oansluting op de N31 nei Drachten. Krusing mei de N32 yn it suden, de autodyk nei It Hearrenfean en Swol. Jeropaplein yn it westen, oansluting fan de Harnzerstrjitwei (N383), jout oansluting mei de A31, Harns, Ofslútdyk en Amsterdam. Krusing met de Mr. P.J. Troelstrawei (N357), oansluting nei Stiens en it noarden fan Fryslân.
Maksimumfaasje De Ring Ljouwert is gjin autodyk of -wei en leit alhiel yn de beboude kom, en der jilde de maksimumfaasjes fan 50 km/o (foar de parten Noard en West) en 70 km/o (foar de parten Súd en East). By de ring del waarden der twa reade ljochtkamera's pleatst, dy't tagelyk ek kontrolearje op faasje.
Breedte fan de dyk It part Julianaleane en Faleariusstrjitte is in 1 rydbaan mei 1 rydstripe de rjochting. Op dat part is it meastentiids tige drok, mar omreden brekme oan romteis it net mooglik him út te wreidzjen ta 2 x 2 rydstripen. Dat part fan de ring befettet trije minirotondes en ien grutte rotonde (Jeropaplein). It grutste part fan de ring (Dammeleane, Grinzerstrjitwei, Anne Vondelingwei en Aldlansdyk) is útgfierd as 2 x 2 rydstripen.
Op it Drachtsterplein komme bredere diken foar om de trochstream by ferkearsljochten fuort te sterkjen. Ek op it drokke Eastergoaplein binne der plannen foar in koarte tredde rydstripe fan de Van Harinxmabrêge ôf rjochting Aldlansdyk om de trochstream by de ferkearsljochten fuort te sterkjen, lykas op ringwegen fan oare (middel)grutte stêden ek gauris foarkomt.
Heak om Ljouwert De Heak om Ljouwert is in nije wichtige rûnwei om Ljouwert. It kin suver as in soarte bûtenring sjoen wurde, wylst de besteande rûnwei as binnenring. De diken A31 (Harns-Ljouwert), A32 (It Hearrenfean-Ljouwert) en N31 (Drachten-Ljouwert) einigen foarhine op besteande ring op it Jeropaplein, Eastergoaplein en it Drachtsterplein. Om de drokte op de hjoeddeistige ring fuort te nimmen, waard de Heak om Ljouwert boud. De trije rykswegen slute streekrjocht op de nije dyk oan. Fan de Heak ôf waarden der nije ôfritten nei de hjoeddeistige ring boud.
Rûte Noard Mr. P.J. Troelstrawei Stiens/Faleariusstrjitte Harns Dammeleane Begjin trajektdiel N355 Jelsumerstrjitte/Wollegaast Luchtenrek Dokkumer Ie Goudenreinstrjitte Professor Mr P.S. Gerbrandywei Jan Evenhuisstrjitte Grinzerstrjitwei/Lekkumerwei Grinzerstrjitwei Tolhûswei,Anne Vondelingwei,Grinzerstrjitwei Dokkum Ein trajektdiel N355 East Tolhûswei, Grinzerstrjitwei Dokkum Anne Vondelingwei Tijsmawei Kammingabrêge Kanaalwei/Grovestins Plutowei/Uranuswei Planeteleane Súd Planeteleane,Anne Vondelingwei Wide Greons Aldlânsdyk Autowei Stinzefloara Langdeelstrjitte/Holwoartel Drachtsterwei Drachten Henri Dunantwei/Reidgers Doktor Jacob Botkewei Eastergoawei Oeriselskeleane It Hearrenfean Julianaleane Beatrixstrjitte Irenestrjitte Hobbemastrjitte/Surinamestrjitte Van Loonstrjitte/Middelseeleane Stephensonfiadukt Marshallwei , Boalsert Heliconwei Snitsertrekwei West Snitsertrekwei Harnzer Feart Harnzertrekwei Tesselschadestrjitte Marnixstrjitte P.C. Hooftstrjitte Achlumerstrjitte Rhijnvis Feithstrjitte Jeropaplein, Harnzerstrjitwei Harns Faleariusstrjitte Begjin trajektdiel Wagnerstrjitte/César Franckstrjitte Beethovenplantsoen Telemannstrjitte Beethovenplantsoen Haydnstrjitte Vivaldistrjitte Mr. P.J. Troelstrawei Stiens /Dammeleane Dokkum
Kategory:Wei yn Fryslân Kategory:Strjitte yn Ljouwert Kategory:Ringwei Kategory:Bouwurk út de 20e iuw