Magnum Force is in Amerikaanske plysjefilm út 1973 ûnder rezjy fan Ted Post, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood en Hal Holbrook. De titel betsjut "Magnumkrêft", en ferwiist nei it favorite fjoerwapen fan 'e haadpersoan: de reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver. Magnum Force is de twadde fan fiif films wêryn't Eastwood de rol spile fan 'e bikkelhurde plysje-ynspekteur "Dirty Harry" Callahan. De film folget as sadanich op Dirty Harry, út 1971. It ferhaal folget Dirty Harry as der in rige bekende kriminelen fermoarde wurdt en hy begjint te fermoedzjen dat dêr in plysjeman efter sit. Fan 'e filmkritisy krige Magnum Force oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film ek in grut kommersjeel súkses. De folgjende film yn 'e rige, The Enforcer, kaam út yn 1976.

Plot As maffiabaas Carmine Ricca nei syn frijspraak fan moard omreden fan gebrek oan bewiis yn syn limûsine nei hûs riidt, wurdt er op in stille strjitte yn San Francisco steande holden troch in motorplysje, dy't him, syn beide liifwachten en syn abbekaat Nat Weinstein deasjit. Ynspekteur "Dirty Harry" Callahan besiket it plak delikt mei syn nije partner, de swarte resjersjeur Earlington "Early" Smith, ek al hearre sy beiden undercover yn in winkel te wurkjen dêr't in oerfal ferwachte wurdt. Callahan kriget dêroer wurden mei syn superieur, haadynspekteur Neil Briggs, dy't him net lije mei om't er him net altyd oan 'e regels hâldt, en him dêrom fan 'e ôfdieling Moardsaken ôfhelle hat. Underweis werom nei harren surveillânsepost geane Callahan en Early by in fastfoodrestaurant op 'e lofthaven oan, dat eksploitearre wurdt troch in âld-plysjeman. As der op 'e lâningsbaan in ferkearsfleantúch kaapt blykt te wêzen troch twa kriminelen, lost Callahan de sitewaasje op foar him typearjende wize op ear't Briggs en de FBI arrivearje kinne.

Dy jûns giet Callahan nei de sjitbaan fan 'e plysje, om te trainen foar it jierlikse kampioenskip sportsjitten fan it San Francisco Police Department, dat der mei koarten wer oan komt. Dêr moetet er de ferkearsplysjes Phil Sweet, John Davis, Red Astrachan en Mike Grimes, dy't noch mar krekt fan 'e plysjeskoalle kommen binne. Sweet en fral Davis binne ek geduchte skerpskutters. Dyselde jûns moetet Callahan ek Charlie McCoy, in oan legerwâl rekke motorplysjeman mei wa't er befreone is. McCoy is by de frou wei rekke om't er troch syn wurk geastlik labyl wurden is. Hy is lykwols noch wol yn aktive tsjinst. De útspraken dy't McCoy docht, bare Callahan soargen. De oare deis slachtet in motorplysje mei in mitrailleur yn in bûtenwyk fan San Francisco in stikmannich manlju en jonge froulju ôf dy't in feestje fiere yn en om it swimbad hinne by de filla fan in maffiabaas. Jûns giet Callahan op besite by McCoy syn eks-frou Carol en har trije bern. Hja fertelt him dat McCoy de lêste kear dat er har en de bern opsocht, sittend op 'e bank Russyske rûlette mei syn plysjerevolver begûn te spyljen.

Callahan wurdt by Carol, dy't besiket him mei op bêd te krijen, weiroppen troch in tillefoantsje fan Early, dy't him warskôget dat it no heve sil mei de oerfal op 'e winkel. Callahan hastiget him dêrhinne en giet fia de efterdoar nei binnen ta. As de winkel yndie troch trije man oerfallen wurdt, sjit Callahan twa fan harren dea en Early ien. Dyselde jûns wurdt in swarte prostituee yn in taksy foar it efterhâlden fan jild troch har poaier fermoarde troch har ûntstoppingsmiddel troch de kiel te jitten. Deselde poaier wurdt de oare deis oanholden troch in motorplysje en deasketten. Under druk fan syn bazen set Briggs mei tsjinnichheid Callahan en Early op 'e saak. By it ûndersykjen fan it lêste plak delikt riddenearret Callahan út wat der bard wêze moat en dat de dieder in plysjeman is. Hy nimt oan dat it Charlie McCoy wêze moat. Dy deis moetet Callahan yn 'e hal fan syn appartemintekompleks de jonge Aziatyske frou Sunny, dy't dêr ek wennet. Se freget him wat se dwaan moat om mei him op bêd te kinnen; hy seit dat it ornaris wol ta kin mei by syn appartemint oan te klopjen. Dy jûns kloppet se by him oan en reitsje se mei-inoar op bêd.

Letter wurde drugsbaron Lou Guzman en de beide jonge manlike en froulike prostituees dy't by him binne, yn syn appartemint deasketten troch in motorplysje. Op syn flecht komt de motorplysje yn 'e parkearkelder ûnder it appartemintekompleks, dêr't er syn motorfyts stald hat, Charlie McCoy tsjin, dy't him krekt eefkes opfrist hat nei't er fuortby it gebou in lytse oanriding mei in auto hân hie. De oare motorplysje sjit McCoy dea om gjin tsjûgen te hawwen. It appartemint fan Guzman waard lykwols út it foaroerlizzende gebou yn 'e gaten holden troch Callahan syn âlde partner Frank DiGiorgio en in oare plysjeman. Dy beiden hawwe sjoen hoe't McCoy fuort foar de moarden oanriden is. Callahan giet nei Briggs ta mei syn teory dat McCoy de moardner is, mar Briggs helpt him fluch út 'e dream, om't McCoy krekt ien fan 'e slachtoffers is: syn stoflik omskot is yn 'e parkearkelder fûn troch syn kollega John Davis. Neitiid begjint Callahan Davis en dy syn trije maten te fertinken, mei't er net goedkrije kin hoe't Davis flugger yn it appartemintekompleks fan Guzman wêze koe as DiGiorgio.

Op it sportsjitkampioenskip fan 'e plysje ferliest Callahan yn 'e finale fan Davis, om't er by in neibearde sjitpartij by fersin in doelwyt yn plysjeklean delsjit. Neitiid lient er Davis syn Colt Python by wize fan bewûndering fan it fjoerwapen en sjit der in pear kûgels mei ôf. Mei ien dêrfan rekket er by ûngelok mei sin in doarstile op 'e sjitbaan. Nei tsjuster, as de sjitbaan folslein ferlitten is, komt er werom en peuteret de kûgel út it hout om him mei ballistysk ûndersyk te ferlykjen mei in kûgel dy't yn 'e auto fan 'e poaier oantroffen is. As de markearrings op 'e kûgel oerienkomme, befêstiget dat syn fermoeden dat Davis en syn maten in geheim deadseskader binnen it San Francisco Police Department foarmje, dat ferantwurdlik is foar alle moarden. Briggs liket soks wol nei fleanen; hy negearret Callahan syn bewearing dat de dieder of dieders ien of mear plysjes binne en hâldt fol dat Frank Palancio, in hiermoardner fan 'e maffia, efter de moarden sitte moat.

Callahan twingt Briggs om him Davis en Sweet te lienen foar de arrestaasje fan Palancio. Dyselde wurdt lykwols foarôf tillefoanysk warskôge dat men fan doel is him te fermoardzjen en dat de dieders ferklaaid wêze sille as plysjes. Sadwaande begjinne hy en syn trewanten fuortendaliks te sjitten as Davis en Sweet by him oanklopje. Dêrby komt Sweet om it libben. Davis sjit Palancio syn trewanten dea, wylst Palancio himsels deariidt as er yn 'e auto besiket te ûntkommen. As it kantoar fan Palancio trochsocht wurdt, smyt dat hielendal gjin bewiismateriaal op dat him mei de oare moarden yn ferbân bringe kin. Dat befêstiget Callahan nochris yn syn fermoeden. Hy riddenearret dat Sweet opoffere is om him (Callahan) fan it spoar ôf te lieden.

As er letter dy deis thúskomt, wurdt er yn 'e parkearkelder fan syn flatgebou opwachte troch Davis, Astrachan en Grimes, dy't him foar de kar stelle om him by harren te jaan; oars sille se him as harren fijân beskôgje. Callahan stegeret har ôf. Hy ûntdekt in bom yn syn brievebus yn 'e hal fan it flatgebou, en is krekt op 'e tiid om it libben fan Sunny te rêden, dy't syn kaai hat en him syn post bringe soe. Hy wit de bom te ûnmanteljen troch de hiele brievebus los te skroeven (ynstee fan mei de kaai iepen te meitsjen). It is in bom dêr't in timer op sit en dy't dus ek as tiidbom brûkt wurde kin. Callahan besiket Early te warskôgjen, mar kin him net op 'e tiid berikke foar't er syn brievebus iepenet. In twadde bom giet ôf, en Early is op slach dea.

Callahan skillet Briggs op, dy't sels delkomt om 'e bom op te heljen. As se ienris tegearre yn 'e auto sitte, lûkt Briggs lykwols syn pistoal. It docht bliken dat hy de lieder fan it deadseskader is. Hy twingt Callahan om himsels te ûntwapenjen, wylst er it figilantisme fan himsels en de oaren besiket te behimmeljen mei arguminten oer it net-funksjonearjende rjochtsstysteem yn 'e Feriene Steaten. It is dúdlik dat Briggs Callahan earne mei hinne nimme wol om him te fermoardzjen, dat Callahan, dy't efter it stjoer sit, riidt in bus oan om Briggs ôf te lieden, smyt syn pistoal ta it rút út en raamt him dan mei de holle tsjin it dashboard oant er bewusteleas rekket. Grimes, dy't harren op 'e motor folge, set de efterfolging yn as Callahan besiket út te naaien, mar Callahan swaait de auto nei't er in bline bocht nommen hat en riidt Grimes dea as dy om 'e hoeke komt.

Underwilens komme de troch Grimes oer de portofoan warskôge Davis en Astrachan opdaagjen, dy't Callahan efterfolgje nei it terrein fan in skipssloperij. Dêr siket Callahan beskûl yn in âld fleandekskip. Wylst de beide korrupte motorplysjes him troch it tsjustere binnenste fan it skip efterfolgje, ferspilet Astrachan syn munysje troch op syn eigen wjerbyld yn in spegel te sjitten, wêrnei't Callahan him deaslacht. Hy stelt de motorfyts fan Astrachan en springt dêrmei ferskate kearen nei oanbuorjende skippen, efterfolge troch Davis op syn eigen motorfyts. As der gjin dekromte mear oer is, wit Callahan syn motor op 'e tiid te remjen, mar Davis is dêr te let mei riidt de Baai fan San Francisco yn, dêr't er troch de klap bewusteleas rekket en ferdrinkt.

As Callahan wer nei de auto fan Briggs ta mankepoatet, blykt dat dy wer by bewustwêzen kommen is. Hy hat ûnderwilens Callahan syn revolver en kûgels fan 'e efterbank opsocht en bedriget him dêr no mei. Callahan seit dat er Briggs syn deadseskader útrûge hat, mar Briggs antwurdet dat der fan Davis-en-dy ienentweintich yn in snies geane en dat er samar ferfangers foar harren fine sil. Hy kiest derfoar om Callahan net dea te sjitten, mei't er fan doel is om him foar alle moarden opdraaie te litten. Want wa tinkt Callahan no eins dat harren superieuren leauwe sille: immen mei in ûnberisplike steat fan tsjinst, of in ûnstjoerd projektyl as Callahan, dy't krekt trije jonge plysjes deamakke hat? Wylst Callahan, dy't al heal yn 'e auto klommen wie, wer útstapt, aktivearret er ûngemurken de timer fan 'e bom en smyt it ding op 'e efterbank. Briggs stapt yn en riidt fuort. Callahan sjocht him nei oant de bom ûntploft en de auto mei Briggs deryn ferneatiget.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise ynspekteur "Dirty Harry" Callahan Clint Eastwood haadynspekteur Neil Briggs Hal Holbrook

byrollen personaazje akteur/aktrise plysje John Davis David Soul ynspekteur Earlington "Early" Smith Felton Perry plysje Phil Sweet Tim Matheson plysje Red Astrachan Kip Niven plysje Mike Grimes Robert Urich ynspekteur Frank DiGiorgio John Mitchum plysje Charlie McCoy Mitchell Ryan Carol McCoy Christine White Sunny Adele Yoshioka J.J. Wilson (de poaier) Albert Popwell Carmine Ricca Richard Devon Frank Palancio Tony Giorgio Lou Guzman Clifford A. Pellow Nat Weinstein Maurice Argent Walter Jack Kosslyn Estabrook Bob March prostituee Margaret Avery taksysjauffeur Bob McClurg topless frou yn swimbad Suzanne Somers

Produksje en distribúsje Produksje Senarioskriuwer John Milius betocht yn 1970 in plot oer in groep korrupte jonge plysjes dy't yn San Francisco systematysk kriminelen begjinne te eliminearjen. Dêrmei woed er sizze dat der noch mindere plysjes bestiene as Dirty Harry, dy't it rjocht soms ek suver yn eigen hân naam. Terrence Malick yntrodusearre dat idee yn in kladferzje fan it senario fan 'e earste Dirty Harry-film, mar regisseur Don Siegel fûn it mar neat en ferwiisde it nei de foddekoer. Haadrolspiler Clint Eastwood ûnthold it lykwols en letter liek it him in goed útgongspunt ta foar in ferfolchfilm.